Springe nei ynhâld

Slotskirke (Hillerød)

Ut Wikipedy
Slottsjerke

Slotskirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Súd-Denemark
gemeente Hillerød
plak Hillerød
adres Frederiksborg Slot 2, 3400 Hillerød
koördinaten 56° 2'N 12° 36'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Helsingør
Arsjitektuer
boujier 1606–1617
boustyl Renêssânse
Webside
Side Slotskirke
Kaart
Slotskirke (Denemark)
Slotskirke

De Slottsjerke (Deensk: Slotskirke) is in tsjerkegebou yn de westlike fleugel fan it slot Frederiksborg yn 'e Deenske stêd Hillerød. De tsjerke wie in tsjerke dêr't in rige fan Deenske hearskers kroand waarden. De lêste kening dy't kroand waard yn de tsjerke wie Kristiaan VIII. Ek is de tsjerke de kapel fan de Oarder fan de Oaljefant (Elefantordenen), de heechste Deenske ridderoarder.

It ynterieur nei de noardlike rjochting

De tsjerke waard yn 'e jierren 1606-1617 tagelyk mei it nije slot yn opdracht fan kening Kristiaan IV boud. De tsjerke wie ornearrre foar de keninklike famylje, mar doe't in stoarm yn 1631 de âlde houten tsjerke fan Hillerød ferneatige, mochten de ynwenners de slottsjerke brûke oant de nije parochytsjerke klear wie. Fan dat lêste kaam neat telâne en om't de opfolgers fan Kristiaan IV it slot net mear as residinsje brûkten, bleau de tsjerke sûnt dy tiid gewoan as parochytsjerke yn funksje.

De brân fan 1859 ferneatige grutte dielen fan it slot, mar de tsjerke bleau foar it measte sparre. It reddingsteam wisten de ynrjochting fan 'e tsjerke gruttendiels te behoedzjen foar ferneatiging en dêrûnder binne ek it weardefolle alter en de preekstoel. Tsjin midsnacht sakke it meast noardlike ferwulft yn, itjinge de dea fan trije brânspuiters en de ferneatiging fan it grutte Maas-Lorentz-oargel feroarsake. De tsjerke is weelderich dekorearre mei stúkwurk.

It alter is yn 1606 makke troch Jacob Mores út Hamburch en stiet oan de súdlike kant fan de tsjerke. Kostbere materialen lykas goud, sulver en ivoar binne der yn ferwurke. De seishoekige preekstoel is nei alle gedachten ek in wurk fan Jakob Mores. Yn it midden fan de kûp stiet Kristus mei yn de hannen de wrâld en in laam. Op de oare kanten wurde de fjouwer evangelisten útbylde.

Tsjintwurdich hat de tsjerke twa doopfonten. Achter it alter stiet it âlde doopfont fan de tsjerke dy't Frederik II bouwe liet. Sûnt 1920 wurdt it doopfont net mear brûkt om't it doe ferfongen waard troch it sulveren doopfont dat troch Kristiaan X skonken waard oan 'e tsjerke. It hjoeddeiske doopfont is in kopy fan A. Dragsted neffens in tekening fan Jakob Mores fan in 17e-iuwsk doopfont dat ferdwûn is.

Compenius orgel

De tsjerke telt trije oargels, wêrfan't twa histoarysk binne.

It âldste oargel is it wrâldferneamde Compeniusoargel. It renêssânse ynstrumint waard yn de jierren 1605-1610 yn opdracht fan hartoch Hendrik Julius fan Brunswyk-Wolfenbüttel boud troch de Dútske oargelbouwer Esaias Compenius. Nei de dea fan de hartoch yn 161? joech syn widdo Sophie Hedwig, de yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert begroeven âldste dochter fan Frederik II, it oargel yn 1616 oan har broer, de Deenske kening Kristiaan IV. De bouwer fan it oargel, dat allinnich houten pipen hat, hat it ynstrumint sels demontearre en it wer opboud yn de Slottsjerke fan Frederiksborg. It oargel gyng net ferlern mei de brân fan 1859 om't it yn 1793 nei it Slot fan Kopenhagen gyng, dêr't it net brûkt waard.[1]

It haadoargel yn it rekonstruearre front fan it Maas-Lorentz-oargel

It grutte Maas-Lorentz oargel út 1671, boud troch Nicolaas Maas en nei syn dea foltôge troch Johan Lorentz, gyng ferlern doe't it ferwulft ynstoartte. Nei de brân fan 1859 mocht de Deenske oargelbouwer Marcussen & Søn in nij haadoargel foar de tsjerke bouwe. It yn 1864 foltôge ynstrumint foldie oan de doedestiidske moade en kaam yn in rekonstruearre front, sa't dat foar it eardere oargel makke wie. Yn 1944-1947 feroare en fergrutte Th. Frobenius & Co. it oargel. Om it oargel ek as konsertoargel te brûken waard it yn de rin fan de jierren 1950 en 1960 wer feroare. Lang om let moast it Marcussen-oargel yn de jierren 1970 plak meitsje foar in nij oargel fan Poul Gerhard Andersen, dat tsjintwurdich it haadoargel fan de tsjerke is. It Marcussen-ynstrumint kaam achter it nije oargel op de kreake te stean.[2] It Andersen-oargel ûndergyng yn 1998 in renovaasje en in lytse útwreiding.

Yn 2002 folge in restauraasje fan it Marcussen-oargel. It is by dy restauraasje safolle mooglik yn de oarspronklike steat werombrocht. Om't it Marcussen-oargel lykswol achter it nije Andersen-oargel stean bleau wie it net mooglik om it âlde wynsysteem mei de seis balgen te rekonstruearjen.

Tegearre mei de weropbou fan it slot nei de brân fan 1859 waard ek de spits fan de klokketoer wer yn oarder makke. De toer waard yn 2002 renovearre en op 'e nij mei koper belein.

Yn de toer hingje fjouwer liedklokken dy't getten binne yn 1863 troch Anker Heegaard. De grutste klok hat in diameter fan 1.33 meter en de oaren ha in trochsnee fan 1.02, 0.88 en 083 meter.

Mei de liedklokken gyng by de brân ek it troch Johannes Heckelaur (Nordhausen) makke klokkespul út 1619-1621 ferlern. Der waard al rillegau in nei klokkespul besteld, mar Denemark hie doe op dat stuit net de kunde yn 'e hûs foar de krekte ôfstimming fan de klokken. It duorre noch oant 1895 om it 27 klokken tellende klokkespul seis hymnen spylje te litten, nei 't de toerklokfabrikant Julius Bertram-Larsen it klokkespul ynstallearre hie. De filantroop Jacob Christian Jacobsen makke it ien en oar finansjeel mooglik.

By de restauraasje fan de toer yn 2002 waarden de klokken nei ûnder helle om de klokkestoel te ferfangen troch in nije fan waarbestindich materjaal. De klokken gyngen nei Nederlân foar in restauraasje en tagelyk waard ek de hiele mechanyk en de spyltafel fernijd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Frederiksborg Slotskirke