Springe nei ynhâld

Gildoanyske Opstân

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Gildoanyske Opstân
datum: 398
plak: Afrika (Romeinske provinsje)
útkomst: Romeinske oerwinning, opstannelingen ferslein
konfliktpartijen
Westromeinske Ryk rebellen
befelhawwers
Stilicho, Maskezel Gildo
sterkte
± 70.000 net bekend

De Gildoanyske Opstân (Latyn: Bellum Gildonicum) wie in opstân yn it jier 398 ûnder lieding fan de militêre greve Gildo. Oan de opstân waard in ein makke troch de oerbefelhawwer fan it West -Romeinske ryk Stilicho. Us wichtichste boarne oer dit konflikt is it gedicht Bello Gildonico fan de Romeinske skriuwer Klaudianus (370-404).

Opstân fan Firmus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gildo wie fan berberske komôf en ien fan de trije soannen fan Nubel, in enoarme rike en machtige Moarske hear. [1] Under it bewâld fan keizer Falentianus I resultearre de dea fan Nubel yn 372 yn in opfolgingskonflikt ûnder syn soannen. Firmus de âldste soan kaam as oerwinner út de strijd, nei't er earst syn jongste broer Zamma fermoarde hie. Lykwols betwiste Romanus, de gûverneur fan Afrika, Firmus’ oanspraak. Dêrnei brûkte Firmus syn ynfloed, en de ûnpopulêrens fan de gûverneur by it folk om de provinsje yn iepen opstân te krijen. Hy wurp him op as tsjinkeizer. [2] As tsjinreaksje stjoerde it keizerlike hof it leger ûnder lieding fan generaal Teodoasius nei de opstannige provinsje, en troch it enerzjyke optreden fan dy generaal waard foarkomen dat Afrika har ôfskiede koe fan it Romeinske Ryk.

Firmus waard ferslein en finzen nommen wermei de opstân ûnderdrukt wie (373-374) [3]. Lykwols bleau it yn de provinsje dêrnei noch jierren lang ûnrestich om't gûverneur Romanus net ferfolge waard foar syn korupte bewâld, [4] en syn malversaasjes troch gean koe.

Gildo gûverneur fan Afrika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As goed tjien jierren letter (386) keizer Teodoasius I besleat om de provinsje wer yn it gareel te krijen, jout er Gildo, in jongere broer fan Firmus, dy’t trou en moedich foar de Romeinen fochten hie ûnder de opstân fan syn broer de rang fan militaire Greve. Gildo krige fan 'e keizer de opdracht it Romeinske justysje yn 'e provinsje te herstellen. [5] Nettjinsteande syn eardere goede reputaazje ûntpopte Gildo him yn 'e folgjende tolve jier (386-398 AD) as in wrede, bloedfergriemende tiran. Mei it bewâld oer de provinsje Afrika beskikte Gildo oer in besûndere posysje. De provinsje Afrika waard, nei de oerdracht fan 'e provinsje Egypte oan it easten, de noteskoar foar de stêd Rome. Gildo makke ferfolgens misbrûk fan Romes' ôfhinklikens foar it nôt om syn gesach út te wreidzjen. De splitsing fan 'e Romeinske regearing yn in westlik en eastik part nei de dea fan Teodoasius en de ferdieling fan it Ryk tusken syn soannen, Arkadius en Honoarius, wie ek yn syn foardiel. [6] Lykwols wie der mear oan de hân. Gildo hie Teodoasius net stipe yn 'e boargeroarloch fan 394 tsjin Eugenius, en dêrmei hied er it wantrouwen by Teodoasius wekker makke [7] De dea fan 'e keizer yn 395 foarkaam ferjilding, mar doe't de enerzjike Fandaalske regint Stilicho slagge wie mei it behear fan' e saken foar de jonge keizer Honoarius, koe Gildo straf allinich foarkomme troch him te ûnderwerpen oan it eastlike ryk, dêr't in oare regint Eutropius it foar it sizzen hie foar de allyksa jonge keizer Arkadius. Stillicho seach de oerstap fan Gildo nei it easten as ferrie tsjin Honorius en oerstjûge de senaat Gildo ta fijân fan 'e steat" te ferklearjen. [8]

De oarloch yn Afrika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stilicho stjoerde de broer fan Gildo Maskezel, mei in leger besteande út 5.000 Gallyske feteranen. It Gallyske legioen waard oanfolle mei oare Romeinske garnizoenen yn Afrika en mei Berberske hierlingen út Gaetulia en Etioopje. In mânsk leger fan sawat 70.000 manlju untstie. [9]

Doe 't Maskezel mei it leger syn tsjinstanner moete wie it earste doel om frede te sluten. By de gearkomst moete hy earst de standertdrager fan 'e Afrikaanske legioenen fan Gildo dy't wegere him oer te jaan. Maskezel sloech him dêrom mei syn swurd op 'e earm. As gefolch dêrfan hold de standertdrager de standert leger, wat troch de troepen ferkeard útlein waard as in teken fan yntsjinjen. Alle oare standertdragers fan 'e frontline folgen it foarbyld, en de ûntefreden kohorten kearden harren tsjin Gildo en setten utein mei it roppen fan de namme fan Maskezel. De Berberske hierlingen wiene fernuvere oer de ûntrou fan har Romeinske bûnsmaten en namen in tumultueuze flecht.

De eare foar de maklike oerwinning sûnder bloedfergriemen kaam ta oan Maskezel, wyls Gildo op'e flecht slein wie yn in lyts skip op wei nei it easten der't hy asyl hope te krijen yn it East-Romeinske ryk. Lykwols dreau syn skip troch ûngeunstige wyn werom nei de haven fan Tabraca, dêr't de ynwenners happich wiene om Maskezel harren nije loyaliteit te toanen troch Gildo yn 'e kerker te smiten. Bang foar de wraak fan syn broer (Gildo hie twa soannen fan Maskezel fermoarde litten), die Gildo himsels tekoart troch himsels op te hingjen.[10]

Maskezel ferstoar koart nei de dea fan Gildo. By syn triomfearjende oankomst oan it Romeinske hof yn Milaan, waard hy troch Stilicho mei in protte seremoanje ynhelle. Lykwols seach de oerbevelhawwer him as in konkurrint. Maskezelferdronk by in yngelok doe't hy, yn it selskip fan Stilicho, in brêge oerstiek en yn it wetter foel. Neffens boarnen wie it gjin ûngefal mar waard it mei opset dien op oarders fan Stilicho.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarnen:

Sekundêre boarnen:

Fuotnoat:

  1. Edward Gibbon, The Decline and Fall of the Roman Empire, (The Modern Library, 1932), haadstik XXIX., side 1,040
  2. Gibbon, haadstik XXV., side 882
  3. Gibbon, s. 883
  4. Gibbon, s. 884
  5. Gibbon, haadstik XXIX, side 1040
  6. Gibbon, s. 1,041
  7. Gibbon, Ibid.
  8. Gibbon, s. 1,041
  9. Klaudianus, De Bello Gildonico
  10. T. B. Harbottle, Dictionary of Battles, side 246, (1979)