Strjitten yn Ketlik
Appearance
De Strjitten fan Ketlik:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Aaltsjeleane – Net bekend is hokker Aaltsje bedoeld is. De noardlike helte stiet al sûnder namme oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma van 1718.
- Biskopsleane - Yn it rampjier 1672 wie Fryslân fersterke troch in rige skânsen en hie men de Tsjonger ôfdamme om de lannen ûnder wetter rinne te litten. Dochs slagge it de Biskop fan Munster, Christoph Bernard fan Galen (1606-1678) dy’t al op n minne namme stie troch syn plonderingen fan Gelderlân, Oerisel en Drinte yn 1665- syn troepen út de Stellingwerven wei oer de Tsjonger komme te litten. Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1672 dienen dizze troepen in oanfal op de Skoatterskâns, dy’t oan trije kear ta ôfslein waard troch de militêren dy’t op It Hearrenfean leinen. In troep Munstersen wie troch in spion troch in furde yn de Tsjonger lieden en besocht de Fryske troepen yn de rêch oan te fallen. It lânfolk hie lykwols de sânpaden mei primitive middels ûnbegeanber makke en de Munstersen waarden by de Biskopsleane weromslein troch boeren, feanarbeiders en oare frijwilligers. De namme Biskopsleane is sûnt dy tiid bestean bleaun. Der bestiet in toanielstik oer dizze oarlochsperioade fan de hân fan Goaitsen Burgy, dat yn 1933 yn de Hepkema's boskjes op It Hearrenfean opfierd is.
- Breedsingel – wierskynlik in âlde namme dy’t net op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 oanjûn is. Foar de namme is gjin oare ferklearring as dat de singel breed is..
- De Fuotpaden – de âlde ferbiningsrûte tusken de "Marijkemuoi-wei" (by Pauwenburch) ûnder It Oranjewâld en de "Jan Jonkmanwei".
- De Klepelslach - syddyk fan de "W.A. Nijenhuiswei" yn ûngefear noardwestlike rjochting.
- Grut Ketlik – eastlike boerestreek fan it doarp dy’t al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 oanjûn stiet.
- Houtleane – Fan de Skoatterlânskewei yn noard-westrjochting oant de “W.A. Nijenhuiswei” en dêr oergeand yn de “Hogeveenswei” ûnder Bontebok. De wei leit op de grins fan Nijhoarne en Ketlik. De huzen oan de westkant hearre by Ketlik, dy oan de oare kant falle ûnder Nijhoarne.
- Houtwâlen – Leit yn it ruilferkavelingsgebiet (1970) dy’t oan de ien kant útkomt op de Bûtenwei en oan de oare ein op de Skoatterlânskewei ûnder Ketlik. Yn dit gebiet binne in soad houtwâlen.
- Imke Klaverpaad - Imke Klaver (1880 - 1967) wie in bekende feanarbeider fan de Bontebok. Hy hie in soad bestjoersfunksjes, meast pleatslike, mar fan de lanlike Federaasje fan Lân, Tún en feanarbeiders wie hy in jer of wat siktaris. Skreaun it boek “Herinneringen van een Friese landarbeider”.
- Jan Jonkmanwei – Fan de feart yn Boppeknipe yn súdeastlike rjochting ta it eastlik einpunt foar de Weversbuert yn Ketlik. De wei leit foar in part yn Ketlik en in part yn De Knipe en waard earder yn de folksmûle Sintelwei of Swarte-dykje neamd.
- Ketlikerheide - It gebiet yn it doarp Ketlik oan de noardkant fan de Skoatterlânskewei, dêr’t no ek noch wat heide en sânkoppen te finen binne.
- Lyts Ketlik – gedielte dat oerienkomt mei de tsjintwurdige Weversbuert en it diel ten suden en noarden derfan. De namme komt al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Skoatterlânskewei – Wei fan de "Marktweg" op It Hearrenfean (earder Aldskoat) yn eastlike rjochting nei Donkerbroek oan de grins fan Eaststellingwerf ta. De wei rint no fan It Hearrenfean- mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch– oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne Jobbegea en Hoarnstersweach.
