Taylor Atelian

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Taylor Atelian
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Taylor Marie Atelian
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 maart 1995
berteplak Santa Barbara (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Armenia.svg Armeensk
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
gjint

Taylor Atelian (folút: Taylor Marie Atelian; Santa Barbara (Kalifornje), 27 maart 1995) is in Amerikaansk aktrise, dûnseresse en sjongster fan etnysk Armeensk komôf. Hja is al aktyf as aktrise sûnt 2001, en is benammen bekend wurden troch har rol yn 'e komeedzjerige According to Jim, wêryn't se de âldste dochter fan it personaazje fan Jim Belushi spile.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Atelian waard yn 1995 berne yn Santa Barbara, yn 'e steat Kalifornje. Fan jongs ôf oan wie se al aktyf as aktrise, en mei seis jier waard se yn 2001 cast yn 'e rol fan Ruby, de âldste dochter fan Jim Belushi en Courtney Thorne-Smith yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje According to Jim. Dêryn ferskynde se yn 'e regel tegearre mei Billi Bruno, dy't de har jongere suske Gracie spile.

Foar har rol yn According to Jim, dy't Atelian ferfolle oant de ein fan 'e searje yn 2009 (doe't se fjirtjin jier wie), waard se fiif kear nominearre foar de Young Artist Award yn 'e kategory bêste optreden yn in tillefyzjesearje, te witten yn 2002, 2003, 2004, 2005 en 2006. Mei har According to Jim-kollega's Jim Belushi, Larry Joe Campbell en Billi Bruno wurke Atelian mei oan in reklamespotsje foar de V-chip (in stikje tillefyzjetechnology dat yn Amearika in protte brûkt wurdt troch âldelju om programma's te blokkearjen dy't se foar har bern net gaadlik achtsje). Fierders spile Atelian ek yn in pear tillefyzjefilms, wêrûnder Mother Goose Parade, út 2008.

Behalven as aktrise is Atelian ek wurksum as dûnseresse, mei't se in oplieding yn tapdûnsjen, ballet en jazzballet folge hat oan 'e Rudenko School of Dance. Hja hat meispile yn ferskate toanielfoarstellings, wêrûnder Alice in Wonderland en Pinocchio, en teffens hie se in rol yn 'e operette Babes in Toyland. Op 't heden is Atelian lid fan 'e fammeband Pink-E-Swear, wêrmei't se oan in popalbum wurket. Teffens is se sûnt 2013 as sjuerylid belutsen by de Amerikaanske berneskientmewedstryd Toddlers and Tiaras.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.