Springe nei ynhâld

Theo Rueter

Ut Wikipedy
It hûs "Groenendaal" by Diepenveen neffens ûntwerp fan Theo Rueter boud yn cottagestyl (1909)

Theodor Wilhelm (Theo) Rueter (Haarlim, 9 septimber 1876 - Blaricum, 12 juny 1963) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Rueter waard opbrocht yn in keunstsinnige hûshâlding, syn broer Georg Rueter wie keunstskilder en grafysk ûntwerper.

Hy waard ferneamd fan syn ûntwerpen foar filla's yn It Goai. Hy ûntwurp wenten yn in tradisjonele, lanlike arsjitektuer, brûkte in ambachtlike bouwize en makke gebrûk fan tradisjonele materialen. Hy wie foarstanner fan in arsjitektuer dy't yn harmony wie mei de natuer rûnom.

Arsjitekten dy't him beynfloede hawwe wiene C.B. Posthumus Meyjes, by wa't er yn de lear west hie wie, Karel de Bazel en J.L.M. Lauweriks. Rueter gie 1901 by de Ynternasjonale Bruorskip fan Kristen-Anargisten, dy't by Blaricum yn in lânboukoloanje wennen. Rueter ûntwurp dêrfoar in tal koloanjehutten en bedriuwsgebouwen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Willy Beunke-Meekes, Th.W. Rueter (1876-1963). Bouwen naar een levensideaal: eenvoudig, harmonieus en doelmatig, Rotterdam, 2003, ISBN 9076643199