- Tsjerkeleane – de wei rint nei en lâns de tsjerke. De tsjerke wurdt yn 1243 (uteraard as Roomske Tsjerke) it earst yn âlde stikken neamd en is grif ien fan de âldste yn de gemeente. Yn 1315 hie Ketlik in pastoar en in fikaris. It gebou is letter fernijd. Op de foarlopige list fan monuminten, fan rykswege útjûn, stiet: De - thans Nederlands Hervormde - kerk te Katlijk, in de 16e eeuw opgetrokken van rode baksteen, bestaat uit een schip en een 5/8 gesloten koor. Aan de westzijdeeen puntgevel - daterend van plm. 1800(?) met een kleine trap en een fries met baksteenvlechtingen te halver hoogte in de top. Het gebouw heeft korfbogige vensters, in sommige waarvan een gemetselde binnenpost. Er zijn zware steunberenaanwezig.
- Tsjongerfallei – in wei yn it ruilferkavelingsgebiet leit yn Ketlik, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach. Krige de namme trochdat hy troch de Tsjongerfallei rint.
- W.A. Nijenhuiswei - Wietze Andries Nijenhuis (Ketlik, 13 maart 1874 – It Hearrenfean, 15 febrewaris 1953 (begroeven yn Ketlik) ) naam op 15 maaie 1902 sitting foar de A.R. partij yn de ried fan de eardere gemeente Skoatterlân. Hy bleau dit oant de opheffing fan Skoatterlân by de wet 'Heerenveen' (1 july 1934) mar waard daalk wer riedslid fan It Hearrenfean en bleau dit oant 1941, dioe’t de Dútske besetters de ried oan de kant skode. Yn 1927 folge hy de hear C.Gerritsma op as wethâlder en hy is wethâlder bleaun oant 1941. De hear Nijenhuis hie ferskate funksjes. Hy wie bestjoerslid fan de pleatslike en de gemeentlike kiesferiening fan de A.R. partij, bestjoerslid fan de Griffoarmearde Tsjerke en jierren lang foarsitter fan it kristlik skoallebestjoer yn Ketlik. Fan 1917-1949 wie hy foarsitter fan de Koöperative Boerelienbank yn Ketlik. Teffens wie hy foarsitter fan de wetterskippen 'Mildaam-East', 'Nijhoarne' en de 'Grutte Feanpolder' yn Weststellingwerf, foarsitter fan de kommisje regeljende de arbeidsbetingsten yn Fryske molkfabriken, foarsitter fan 'Maatskiplik Helpbetoan" yn de gemeente It Hearrenfean, bestjoerslid en foarsitter fan de ôfdieling It Hearrenfean fan de Friese Maatskippij fan Lânbou, mei-oprjochter en in soad jierren foarsitter fan it Koöperative molkfabryk yn Bontebok, delegearde foar Fryslân yn it Nederlânske Lânbou Kommitee, bestjoerslid fan it Bûn fan Koöperative Molkfabriken yn Fryslân, lid fan it lanlike suvelbûn en bestjoerslid fan de Frico. Dêrneist hat er in soad omtinken jûn oan lânûntginning en de feefokkerij. Hy wie ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boppedat hat er lange tiid oan dizze wei wenne. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 is de wei - sûnder namme – al oanjûn. Der stienen doe al in soad huzen en pleatsen oan ( oan de noardkant).
- Weversbuert – leit foar in part yn Mildaam en in gedeelte yn Ketlik. By de earste folkstelling (1830) waarden yn Mildaam (en omkriten) ferskate wevers registrearre en in tal dêrfan wenne oan dizze wei. De wei stie al (sûnder namme) oantsjutten op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |