Spiegheltsjerke

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Spiegheltsjerke

De Spiegheltsjerke is in tsjerkegebou yn de wyk 'het Spieghel', yn it Noard-Hollânse plak en gemeente Bussum.

De tsjerke wie in ynisjatyf fan de Bussumske evangeliste Suzanna Maria van Woensel Kooy en ûntwurpen troch de famylje Van Woensel Kooy har arsjitekt, Theo Rueter. De opdrachtjouwer wie de Vereeniging tot Evangelisatie yn Bussum. Rueter ûntwurp de tsjerke yn in styl, dy't rekkene wurd ta de iere Amsterdamske Skoalle. De tsjerke waard yn 1925 iepene. Yn 2006 waard de toer restaurearre. Yn 1978 kaam der in Verschueren-oargel as ferfanging fan it oargel út 1930.

De toersklok wie oarspronklik bedoeld foar prinsesse Beatrix, mar kaam yn de Spiegheltsjerke te hingjen doe't bliken die dat de inisjalen fan de prinsesse yn spegelbyld op de klok setten wienen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: