Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Flagge fan it NSKK
In NSKK-er regelet it ferkear yn Posen, oktober 1939

It Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps (NSKK) wie in paramilitêr part fan de NSDAP, oprjochte op 1 april 1931. It haaddoel fan it NSKK wie it fersprieden fan de 'motorisearringstins': dat it populêr meitsjen fan it auto- en motorgebrûk. Yn de Twadde Wrâldkriich wie it in helporganisaasje foar ûnder oaren de Luftwaffe. Yn de oarloch wie it NSKK in befoarriedingsienheid oan de ferskate fronten. Oant juny 1942 waard de NSKK laat fan Adolf Hühnlein; nei syn dea waard er opfolge troch Erwin Kraus.

De NSKK hinge de rasse-ideology fan de NSDAP oan en naam alinne lju mei in Ariernachweis as lid op. It NSKK wie teffens belutsen by de deportaasje fan joaden yn de besette gebieten yn East-Jeropa.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Alex Dekker: Ook gij behoort bij ons! Nederlanners yn it NSKK, Alkmaar 2007, ISBN 978-90-811360-2-0
  • Dorothee Hochstetter: Motorisierung und „Volksgemeinschaft“. Das Nationalsozialistische Kraftfahrkorps (NSKK) 1931–1945. Oldenbourg, München 2004, ISBN 3-486-57570-8.