Daniël de Blocq van Scheltinga (1903-1962)
Daniël de Blocq van Scheltinga (Velp, 23 novimber 1903 - Düsseldorf, 26 juny 1962), wie in Nederlânsk jonkhear en nasjonaalsosjalistysk politikus.
Jonkheid en foarmingsjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in muoisume skoaltiid (earst op 21-jierrige leeftiid krige Daan de Blocq van Scheltinga it MULO-diploma) ferfolle er syn tsjinstplicht by de Amersfoartske huzaren. Yn 1928 troude er mei de dochter fan in generaal-majoar yn it Prusyske leger dy't nei de Earste Wrâldoarloch keizer Wilhelm II nei dy syn Nederlânske ballingsoarde folge wie. Fia syn frou kaam er yn oanrekking mei Dútske aadlike fermiddens fan de keizer. Dêr learde er de hearskjende frustraasjes oer de Dútske nederlaach en de dêropfolgjende revolúsje fan 1918 kinnen. Fan dêrút wie it mar in lytse stap nei de affiniteit mei it nasjonaalsosjalisme, ek mei stipe troch syn dominante frou. Syn groeiende sympaty foar Hitler syn polityk waard ek fuorre troch wat er doetiids seach as de systematyske ôfbraak fan it Nederlânske leger troch de regearing.
Aktyf yn de NSB
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1932 melden De Blocq van Scheltinga (hy krige stamboeknûmer 1009 en dat wie minder goed foar syn lettere wurkpaad by de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB), want allinnich de earste tûzen leden hienen streekrjocht, sûnder ôfspraak, tagong ta yr. A.A. Mussert) en syn frou by de NSB. Dat late ta syn ûntslach by syn doetiidske wurkjouwer. Dat hie lykwols gjin maatskiplike gefolgen foar him, want hy wie finansjeel ûnôfhinklik. Hy toande him tige warber yn de NSB dêr't hy meardere funkjes hie. Yn 1935 late er mei súkses de ferkiezingskampanje foar de Provinsjale Steaten fan Utert, wêrby't er ek sels kandidaat wie, mar net keazen waard.
Yn desimber 1937 waard er de rjochterhân fan plakferfangend partijlieder Cornelis van Geelkerken. In soad respekt soe 'Dom Daantje' ( syn bynamme binnen en bûten de NSB - hy wie in nayf en rimpen man ), yn syn partij net krije. Wol waard er wurdearre om syn bestjoerlike ynset en syn flotte, representative ferskining. Hy soe dêrom yn de partijorganisaasje hieltiten op de eftergrûn in wichtige, administrative rol ferfolje. Syn folsleine loyaliteit oan partijlieder Mussert hat him dêrby grif holpen.
Yn de Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as safolle NSB'ers waarden De Blocq van Scheltinga en syn frou nei de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 arrestearre en ynternearre. Nei syn frijlitting beneamde Mussert him yn juny ta haad fan de ôfdieling Algemiene Saken fan de NSB, wêrtroch't er ien fan Mussert syn foarnaamste neiste meiwurkers waard. De Blocq van Scheltinga soe Mussert yn de ynterne machtsstriid tusken dy syn saneamde 'Dietsche' en de 'Grut-Germaanske' rjochting altyd trou bliuwe. Mr. M.M. Rost van Tonningen, ien fan de belangrykste fertsjintwurdigers fan de lêstneamde rjochting, waard De Blocq van Scheltinga's ferklearre tsjinstanner.
De Blocq van Scheltinga waard yn augustus 1942 beneamd as boargemaster fan Wassenaar. Wassenaar wie sawol foar de NSB as foar de se autoriteiten in wichtige gemeente, omdat hjir - sa flak by it regearingssintrum - in bulte Dútske topfunksjonarissen en foaroansteande NSB'ers wennen. De Blocq van Scheltinga toande him as NSB-boargemaster fan syn minste kanten. Hy ferfong tsjinstanners troch NSB'ers en joech in wjerstribbige amtner op foar de Arbeitseinsatz yn Dútslân. Yn septimber 1942 fersocht er de Dútske Ordnungspolizei om de Joadske ynwenners fan Wassenaar út harren wenningen te setten en te deportearjen. Nei de moardoanslach op luitenant-generaal H.A. Seyffardt ( befelhawwer fan it Frijwilligerslegioen Nederlân ) liet er listen gearstalle fan te arrestearjen jonge manlju. Hoewol't De Blocq van Scheltinga nau gearwurke mei de Dútske plysje, is net mei wissichheid te sizzen oft er fersetsminsken oanjûn hat.
Nei de oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de befrijing waard De Blocq van Scheltinga op 7 maaie 1945 arrestearre. Yn heger berop waard er op't lêst op 5 desimber 1945 feroardiele ta tweintich jier finzenisstraf. Ek waard it grutste diel fan syn fermogen yn beslach nomd. Nei in straffermindering as gefolch fan in graasjefersyk kaam er yn 1953 op frij. Yn 1958 gie er nei Dútslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Nederlânsk politikus
- Politikus yn de Twadde Wrâldkriich
- Lid fan de NSB
- Nederlânsk boargemaster
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk krimineel
- Persoan feroardiele foar lânferrie
- Nederlânsk faksist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Fryske adel
- Persoan berne yn 1903
- Persoan stoarn yn 1962