Spikerboar (toponym)
De namme spikerboar foar in wjittering en somtiden foar in wei waard ôflaat fan de foarm fan in spikerboar. Sa'n boar, ek wol omslachboar, waard brûkt om foar spikers dy't eartiids fjouwerkant smeid waarden, in gat te boarjen. Dy boar krige troch de tiid oan 'e tichte kant fan de C in greep om in nauwe (Ned: naaf) hinne en sa ûntwikkele de boar him fan in omslachboar ta de swingelboar fan hjoed-de-dei. De namme spikerboar as (eardere) toponym komt yn Fryslân trije kear foar.
Akkrum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske bedriuweterrein by Akkrum krige syn namme Spikerboar om't der oan de súdkant fanâlds in wjittering mei dy namme west hat. By de oanlis fan de Oeriselske Strjitwei yn 1827/28 en de spoardyk yn 1868 waarden de pleatslike wjitterings sadanich ferlein dat dy eigentlike spikerboar net mear te werkennen is. Op de kaart fan Schotanus fan 1718 is de foarm noch goed te sjen. In stik fan it omslach of de swingel is no ûnder de rykswei en it spoar ferdwûn. In eintsje fierder is in nije wjittering makke.
Snits
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de ûnderkant fan Snits njonken de strjitte mei de Nederlânske namme Spijkerboor is der op kaarten fan 'e achttjinde en 'e njoggentjinde iuw in stik fan de Wâldfeart dat Spikerboar neamd wurdt.
Tytsjerk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meastentiids wurdt de namme spikerboar foar de rin fan wjitterings brûkt, mar by Tytsjerk kaam er ek as toponym fan in wei foar. Op 'e kaart fan Wopke Eekhoff fan 1847 is yn 'e wei dy't no Suwâldsterdyk hjit, de foarm en de namme fan in spikerboar noch te finen. Dy namme is yn it ferjittersboek bedarre, mar de foarm hat oant no ta de ruilferkavelingen oerlibbe.
Fallaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Surhuzum wêr't de Suderheawei oergiet yn 'e Miedwei hat neffens Eekhoff eartiids yn de Aldfeart in fallaat sitten mei de namme Spikerboar Fallaat. De bewende foarm fan in haadletter C mei sa'n ynsetboar nei ûnderen ta is yn 'e Miedweg noch hieltiten te sjen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|