Springe nei ynhâld

Tjeerd van der Weide

Ut Wikipedy

Tjeerd Ottes van der Weide (Wûnseradiel, 27 oktober 1885Weesperkarspel, 6 juny 1947) wie boargemaster fan Velsen út namme fan de NSB.

Van der Weide wie boargemaster fan augustus 1942 oant de befrijing yn 1945. Nei de Twadde Wrâldkriich waard er fan de Bysûndere Rjochtspleging ta de dea feroardield en 6 juny 1947 eksekutearre.

Van Der Weide wie ferantwurdlik foar it ôfbrekken fan parten fan IJmuiden en Velsen om de oanlis fan de Atlantikwall dêre mooglik te meitsjen. Yn syn frije tiid die er mei oan hússikingen, arrestaasjes en ûnderfreegjen fan joaden dy't ûnderdûkt wiene, yllegale wurkers en 'fertochte' persoanen.

Hy arrestearre sels de stasjonsjef fan IJmuiden yn 1943 neidat dy sein hie dat de spoarwegen meidwaan moatten hiene oan de april-maaiestakingen. De oare deis waard de stasjonssjef troch de Dútsers deasketten. By de spoarstaking yn 1944 drige de boargemaster dat alle spoarmeiwurkers oan de SS útlevere wurde soene at hja meidienen oan de staking. Van der Weide krige foar syn aktive pro-Dútske belied it Kriegsverdienstkreuz 2e klasse fan de besetter.

Doe't er nei de oarloch foar de rjochter stie, sei Van Der Weide dat er altyd in goed faderlanner west hie en dat er nea witten hat dat de deportearre joaden deadien wurde soene.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]