Springe nei ynhâld

Hillerød (gemeente)

Ut Wikipedy
Hillerød
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioHaadstêd
boargemasterKirsten Jensen
sifers en geografy
haadplakHillerød
ynwennertal50.650 (2018)
oerflak213,46 km²
skiednis
oprjochte2007
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.hillerod.dk/borger

Hillerød is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 oprjochte en bestiet út de gearfoeging fan de folgjende gebieten:

  • de eardere gemeente Hillerød;
  • de eardere gemeente Skævinge;
  • it Uvelse Valgdistrikt fan de gemeente Slangerup.

It doedestiidsk yn de gemeente Slangerup lizzende Uvelse Valgdistrikt stimde op 15 jannewaris 2005 yn in referindum yn mearderheid (56,9%) foar oansluting by de gemeente Hillerød. It referindum bleau ynearsten sûnder folgen om't de gemeente Slangerup in mearderheid fan 75% easke. Lykwols kamen de partijen oerien in nij referindum út te skriuwen mei it prinsipe fan in gewoane mearderheid. De stimming fûn op 26 april 2005 plak en 54,6% keas op 'e nij foar Hillerød.

Grutste plakken yn de gemeente
NrPlaknammeYnwenners (2018)
1Hillerød32.689
2Skævinge2.638
3Nødebo2.058
4Ny Hammersholt1.307
5Tulstrup1.205
6Gørløse1.188
7Gadevang1.153
8Uvelse986
9Store Lyngby837
10Meløse635
11Alsønderup525
12Nørre Herlev425
13Ny Harløse217
14Brødeskov201


Boarnen, noaten en/as referinsjes: