St George's Chapel

Ut Wikipedy
St George's Chapel
bouwurk
St. Georges Chapel, Windsor Castle (2).jpg
lokaasje
lân Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Ingelân
greefskip Flag of Berkshire.svg Berkshire
plak Windsor
bysûnderheden
type bouwurk Kapel
boujier 1475
boustyl Ingelske gotyk
oare ynformaasje
lingte 72 m
kapasiteit 800 persoanen

De St George's Chapel of Sint-Joariskapel is in kapel fan de Britske monarch by it Kastiel fan Windsor. De goatyske kapel is in "royal peculiar", wat ynhâldt dat de tsjerke net ûnder it gesach fan in biskop falt. It is ynstee in hûskapel fan de kening fan it Feriene Keninkryk, dy't it haad fan 'e Anglikaanske Tsjerke is. De kapel is boud troch kening Edwert IV en foltôge troch Hindrik VIII.

Der binne yn de kapel achttjin houliken sletten fan neikommelingen fan keninginne Fiktoaria. De kapel hat ek it plak west fan in soad keninklike begraffenissen. De grêfkelder fan it Britsk keningshûs is ûnder de kapel.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frijsteande St George's Chapel hat gjin toer mar dominearret al de ûnderste wyk fan it Kastiel fan Windsor. Hoewol't it offisjeel mar in kapel is, hat dit tsjerkegebou mei in lingte fan likernôch 72 m de grutte fan guon katedralen. It gebou, makke fan lichte sânstien, wurdt beskôge as ien fan de wichtichste wurken fan de Ingelske gotyk.

It eksterieur ûnderskiedt him troch de grutte finsters en de sierlike bôgen. It platte dak is net sichtber, mar it gebou wurdt kompletearre troch in boarstwarring mei pinakels dy't de heraldyske bisten fan de huzen fan Lancaster en York ôfbyldzje, lykas in falk, hart, draak en oare bisten. It útsprutsen dwersskip sit yn 'e midden fan de kapel, sadat it skip en it koer elk sân traveeën hawwe. Sawol it haadskip as it koer hawwe twa lege sydbeuken, yn it easten wurdt it koer fuortset troch in ienbeukige eardere frouljuskapel mei in tige hoekige útein.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferwulften en banieren
It westlike finster

It ynterieur fan de kapel, dat troch de grutte finsters ljocht is, makket yndruk mei it ryk strukturearre waaierferwulft. In opfallend ûnderdiel yn de ynrjochting fan de kapel wurdt foarme troch de ikehouten koerbanken foar de Ridders fan de Hoasbân, dêr't de banieren fan de hjoeddeiske leden boppe hingje, en de wapenskylden fan mear as 700 eardere leden fan de oarder. It westlike finster is mear as 9 meter heech en hast 9 meter breed en wurdt beskôge as ien fan de grutste glês-yn-leadfinsters yn Grut-Brittannië; it meastepart datearret út it begjin fan de 16e iuw. De kapel befettet de grêven fan keningen en in tal oare leden fan de keninklike famylje.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de St. George's Chapel waard yn it begjin fan de 20e iuw boud troch oargelbouwer Walter & Sons, en yn 2002 wiidweidich restaurearre troch de oargelbouwers Harrison & Harrison en foarsjoen fan in nij spylsysteem. It ynstrumint hat 71 registers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.