Hoanskrobbers
Hoanskrobbers | ||
blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | hoanskrobbers (Circinae) | |
skaai: | hoanskrobbers (Circus) | |
Lacepede, 1799 | ||
De hoanskrobbers (Circinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). De ûnderfamylje hat mar ien skaai: Circinae.
De hoanskrobbers binne middelgrutte, slanke roffûgels mei in lichemslingte fan 40-60 sm., en in wjukspanwiidte fan 90-155 sm. De lytste soarten binne de ljochte hoanskrobber en de skiere hoanskrobber. De grutste binne de Súdamerikaanske langwjukhoanskrobber en de Australyske sompehoanskrobber. De wyfkes binne oer it algemien 30-40% grutter as de mantsjes. De hoanskrobbers libje yn iepen gebieten. De lytsere soarten, sa as de skiere hoanskrobber ite foaral fûgeltsjes, wylst de gruttere mear lytse of net-sa-lytse sûchdieren, sa as kninen ite.
Oare nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frysk: Hoannebiter, Hânskrobber; Noardfrysk: Hanjüger; Nederlânsk: Kiekendief; Dútsk: Weihe; Ingelsk: Harrier.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoanskrobbers komme yn alle wrâlddielen foar, mei útsûndering fan Antarktika. It grutste briedgebiet hat de blauwe hoanskrobber: fan Súdwest-Jeropa oant Kamtsjatka; mei de Amerikaanske blauwe hoanskrobber, dy 't foarhinne ta deselde soarte rekkene waard, binne blauwe hoanskrobbers sirkumpolêr. As briedfûgels ûntbrekke de hoanskrobbers yn Midden-Amearika, Noardlik Afrika en Súdlik Aazje.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoanskrobbers steane it tichtst by de hauken en sparwers, en it skaai Circus moat dêrom miskien ta itselde takson as de hauken rekkene wurde. As eigen ûnderfamylje is de ûnderferdieling fan de hoanskrobbers as neikommend:
- Ûnderfamylje hoanskrobbers (Circinae)
- Skaai: Circus, 16 soarten:
- brune hoanskrobber (Circus aeruginosus)
- Easterske hoanskrobber (Circus spilonotus)
- Papoeahoanskrobber (Circus spilothorax)
- sompehoanskrobber (Circus approximans)
- Afrikaanske brune hoanskrobber (Circus ranivorus)
- Réunionhoanskrobber (Circus maillardi)
- Madagaskarhoanskrobber (Circus macrosceles)
- langwjukhoanskrobber (Circus buffoni)
- spikkelhoanskrobber (Circus assimilis)
- swarte hoanskrobber (Circus maurus)
- blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus)
- Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonius)
- grize hoanskrobber (Circus cinereus)
- ljochte hoanskrobber of steppehoanskrobber (Circus macrourus)
- bûnte hoanskrobber (Circus melanoleucos)
- skiere hoanskrobber (Circus pygargus)
- Skaai: Circus, 16 soarten: