Surinaamsk-Nederlânsk
Surinaamsk-Nederlânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Surinaams-Nederlands | |
lânseigen yn | Suriname | |
tal sprekkers | 5.700[1] (2013) 550.000 T2-sprekkers[2] | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Surinaamsk- Nederlânsk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
gjint |
It Surinaamsk-Nederlânsk (Surinaamsk-Nederlânsk: Surinaams-Nederlands) is in regiolekt fan 'e Nederlânske standerttaal, dat sprutsen wurdt yn Suriname. Yn dat lân hat mar in tige lyts diel fan 'e befolking it Nederlânsk as memmetaal, mar it is wol de iennichste offisjele taal fan it lân en wurdt sadwaande yn formele fermiddens, lykas it ûnderwiis, de rjochtspraak en it bestjoer rûnom (as twadde taal) sprutsen. Oer it generaal is it Surinaamsk-Nederlânsk foar Nederlanners en Flamingen goed te ferstean, mar guon ôfwikende leksikale foarmen kinne foar swierrichheden soargje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 trede Suriname ta de Nederlânske Taaluny ta, mei as gefolch dat in protte typysk Surinaamsk-Nederlânske wurdfoarmen opnommen binne yn 'e Woordenlijst Nederlandse Taal, better bekend as Het Groene Boekje, dat algemien akseptearre wurdt as de autoriteit op it mêd fan 'e Nederlânske stavering. Fia de strjittaal wurde tsjintwurdich trouwens, benammen yn 'e Rânestêd, ek ferskate Surinaamsk-Nederlânske wurden en útdrukkings yn it algemien taalgebrûk yn Nederlân opnommen. Yn 1989 is it Woordenboek van het Surinaams-Nederlands ferskynd, dat gearstald wie troch J. van Donselaar.
Ferskillen mei it Standertnederlânsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Surinaamsk-Nederlânsk ûnderskiedt him fan it Nederlânsk sa't dat yn Jeropa sprutsen wurdt benammen troch de fia it Surinaamsk-Kreoalsk sterk troch it Ingelsk beynfloede útspraak. Dêrby falt fral op dat de w altyd op 'e Ingelske manear útsprutsen wurdt as [w] (lykas yn "skowe") en nea lykas yn Nederlân as [ʋ] (lykas yn "wat"). Faak wurdt dizze konsonant dêrby noch wat oprutsen, sadat der in û-klank ûntstiet (Oeaarom doe jij dat?).
Fierders hat it Surinaamsk-Nederlânsk, op 'e nij benammen fanút it Surinaamsk-Kreoalsk, in grut tal ôfwikende leksikale foarmen ûntwikkele, soms foar begripen dêr't al in Nederlânsk wurd foar bestie, lykas zwamp ("sompe") foar moeras, mar faak ek foar spesifyk Surinaamske begripen, lykas bacove foar in banaan dy't rau iten wurde kin (yn tsjinstelling ta in bakbanaan) en roti foar in Surinaamsk gerjocht fan riisde bôle mei fleis en grienten.
Dêrnjonken hat it Surinaamsk ek nije gearstallings foarme op grûn fan besteande Nederlânske wurden, lykas buitenvrouw foar "mêtresse", schoonbroer foar "sweager", voetéren foar "rinne", en cellulair, in eigenskipswurd oangeande finzenskip. Guon typysk Surinaamsk-Nederlânsk steande útdrukkings binne fierders geslagen vijanden, dêr't it Standertnederlânsk gezworen vijanden ("swarde fijannen") hat en getrouwde vrouw (yn tsjinstelling ta in buitenvrouw) foar wettige echtgenote ("wettige frou").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes:
boarnen: |