Springe nei ynhâld

Snitser Bloednacht

Ut Wikipedy
It oarlochsmonumint fan Snits
Plakette mei de nammen fan de slachtoffers fan de Bloednacht

De Snitser Bloednacht is de namme foar de nacht fan 13 op 14 july 1944 wêryn fjouwer ynwenners fan Snits likwidearre waarden as ferjilding foar de moard op in lid fan de Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps (NSKK).

De direkte oanlieding fan de Snitser Bloednacht leit op 12 july 1944. Op dizze woansdei waard NSKK'er Gaele van der Kooij troch it ferset ûntfierd en letter fermoarde. Yn de nacht fan 13 op 14 july naam de Dútske besetter wraak foar dizze likwidaasje.

Snitser Bloednacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

22.30-01.30 oere: oanfang, Tekelenburg

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 13 july 1944 fertrok om de klok fan 22.30 oere in bus mei 25 leden fan de NSKK fanút Ljouwert rjochting Snits. SD'er Jan Ale Visser, dy't bekend stie as sjitgraach, hie in list by him mei de nammen fan 25 foaroansteande ynwenners fan Snits. Dizze Snitsers stienen by de besetter as anty-Dútsk bekend.

Mei help fan twa NSB'ers dy't ôfkomstich wienen út Snits waard, neidat de list earder opsplitst wie, de syktocht begûn. De earste groep trof op hast alle adressen gjin bewoners oan. Oankommen by de Martinitsjerke seach Jan Tekelenburg, dy't yn de buert wenne en dy't op de deadenlist stie, alarmearre troch it lûd op strjitte troch it raam. By syn hûs oankommen waard hy daliks nei it iepenjen fan syn foardoar fermoarde.

01.30-02.30 oere: Bakker, Van der Heide

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twadde groep kaam om healwei twaen hinne by it hûs fan Jan Hendrik Bakker yn de Wide Noarderhoarne. Neidat hy meinomd waard hearde syn famylje letter in skot. Meidat it te nuodlik wie om nei bûten te gean, fûn syn soan de oare deis syn lyk. In pear minuten letter kaam it eskader oan by it hûs fan de famylje Van der Heide. Soan Feike hie inkele dagen dêrfoar spul hân mei in NSB'er, in fergryp dat dizze jûn syn dea betsjutte soe. Neidat hy fan hûs meinomd wie foel koart dêrnei it deadlike skot.

02.30-03.30 oere: Koelstra, Rasterhoff

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om healwei trijen wie it frou Koelstra dy't de doar iepen die foar de groep Dútsers. Efkes letter waard har man, Klaas Koelstra, troch 15 manlju meinommen. Op de Ljouwerterdyk waard Koelstra fermoarde. Hjirnei gie it oan op de wenning fan gemeentesekretaris Ludolf Rasterhoff. Hy waard yn syn efterholle sketten, mar hâlde him skyndea. Letter soe hy fan syn ferwûnings herstelle.

03.30 oere: ein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa'n twa oere neidat beide groepen harren ronde begûnen waard dizze beëinige omdat de spertiid foarby wie. De fjouwer deadlikke slachtoffers, allegear slachtoffer fan in skot fan Jan Ale Visser, waarden dus justjes letter fûn. De Snitser Bloednacht wie in feit.

It ferslach fan de likwidaasje fan Van der Kooij en de dêrop folgjende ferjildingsaksje ferskynde in pear dagen letter yn de yllegale parse.[1][2]

Snits soe op 15 april 1945 befrijd wurde.

Betinkingsplakette

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 septimber 2007 binne betinkingsplakettes ûntbleate op it oarlochsmonumint yn Snits mei hjirop de nammen fan de slachtoffers fan de Bloednacht. Ek yn de Grutte of Martinytsjerke is in betinkingspaniel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Spanjaard-Visser, Roelie, Klaas Koelstra: Fryske fersetsstriders -befrijers en oare belutsenen, rieplachte 19 july 2011
  • Fersetsmuseum: Tiiidline Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch, rieplachte 19 july 2011
  • Weblog Henk van der Veer: Oarlòchsmonument, rieplachte 19 july 2011

  1. Trouw d.d. 15 july 1944
  2. Op Wacht: Voor God, Nederland en Oranje d.d. 19 july 1944