Steaftsjerke fan Vang

Ut Wikipedy
Steaftsjerke fan Vang
Steaftsjerke fan Vang yn Karpacz Poalen.
Steaftsjerke fan Vang yn Karpacz Poalen.
Lokaasje
lân Poalen
woiwodskip Neder-Sileezje
plak Karpacz
adres ul. Na Śnieżkę 8
Arsjitektuer
boujier ± 1200
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Steaftsjerke fan Vang (Neder-Sileezje)
Steaftsjerke fan Vang
De lizzing fan de steaftsjerke yn Neder-Sileezje

De Steaftsjerke fan Vang is in tsjerkegebou yn it Poalske Sileezje. De tsjerke is oarspronklik ôfkomstich út it Noarske doarp Vang en waard yn 1841 kocht troch kening Freark Willem IV fan Prusen. Ynearsten waard de tsjerke nei Stettin (Szczecin) brocht, dêrnei nei Berlyn en lang om let nei Sileezje, dêr't de tsjerke yn 1844 opboud waard foar de lutherske gemeente fan Krummhübel (tsjintwurdich Karpacz). De tsjerke waard oarspronklik boud tsjin it ein fan de 12e iuw of it begjin fan de 13e iuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke op it oarspronklike plak

De tsjerke waard om de iuwwikseling fan de 12e nei de 13e iuw boud yn Vang yn it suden fan Noarwegen. It is ien fan de likernôch 1.000 Noarske steaftsjerken dy't ea boud binne en de tsjerke wurdt beskôge as de âldste houten tsjerke dy't yn Poalen stiet.

Yn de 19e iuw waard de tsjerke te lyts foar de befolking fan Vang. De gemeente woe dêr in nije tsjerke bouwe en de âlde tsjerke waard foar it lêst op 9 april 1840 brûkt. De âlde tsjerke waard oankocht troch de Noarske skilder Jan Krystian Dahl mei it doel om de tsjerke yn Oslo yn in park wer op te bouwen, mar dat plan mislearre. Dahl wenne yn dy tiid yn Dresden en hy wist de prusyske kening Freark Willem IV oer te heljen om de tsjerke foar 427 mark oan te keapjen. Yn 1841 waard de tsjerke ôfbrutsen en yn dielen nei Dútslân brocht, dêr't it gebou op it Pfaueninsel yn Berlyn wer opboud wurde soe. Ynearsten waard de tsjerke ferfierd nei Stettin en dêrnei fierder nei it Keninklik Museum yn Berlyn, mar in freondinne fan de kening, grevinne Friederike von Reden út Buchwald (Bukowiec) helle de kening oer om de tsjerke nei Sileezje nei Krummhübel yn it Reuzeberchtme te bringen, dêr't de lutherkse mienskip gjin tsjerkegebou hie. Op 2 augustus 1842 waard troch Freark Willem IV de earste stien lein en op 28 july 1844 koe de tsjerke yn oanwêzigens fan de kening iepene wurde.

Kapiteel

De tsjerke is boud sûnder spikers te brûken en alle ferbinings binne makke mei houten ferbinings. It ynterieur fan de tsjerke is fersierd mei oarspronklike dekoraasjes en houtsnijwurk. De romp fan de tsjerke is neffens de restauraasjeideeën fan de 19e iuw oars útwreide. De frijsteande graniten klokketoer is in nij ûntwerp fan de arsjitekt Friedrich August Stüler. Yn de 18,6 meter hege toer hingje trije klokken.

Nei de ferdriuwing fan de Dútske befolking út Sileezje waard de tsjerke oernommen troch in lytse Poalske lutherske gemeente. Njonken Poalske tsjinsten fine fan maaie oant septimber op alle sneinen ek Dútsktalige tsjinsten plak.

Njonken de tsjerke stiet de pastoary mei it tsjerklik sintrum en op it eardere plak fan in monumint foar de fallen soldaten yn de Earste Wrâldkriich stiet tsjintwurdich in modern houten byld fan de opwekke Lazarus. Ek is der in saak dêr't minsken oantinkens keapje kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Stabkirche Wang