Springe nei ynhâld

St John the Baptist Cathedral (Norwich)

Ut Wikipedy
Jehannes de Doperkatedraal

St John the Baptist Cathedral

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Norfolk
plak Norwich NR2 2PA
adres Unthank Rd
koördinaten 52° 37' N 1° 17' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom East Anglia (sûnt 1976)
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
arsjitekt George Gilbert Scott jr.
boujier 1882-1910
boustyl neogotyk
hichte 49 meter (sintrale toer)
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.sjbcathedral.org.uk
Kaart
St John the Baptist Cathedral (Ingelân)
St John the Baptist Cathedral

De Jehannes de Doperkatedraal (Ingelsk: St John the Baptist Cathedral) yn 'e Ingelske stêd Norwich is de katedraal fan it roomske bisdom East Anglia. It is de op ien nei grutste roomske katedraal fan Ingelân. Allinne de Westminster Cathedral is grutter.

Skiednis parochy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de reformaasje krige de Roomsk Katolike Tsjerke it yn Ingelân tige dreech. It wie katoliken ferbean byinoar te kommen en eigen tsjerken te bouwen. It katolisisme ferdwûn út it sicht en rûnreizgjende preesters besochten sa ûnopfallend mooglik yn gewoane hûzen of kapellen fan bûtenlânske ambassades de sakraminten ta te tsjinjen. Yn 'e 19e iuw kaam it tal katoliken yn hiel East Anglia net iens mear boppe de 1.000 sielen út. De op de yn 1780 oankundige herfoarmings folgjende pogroms tsjin katoliken yn Londen, de Gordon Riots, en de Frânske Revolúsje droegen lykwols by oan in weach fan sympaty yn it hiele lân foar de lytse katolike mienskip, itjinge in iepening brocht foar mear herfoarmings yn 'e jierren 1820-1830. Yn dy tiid waard yn it protestantske Norwich foar it earst sûnt de reformaasje wer in nije katolike tsjerke boud, de Kapel fan 'e Hillige Apostels (Holy Apostles Chapel). De doe al ynsette yndustrialisaasje soarge foar in grutte trek nei de stêden en dêrûnder wiene ek in soad earme katoliken, itjinge yn 1870 de bou fan in twadde katolike tsjerke needsaaklik makke.

Skiednis katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur

De katedraal stiet oan 'e Unthank Road en waard neffens it ûntwerp fan George Gilbert Scott jr. tusken 1882 en 1910 op it plak fan in ôfbrutsen finzenis boud. De tsjintwurdige katedraal waard as in parochytsjerke boud en wijd oan Jehannes de Doper. Op 17 july 1884 waard de earste stien lein foar it neogoatyske tsjerkegebou.

It jild foar de bou kaam fan 'e katolike hartoch Henry Fitzalan-Howard. Oars as de it grutste diel fan 'e Ingelske adel dat oergyng op it protestantisme, bleaune de hartoggen fan Norfolk jimmeroan trou oan Rome. Fitzalan-Howard troude yn 1877 Flora Abney-Hastings en út tankberens woed er in grutte katolike tsjerke bouwe. Yn 1892, doe't de tsjerke foar likernôch de helte klear wie, moast de bou ûnderbrutsen wurde om't der foar de folle lingte fan 'e tsjerke gjin fergunning ferliend wie. In tige persoanlike brief fan Fitzalan-Howard oan it stedsbestjoer droech der oan by dat de bou fan it tsjerkeskip fierder gean koe. Yn 1894 wie de tsjerke sa fier foltôge, dat de missen fan 'e twa lytsere tsjerken yn Norwich tenei yn 'e Jehannes de Dopertsjerke holden wurde koene. Scott ferstoar yn 1897 en de tsjerke waard foltôge troch syn broer John Oldrich Scott.

Op 8 desimber 1910, op it feest fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis, waard de tsjerke troch de biskop fan Northampton, Frederick William Keating, ynwijd.

It tal katoliken yn 'e stêd naam yn 'e rin fan 'e 20e iuw foars ta en yn 1976 waard de parochytsjerke konsekrearre as de biskopstsjerke foar it nij stifte bisdom fan East Anglia.

De Jehannes de Doperkatedraal is ien fan 'e twa katedralen yn 'e stêd, De oare katedraal is de oarspronklik roomske mar sûnt de reformaasje anglikaanske katedraal fan 'e Hillige en Undielbere Trije-ienheid út 1145.

De katedraal jildt as ien fan de bêste foarbylden fan de Ingelske neogotyk. Tagelyk stiet de katedraal yn 'e tradysje tichterby de kontinintaal-jeropeeske iere gotyk dan ferlykbere bouwurken út dy tiid yn Ingelân.

De trijeskippige tsjerke bestiet út in narteks en njoggen traveeën mei in trifoaria, ljochtbeuken en krúsgraatferwulften. It dwersskip bestiet út in fjouwerkante krusing en twa earmen fan trije traveeën lang. Boppe de krusing stiet in foarse mei kantelen ôfsletten toer.

It trije traveeën lange koer wurdt flak ôfsluten.

Foar in roomske tsjerke is de ûnbidich grutte romte mar sunich fan dekoraasjes foarsjoen. Yn de koerbôge stiet in triomfkrús. De smelle finsters hawwe ramen mei kleurrike foarstellings út de Bibel en fan hilligen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St John the Baptist Cathedral, Norwich