Springe nei ynhâld

Strjitnamme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Strjitnammen)

In strjitnamme of hodonym is in wurd om wegen, strjitten en loanen, ens. oan te tsjutten. De beneaming fan strjitten heart ta toponimy. It wurdt yn in soad lannen brûkt foar it adressearjen fan post.

Offisjele strjitnammen wienen foar de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân allinnich bekend yn stêden en grutte doarpen. Alle wenten hiene in haadletter mei in nûmer. Fryske nammen waarden meast fernederlânske, útsein at se ûnfertaalber achte waarden.

Nei 1945 krigen ek lytsere plakken strjitnammen. Neidat Utingeradiel mei de Sinnebuorren yn Akkrum begûn wie, waarden ek foar oare doarpen faak Fryske nammen keazen. Sa kamen bygelyks yn de doarpen fan Barradiel, Hinnaarderadiel, Smellingerlân (útsein Drachten) en yn it Frysk sprekkende diel fan Kollumerlân. Op oare plakken is de Fryske foarm ûnder de Nederlânske op de boerdsjes setten. (Hylpen, De Jouwer, Drachten). Yn guon gemeenterieden binne en wurde oer dy Fryske strjitnammen brede diskusjes en bytiden skerpe debatten fierd, bygelyks yn 2008 yn Dantumadiel en yn 2021 yn de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

De strjitnammen wurde suver net mear oan it tafal oerlitten. Gemeentebestjoeren roppe de help yn fan advyskommisjes, deskundigen en fan de nammejouwingskommisje fan de Fryske Akademy. Sa wurde in soad histoaryske en sinfolle nammen bewarre of wersteld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: