Stamboeknûmer (NSB)
It Stamboeknûmer wie it nûmer dêr't leden fan de NSB mei ynskreaun waarden yn de lede-administraasje.
De NSB is 14 desimber 1931 oprjochte troch Anton Mussert en Cornelis van Geelkerken. De leden krigen neffens folchoarder fan oanmelding in nûmer yn de lede-administraasje: it stamboeknûmer. Mussert krige fansels nûmer 1 tawiisd en Van Geelkerken hie nûmer 2. Hoe leger it nûmer, nammerste langer wie de drager derfan lid fan de NSB. Dat feit spile in rol by de status fan in lid ûnder de oanhingers fan de NSB. De earste 1000 NSB-leden hiene it foarrjocht om altyd, sûnder ôfspraak, by Mussert yn syn wurkkeamer op it NSB-haadkertier oan de Utertske Maliebaan 35 ynrinne te meien om saken mei him te besprekken.
Stikmannich feneamde NSB'ers mei har stamboeknûmer: