Katedraal fan Norwich

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katedraal fan Norwich

Norwich Cathedral

Norwich Cathedral from Cloisters, Norfolk, UK - Diliff.jpg
lokaasje
lân Flag of England.svg Ingelân
greefskip County Flag of Norfolk.svg Norfolk
plak Arms of Norwich.svg Norwich
adres Unthank Rd, Norwich NR2 2PA
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1096-1145
boustyl Romaanske en goatyske styl
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
lingte 141 meter
webside Side katedraal

De Katedraal fan Norwich (Ingelsk: Norwich Cathedral) is in oan de Hillige en Undielbere Trije-ienheid wijde katedraal yn de Ingelske stêd Norwich. De katedraal is de biskopstsjerke fan de Tsjerke fan Ingelân.

De bou fan de tsjerke waard yn 1096 mei útein set. It boumateriaal wie ôfkomstich út de omkriten fan Caen, Frankryk. Om romte te meitsjen foar de bou fan de nije gebouwen en in haven om it boumateriaal oan te fieren moasten in Angelsaksyske delsetting en twa tsjerken ôfbrutsen wurde. De katedraal waard foltôge yn 1145 mei de Normandyske toer en in houten mei lead ôfdutsen spits. Op ferskillende tiden wie it nedich dat de 96 meter hege spits en it eastlike ein op 'e nij boud wurde moasten, mar sûnt de lêste bou fan in stiennen spits yn 1480 hawwe der fierder gjin grutte feroarings mear west. De spits is de op ien nei heechste tsjerketoer fan Ingelân.

Yn de grutte kleastergong binne mear dan 1.000 rozetten, der't in grut tal fan útsnien en dekoratyf beskildere binne. Allinne de kleastergong fan de katedraal fan Salisbury is grutter as dy fan Norwich.

By de foltôging wie de 141 meter lange katedraal mei in dwersskip fan 54 meter it grutste gebou fan East Anglia.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Normandyske bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkeskip

Mei de bou fan de katedraal waard krekt nei de Normandyske oermastering fan Ingelân yn opdracht fan Herbert de Losinga yn it jier 1096 útein set. Noch altyd bestiet de katedraal út it âlde boumateriaal, dat út Frankryk helle waard en mei boaten oer de Wensum nei de boulokaasje fearn waard. Ek it grûnplan bleau sûnt de Normandyske tiid hast ûnferoare, útsein dat fan de meast eastlike kapel.

De katedraal hat in útsûnderlik lang skip fan fjirtjin traveeën. De transepten hawwe gjin sydskepen en it eastlike ein einiget yn in koeromgong mei apsis. De koeromgong jout tagong ta twa kapellen mei in bysûndere foarm, werfan't it grûnplan basearre is op twa inoar krusende sirkels.

De toer boppe de krusing wie it lêste foltôge (1140) boudiel fan de Normandyske katedraal. De hjoeddeiske spits stamt út it lêste diel fan de 15e iuw.

By in reboelje yn 1272 rekke de katedraal skansearre. Hindrik III liet swiere boetes oplizze. De restauraasje waard foltôge yn 1278 en yn dat jier kaam kening Edward I sels nei Norwich om op de advintssnein de katedraal oanwêzich te wêzen by it op 'e nij iepenjen fan de katedraal.

Lette midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan de grutte kleastergong, de iennige yn Ingelân mei twa ferdjippings en mei in ferwulft dat dekorearre is mei mear as tûzen rozetten, begûn yn 1297 en einige yn 1430, nei't de Swarte Dea de stêd pleage hie.

De Normandyske houten spits waaide der by in fûle stoarm yn 1362 ôf en mei de fal soarge it foar grutte skea yn de eastlike kapel. Dêrfandinne moast de ljochtbeuk fan it koer op 'e nij boud wurde. Dat barde yn de perpendicular styl. Yn de 15e en it begjin fan de 16e iuw waarden de houten plafonds fan de tsjerke ferfongen troch stiennen ferwulften. It ûnbidich tal fan hûnderten fersierde slútstiennen oerlibben de fernielsucht fan de Tudors en oanhingers fan Cromwell. Eltse rozet is dekorearre mei in teologysk ôfbyld; yn it skip byldzje se de wrâldskiednis út fan de skepping ôf, yn de kleastergong it libben fan Kristus en it Lêste Oardiel.

De spits fan de fieringstoer waard yn 1463 rekke troch de bliksem. It feroarsake brân dy't troch it skip raasde en sa fûl wie, dat de de krêmkleurige kalkstien út Caen op guon plakken rôze ferkleure. Biskop James Goldwell joech yn 1480 opdracht ta de bou fan in nije, 96 meter hege spits, dy't tsjintwurdich noch altiten de bekroaning fan de toer en de op ien nei heechste tsjerketoer fan Ingelân foarmet.

Ofbylden fan slútstiennen

Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1643 yn de Ingelske Boargerkriich foel in lilke kloft puriteinen de katedraal oan en ferneatigen in soad katolike symboalen. It gebou, dat dêrnei net mear brûkt waard, lei twa dessinia lang yn pún. It oargel en de tsjerklike klaaiïng waarden fernield, krúsen en monuminten waarden derhelle, wapens stikken slein en de tsjerkeboeken en fierder alles wat mar brânber wie nei it sintrum fan de stêd brocht om dêrmei in grut freugdefjoer te stoken. Dy deis wie de katedraal in drok gearkommen fan musketiers, dy't dêr smookten en dronken as wie de katedraal in herberch woarn en mei harren musketten der yn de katedraal op los skeaten. Yn de stiennen fan de tombe fan biskop Goldwell is noch jimmeroan ien fan dy kûgels te sjen. Mei de restauraasje fan de monarchy yn 1660 waard ek de katedraal wer opknapt.

19e-20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koerstuolte

It súdlike transept waard troch Anthony Salvin ferboud yn 1830. Charles Nicholson ûntwurp de yn de jierren 1930-1932 boude Marijekapel (Lady's Chapel) op it plak fan de 13e-iuwske foaragonger, dy't oan it ein fan de 16e iuw ôfbrutsen waard.

Yn 2004 waard op it plak fan it oarspronklike refektoarium oan de súdlike kant fan de kleastergong in nij refektoarium iepene. Op 4 maaie 2010 iepene keninginne Elizabeth II en de hartoch fan Edinburgh it nije Hostry Visitor & Education Centre, dy't no de haadyngong fan de katedraal is. Ek is dêr plak foar tydlike keunstútstallings.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Despenser Retabel

It koerstuolte hat in samling fan 61 miserikordes, dy't stamme út trije ferskate perioades: 1480, 1515 en healwei de 19e iuw.

Yn de Lukaskapel (St Luke's Chapel) stiet achter it alter in 14e iuwsk skilderwurk dat de namme Despenser Retabel draacht. It is ferneamd nei biskop Henry le Despenser (1369–1406). Troepen fan Despenser wisten yn 1381 mei súkses in opskuor yn Norfolk del te slaan en mooglik dat dêrnei út tankberens de opdracht jûn waard om it wurk te meitsjen. It lit foarstellings sjen fan it lijen, de dea, de ferrizenis en de himelfeart fan Kristus. It retabel waard yn 1847 ûntdutsen en waard oant dy tiid omkeard as tafelblêd brûkt.

It koperen doopfont waard getten fan kommen dy't earder brûkt waarden by it meitsjen fan sûkelade troch de Rowntree-fabryk yn Norwich. Doe't de fabryk yn 1994 ticht gyng krige de katedraal it doopfont.

Yn 2013 binne argeologen útein set mei it ûntsiferjen fan in grut oerflak oan midsiuwske graffity yn de katedraal. Hûnderten jierren lang lieten minsken harren boadskip achter troch se te skrassen yn de muorren fan de katedraal. Argeologen ûntdutsen tusken tekenings fan skepen, bisten, figueren, nammen, mûnen en gebeden ek muzykstikken yn noatebalken, fromme warskôgings en sels ferflokkings tusken de ynskripsjes oan.

'Waaierferwulft

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doksaal en oargel

Al sûnt de 14e iuw hat der in oargel yn de katedraal stien. Yn 1899 waard troch Norman& Beard in nij grut fiifmanualich oargel boud. Yn 1938 gyng dat oargel foar in grut part by in brân ferlern. It hjoeddeiske haadoargel waard yn de jierren 1940-1942 bouw troch Hill, Norman & Beard. It oargelfront yn de hjoeddeiske foarm is in ûtnwurp fan Stephen Dykes Bower en waard foltôge yn 1950. It ynstrumint hat 105 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal en heart ta de grutste katedraaloargels fan it lân. Bysûnder is it hegedrukregister Solo Tuba.

Yn 2017 makke de dekaan bekend dat der £2 miljoen frijmakke waard foar û.o. de weropbou fan it oargel.

Grêf Edith Cavell[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastlik fan it koer fan de katedraal stiet de Ferlosserskapel (St Saviour's Chapel). Bûten, oan de súdlike kant fan de Ferlosserskapel, leit it grêf fan de Britske suster Edith Cavell, dy't yn 1915 troch de Dútsers eksekutearre waard om't hja Belgyske kriichsfinzenen holp te flechtsjen.

Poarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa poarten lieden nei de katedraal. Ien fan dy poarten, de Etherbert Gate, waard ferneamd nei de Saksyske tsjerke dy't dêr tichteby stsie. De oarspronklike poarte waard by de opskuor fan 1272 ferneatige en ferfongen oan it begjin fan de 14e iuw. De poarte hat twa ferdjippings, werfan't de boppeferdjipping oarspronklik in oan Sint-Ehtelbert wijde kapel wie. De oare poarte is de Erpingham Gate, in poarte út 1420 dy't foar it westlike portaal fan de tsjerke oer stiet en tagong jout ta de close.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Norwich Cathedral