Springe nei ynhâld

Sunburst Award

Ut Wikipedy
Sunburst Award for Canadian Literature of the Fantastic
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar spekulative fiksje
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 2001
1e útrikking 2002
offisjele webside
www.sunburstaward.org

De Sunburst Award, offisjeel de Sunburst Award for Canadian Literature of the Fantastic ("Sinnestrielepriis foar Kanadeeske Literatuer fan it Fantastyske"), is in Kanadeeske literatuerpriis dy't op jierlikse basis útrikt wurdt oan skriuwers fan de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan spekulative fiksje fan it ôfrûne jier. Yn oanmerking foar dizze priis komme auteurs fan romans of fan ferhalebondels fan romanlingte, dy't behearre ta de sjenres fan science fiction, fantasy, horror, magysk reälisme, surreälisme, myten of leginden. Sokke gadingmakkers kinne de Kanadeeske nasjonaliteit hawwe of in oare nasjonaliteit hawwe mar yn Kanada ûnreplik goed besitte.

De earste útrikking fan 'e Sunburst Award fûn plak yn 2001. De priis is ferneamd nei Sunburst (1964), de earste roman fan skriuwster Phyllis Gotlieb. Fan 2002 oant en mei 2008 wie der ien inkele priis. Fan 2009 oant en mei 2016 wiene der twa kategoryen: literatuer foar folwoeksenen en literatuer foar jong-folwoeksenen. Yn 2016 waard in trêde kategory tafoege foar koarte ferhalen. De winners wurde útornearre troch in faksjuery, wêrfan't de gearstalling elts jier wikselet. Behalven dat de winners in medalje útrikt krije, is oan 'e Sunburst Award ek in jildbedrach fan K$1.000 ferbûn. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.