Stretenski-kleaster
Sretenski-kleaster Сретенский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | Ul. Bolsjaja Lûbjanka | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 37' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1397 | |
oprjochter | Vasili I fan Moskou | |
opheffing | 1925 | |
weriepening | 1995 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | Gebouwen 19e en 21e iuw | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 771520304140005 | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
It Sretenski-kleaster (Russysk: Сретенский монастырь; Sretenski monastyr) is in Russysk-otterdoks kleaster yn Moskou. It waard yn 1397 stifte troch grutfoarst Vasili I fan Moskou. Oarspronklik stie it kleaster tichteby it Reade Plein, mar oan it begjin fan 'e 16e iuw ferhûze it nei it hjoeddeiske plak. It kleaster joech de namme oan 'e oangrinzgjende ynfrastruktuer.
Fan 2013 oant 2017 waard in nije katedraal oan it kompleks tafoege, dy't wijd waard oan 'e opstanning fan Kristus en de Nije Martlers en Beliders fan 'e Russyske Tsjerke.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de oare Russysk-otterdokse tsjerken mei deselde namme is it kleaster net ferneamd nei ien fan 'e tolve grutte feesten fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke Sretenie Gospodne ("Presintaasje fan de Heare yn 'e timpel"; stretenie is tsjerkeslavysk foar "moetsjen"). De namme fan dat kleaster ferwiist nei it feit dat it boud waard op it plak, dêr't de Moskoviten en grutfoarst Vasili op 26 augustus 1395 de ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-Vladimir 'moeten'. De ikoan wie út Vladimir nei Moskou helle om de stêd te behoedzjen foar de islamityske ynvaazje fan 'e troepen fan Timoer Lenk. Op mirakuleuze wize sloegen de troepen fan Timoer Lenk lykwols ôf nei it suden sûnder Moskou oan te fallen. Ut tankberens foar it weromlûken fan 'e troepen fan 'e fijân stifte de grutfoarst in kleaster om it wûnder te betinken. Yn 1552 kamen de Moskoviten by de muorren fan it kleaster byinoar op dêr it Russyske leger te moetsjen, doe't it werom kaam nei de oermastering fan Kazan.
Yn 1925 waard it kleaster op lêst fan 'e anty-religieuze autoriteiten sletten. Yn it tiidrek 1928-1930 lieten de Sovjet's de measten gebouwen fan it kleaster ôfbrekke, sabeare om't de strjitwei mear romte nedich hie. Dêrûnder wiene û.o. de 14e-iuwske Tsjerke fan Marije fan Egypte, de 16e-iuwske Nikolaastsjerke en de klokketoer. De rest fan 'e gebouwen waarden yn 'e kommunistyske tiid brûkt troch de NKVD. De Vladimirkatedraal (1617) waard ferboud om meiwurkers fan 'e organisaasje ûnder te bringen en dêrnei is de katedraal noch yn gebrûk west as garaazje en wurkpleats. Ikoanen en liturgysk reau fan keunstsinnige wearde waarden oerbrocht nei ferskate musea en oare organisaasjes. De ferneamde 18e-iuwske Ikoan fan de Krúsferheffing krige in plak yn it Donskoj-kleaster, dat in anty-religieus museum woarn wie, en letter yn 'e Tretjakovgalery.
De Katedraal fan 'e Moeting mei de Ikoan fan de Mem-Gods-fan-Vladimir (собор Сретения Владимирской иконы Богоматери) bleau lykwols bestean en de Jehannes de Doperkapel (yn 1679 boud yn opdracht fan tsaar Fjodor Alexejevitsj) allyksa. Nei de Fal fan 'e Sovjet-Uny waarden de gebouwen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerk werom jûn en restaurearre en yn 1994 oerdroegen oan it Grottekleaster fan Pskov. Hjoed-de-dei is it in selsstannich kleaster mei patriarch Kirill as argimandryt.
Katedraal fan de Nije Martlers en Beliders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 2013 joech monumintensoarch tastimming oan it kleaster om oan it besteande kompleks in nije, oan 'e Nije Martlers en Beliders wijde, tsjerke ta te foegjen. Fuortendaliks folge it lizzen fan 'e earste stien en oan it begjin fan 2017 fûn 'e foltôging fan 'e nije katedraal plak, op 'e tiid foar de betinking fan 'e Oktoberrevolúsje doe't de ferfolging fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke begûn. De katedraal stiet fuort njonken de beruchte Lûbjanka-finzenis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|