Springe nei ynhâld

Vegelinshof

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Talma Hiem)

Vegelinshof wie in fersoargingshûs foar âlderein op De Jouwer.

Vegelinshof wie neamd nei de aadlike famylje Vegelin van Claerbergen, De earste plannen foar Vegelinshof wiene der al yn 1939. Troch de Twadde Wrâldoarloch waard it gebou pas yn 1956 iepene oan de G.A. Wumkesstrjitte.

Al gau blykte it gebou ferâldere. Yn 1984 wie it nije Vegelin State oan de Slûsdyk klear. De bewenners hiene dêr gruttere apparteminten en in eigen koken. It personiel krige helpmiddels as heech-leech bêden en tilliften. By de ferbouwing fan it Theresiahûs yn 2010 wennen de bewenners dêrfan sa lang yn it leechsteande Vegelinshof. Op it plak fan it eardere Vegelinshof waard nei de sloop yn 2014 it wen-soarchkompleks 'De Werf' boud troch Hof en Hiem.[1]

Vegelin State

De keamers fan Vegelinshof blykten yn de rin fan de tiid noch te lyts te wêzen en it gebou foldie net mear oan de easken. Yn de mande mei de gemeente, de wenningbouferiening en in oare regionale soarchgroep waard besletten om it âlde MULO-gebou oan de Hurddraversdyk om te bouwen ta in nij modern soarchsintrum. Yn 2009 waard de nije lokaasje yn gebrûk nomd. It krige de namme "Vegelin State". Vegelin State krige apparteminten fan 80 oant 120 m² en in opfallend atrium mei in binnentún.

Nei de fúzje fan Doanjewerstâl en Skarsterlân waard besletten om Vegelinshof mei Doniahiem út Sint Nyk bestjoerlik te fusearjen en te privatisearjen. Yn 1992 ûntstie nei de fúzje Hof en Hiem. It is neist in ferwizing nei de namme fan beide fersoargingstehuzen en in ferwizing nei it eigen hof en hiem fan de bewenners.

Nei de Twadde wrâldoarloch hie Sint Nyk twa âldereintehuzen. Nei de oanstelling fan direkteur Jan Veenstra fusearren yn 1980 it roomske kleaster Us Leaffrou fan Lourdes (út 1932) mei it gemeentelike tehûs De Boskrânne (sûnt 1958). It nije tehûs mei de namme Doniahiem waard yn 1980 ûnderbrocht yn de Stichting Aldereinsoarch Doanjewerstâl. Yn it gebou fan De Boskrânne waard de Langwarder bibleteek ûnderbrocht. De keammerkes fan it leaster wiene lykwols sa lyts en boppedat wennen der hast gjin minsken mear yn it kleaster dat it beslút nommen waard yn 1982 besletten om in nij gebou te setten op de lokaasje en it kleaster te slopen. De namme fan it nije gebou wie in ferwizing nei de aadlike famylje Donia dy't lang ferbûn west hie oan Sint Nyk.

Op De Lemmer wiene yn 1988 it tehûs Suderigge renovearre. Omdat der ferlet wie fan gruttere keamers waarde fan twa keammerkes ien makke. Dat late ta minder fersoargingsplakken mar joech ek finansjele swierrichheden. Yn 1996 fusearre it Lemster Suderigge (út 1967) mei Hof en Hiem.

Talma Hiem yn Balk wie oansluten by de Talma Stichting (út 1927), dat neist tehuzen yn Feanwâlden, Dantumawâld en Heech ek tehuzen bûten de provinsje hie. Omdat de stichting finansjele problemen hie waard it Balkster Talma Hiem tusken 1994 en 1996 renovearre. Krektas op De Lemmer rekke it tehûs troch de ferbouwing en minder fersoarginsgplakken yn finansjele problemen. Yn 2000 fusearre Talma Hiem dêrom mei Hof en Hiem.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: