Gordon Riots
De Gordon Riots fan 1780 wiene in dagenlange opskuor fan anty-katolike sintiminten as réaksje op de Papist Act fan 1778, in wet fan it Britske Parlemint om in ein te meitsjen oan de searje fan strafwetten, dy't nei de reformaasje tsjin roomsk-katoliken yn Grut-Brittanje ynsteld wiene en ornearre wiene om de katoliken fan it iepenbiere libben út te sluten. Op it bekend meitsjen fan de Papist Act folge in grutskalich protest yn de haadstêd Londen, dat letter yn geweld einige.
De mars nei it Parlemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanfierder fan it protest wie de politikus en lieder fan protestantske organisaasjes Lord George Gordon (1751-1793). Hy warskôge dat de wet it foar katoliken mooglik makke om by it Britske leger te gean en sa in gefaar foar it lân foarmje koene. Likernôch 40.000 oant 60.000 minsken protestearren op 2 juny 1780 tsjin de wet en makken harren wei nei de Houses of Parliament, dêr't se in petysje tsjin de wet oerhandigje woene. De demonstranten besochten it House of Commons (it Legerhûs) yn te gean, mar slaggen net yn dy opset. Gordon mocht wol nei binnen en oerlange de petysje, mar bûten rûn de saak út de hân. Leden fan it House of Lords (it Hegerhûs) waarden by harren oankomst oanfallen en harren reau troch it lilke folk fernield. De ferantwurdlike minister wie fergetten in tal aginten op te roppen foar de oarder en it tal oanwêzigen yn it House of Commons wie te minmachtich om de lilke kliber op te kearen. Lang om let moast it leger de sitewaasje delbêdzje. De petysje waard mei in grutte mearderheid fan 192 stimmen tsjin 6 ôfwiisd.
Moorfields
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De autoriteiten tochten dêrnei dat it wer rêstich wie, mar op 'e jûn kaam der wer in bulte folk byinoar en foelen de katolike kapel fan de Sardynske ambassade oan. Dyselde nacht waard ek de kapel fan de ambassade fan it keninkryk Beieren oanfallen en fernield en yn 'e strjitten dêr't rike katoliken wennen fûnen plonderings plak. In dei letter ferskode it protest nei de Moorfields, dêr't in soad earme katolike Ieren wennen. Dy nacht waarden dêr in soad hûzen yn de brân stutsen. Tsjerken en kapellen waarden ferneatige en finzenissen dêr't de arrestearre oproerkraaiers fan in dei earder finzen set wiene waarden oanfallen. In soad finzenen wisten sa út te piken, dy't fakentiden nea werom fûn waarden.
Ein fan de opskuor
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 7 juny kaam de razernij ta in siedpunt, in dei dy't de bynamme "Swarte Woansdei" (Black Wednesday) krige. In oanfal op de Bank fan Ingelân koe mar krekt troch militêr yngripen tefoarren kommen wurde, dêr't in soad slachtoffers by foelen. It leger krige dy deis opdracht om te sjitten op groepen minsken fan mear as fjouwer man dy't wegeren harren te fersprieden. Dy deis waarden likernôch 285 minsken deasketten en nochris 200 rekken slim ferwûne. Sa'n 450 oproerkraaiers waarden arrestearre, wêrfan't tweintich oant tritich letter ta de deastraf feroardield waarden. Ek Gordon waard finzen set. Him waard heechferrie te lêste lein, mar hy waard net skuldich ferklearre. De boargemaster Brackley Kennett waard feroardiele ta in boete fan 1.000 pûn foar it fersaken fan syn plichten.Dêrnjonken feroarsake de opskuor in materjele skea fan meiïnoar 180.000 pûn. Likernôch 100 hûzen wiene plondere of ôfbaarnd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Gordon Riots
|