Stilicho's Piktyske Oarloch
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Stilicho's Piktyske Oarloch is de namme foar in rige fjildslaggen yn 'e Romeinske provinsje Britannia om-ende-by AD 398. De striid wie tusken it Romeinske leger ûnder lieding fan Stilicho en de Pikten, dy't doedestiden wennen yn wat no Skotlân is. Oer dit konflikt is net folle bekend, inkeld de Romeinske skriuwer Klaudianus (370-404) hat dêroer wat optekene. In oare skriftlike boarne is De Excidio et Conquestu Britanniae fan Gildas út 'e sechsde iuw. De oarloch einige yn in Romeinske oerwinning.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klaudianus' lofrede Eutropium oer Stilicho fertelt oer dizze oarloch. Dy neamt de Gildoanyske Opstân yn Afrika, der’t Stilicho by belutsen wie en dat Britannia te lijen hie fan oanfallen fan 'e Saksen, Pikten en Gaëlen (út Ierlân). De lofrede einige mei it fers: "De Saksen ferslein, de oseaan bedarre, de Pikten brutsen, en Brittanje feilich." In oar gedicht fan Klaudianus ferwiist nei in mooglike ekspedysje nei Britannia fan Stilicho yn 396-398. [1] Yn 'e Excidio et Conquestu Britanniae fan de Britske muonts Gildas wurdt dit konflikt oantsjutten as ien fan 'e trije Piktyske oarloggen. Ek lettere histoarisy as Edward Gibbon hawwe oer dit barren skreaun.
Ferrin fan 'e oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt oannommen dat Britannia in relatyf stille perioade meimakke hat nei de kampanje fan Theodosius yn 368. Dy frede einige doe't de Pikten op 'e nij de noardgrins fan Britannia oanfoelen, en it noarden fan 'e provinsje ûnfeilich makken mei plondertochten. Tagelyk hiene de eastlike en súdlike kustgebieten te lijen ûnder ynfallen troch Saksyske ynkringers en waarden troch Gaëlen yn it easten ynfallen dien. De ekspedysjemacht útrist troch Stilicho om in ein te meitsjen oan dizze oanfallen bestie nei alle gedachten út 'e Gallyske feteranen dy't earder suksesfol west hienen tsjin 'e Afrikaanske reboelje fan Gildon. [2] It is net wis oft Stilicho sels dizze ekspedysjemacht late of der inkeld opdracht ta jûn hat. Dochs binne der redenen om te rjochtfeardigjen dat it earste it gefal wie. De útkomst fan 'e oarloch wie dúdlik: nei in searje skermutselingen waarden de Pikten ferslein. Itselde lot moete de Saksen en Gaëlen. Yn 400 liket Stilicho reparaasjes oan 'e muorre fan Hadrianus dien te hawwen mei jild dat ûnder de Afrikaanske kampanje gearbrocht wie. Argeologysk bewiis om oan te toanen dat Stilicho's Piktyske Oarloch plakfûn hat, ûntbrekt lykwols.[3]
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Oarloch fan Stilicho is de lêste grutte militêre wapenfeit fan 'e Romeinen yn Britannia. Yn 401 wie Stilicho drok dwaande mei de tarieding foar in nije fjildtocht tsjin de Fandalen en Alanen benoarden de Alpenregio. Hy joech opdracht oan it Gallyske legioen om by syn haadmacht te kommen.[4] De militêre oanwêzigens fan 'e Romeinen yn Britannia naam dêrtroch ôf en soe sa de omstannichheid skeppe dy't late ta de rebûlje fan it Britske garnizoen yn 407, doe't Galje oerfallen waard troch Germaanske folken.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|