Springe nei ynhâld

Súdskotsk Berchlân

Ut Wikipedy
Súdskotsk Berchlân
  berchtme
It Súdskotsk Berchlân by Durisdeer.
It Súdskotsk Berchlân by Durisdeer.
geografy
lân it Feriene Keninkryk
lânsdiel Skotlân
sifers
lingte 220 km
heechste punt Merrick
hichte 843 m
geology
yndieling leechberchtme
âldens 400 miljoen jr
stiensoarte sedimintêr stiente
kaart
Súdskotsk Berchlân (Skotlân)
Súdskotsk Berchlân
Lizzing yn Skotlân

It Súdskotsk Berchlân is in leechberchtme of in heech heuvelte dat it súdlikste en tinst befolke part fan it Britske lânsdiel Skotlân beslacht. It gebiet leit ynklamme tusken de Ingelske grins yn it súdsúdeasten, en it Sintrale Leechlân fan Skotlân yn it noardnoardwesten. It Súdskotsk Berchlân wreidet him oer in lingte fan likernôch 200 km út, fan Stranraer, yn it westen, oan 'e Ierske See, oant East-Lothian, yn it easten, oan 'e Noardsee. It is fierhinne in plattelânsgebiet mei in protte natoerskientme en in grutdiels agraryske funksje.

It Súdskotsk Berchlân waard ûnder de geologyske perioade fan it Siluer foarme, sa'n 400 miljoen jier lyn. Fan east nei west bestiet it út de folgjende heuvelrigen:

De heechste heuveltop yn it Súdskotsk Berchlân is de Merrick, mei in hichte fan 843 m boppe seenivo. Dêrnjonken binne der noch fjouwer oare toppen boppe de 800 m: de Broad Law (840 m), de White Coomb (822 m), de Cheviot (815 m) en de Corserine (814 m). Seis oare toppen rikke oant tusken de 700 en 800 m boppe seenivo. Yn it gebiet leit ek Wanlockhead, dat op 430 m boppe seenivo it heechst leine doarp fan it Feriene Keninkryk is.

Loch Skeen by 't winter.

It Súdskotsk Berchlân wurdt ûntwettere troch in grut tal beken en rivieren, wêrfan't de Clyde, mei in lingte fan 171 km, en de Tweed, mei in lingte fan 156 km, de langsten binne. Oare wichtige rivieren yn it gebiet binne de Cree, de Dee, de Nith, de Annan en de Esk.

Fral yn it westlike part fan it Súdskotsk Berchlân lizze ek in soad marren, mei as grutste Loch Ken, dat ûntstien is troch it oanlizzen fan in keardaam yn it Wetter fan Ken. De grutste natuerlike mar is St. Mary's Loch, eastlik fan Moffat, dat yn ferbining stiet mei de Loch of the Lowes en Loch Skeen (op deselde manear sa't yn Fryslân De Fluezen en de Hegemer Mar ien wetterlichem foarmje). Oare marren yn it Súdskotsk Berchlân binne Loch Doon, Loch Bradan, Clatteringshaws Loch, Loch Dee, Loch Enoch, Loch Grannoch en Loch Trool.

Rekreaasje en natoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de lânbou is yn it Súdskotsk Berchlân rekreaasje in wichtige ynkomsteboarne. It gebiet lûkt in protte toeristen fanwegen syn natoerskientme. Der kin kuiere wurde, bgl. oer de 341 km lange Wei troch it Súdskotsk Berchlân, dy't al bochtsjend fan Portspatrick oan 'e kust fan 'e Ierske See nei Cockburnspath oan 'e Noardseekust rint. Fierders wurdt der ek in protte berchbeklommen en mountainbiked. Benammen ûnder it kuierjen kinne yn it Súdskotsk Berchlân kuorhinnen, sniehinnen, sniehazzen, reade gleeën, hoanskrobbers en keningsearnen sjoen wurde. See-earnen komme foar by St. Mary's Loch en oan 'e rivier de Tweed, wylst yn it westlike part fan it gebiet reade iikhoarntsjes, reaharten, reeën en ferwyldere geiten libje. Yn 'e rivieren en beken komme forel, salm en otters foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.