Stoarmfloed fan 1322

Ut Wikipedy

De Stoarmfloed fan 1322 wie in oerstreaming yn 1322 wêrby't grutte parten fan Nederlân ûnder wetter kamen te stean. Fral Seelân en Súd-Hollân waarden swier rekke, mar ek dielen fan Noard-Hollân, Fryslân, Grinslân en de kontreien oan de rivieren de Ryn, Waal en Isel strûpten ûnder. It deadetal is net bekend. It tal deaden sil yn it suden fan Nederlân, oan de rivieren, en yn Flaanderen it heechst west hawwe.

Gefolgen yn Flaanders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Flaanders waarden hast alle eilantjes foar kust fuortspield. Folle letter waarden fanwege Jan sûnder Eangst alle diken yn Flaanders ta ien oaniensletten dyk ferbûn; fan Dúntsjerk oant Sas fan Gint.