Suvelbûn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Suvelbûn wie in bûn fan koöperative molkfabriken yn Fryslân mei it haadkantoar yn Ljouwert. In fertsjintwurdigjend orgaan fan de Fryske koöperative molkyndustry dêr't yn 1956 71 ferienings mei 17000 feehâlders by oansluten wiene.

It Suvelbûn hat ferkate ôfdielings en kommisjes dy't mienskiplike belangen ( oankeap fan alles dat mei de lânbou te krijen hat), kontrole op boekhâldings en op de bepalingen fan it fetgehalte fan de molke troch fabriken). It bûn joech foarljochting, technyske advizen en ûnderwiis, advizen by de oankeap en oanskaf fan masines en hat ek in boukundige en in arbeidsekonomyske ôfdieling. It laboratoarium fan it suvelbûn docht bedriuwskontrole en speurwurk, mar ek de bepaling fan it aaiwytgehalte fan de molke yn ferbân mei de útbetelling nei fet- en aaiwytgehalte. Yn 1974 wienen der 20 ûndernimmings by oansluten en der wienen 200 personielsleden. It wurk liedt ta mear unifoarmens by de oansluten fabriken sadat der makliker gegevens útwiksele wurde kinne.

It bûn wie oansluten by it Keninklike Nederlânske Suvelbûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: