Slot Glücksburg
Slot Glücksburg | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
plak | Glücksburg | |
koördinaten | 54° 49' N 9° 32' E | |
Webside | ||
hiemside Slot Glücksburg | ||
Kaart | ||
It Slot Glücksburg (Dútsk: Schloss Glücksburg; Deensk: Lyksborg Slot) is ien fan 'e belangrykste renêssânsekastielen fan Noard-Europa. It wie it stamslot fan 'e hartochlike line fan it Hûs Glücksburg en hat tydlik de residinsje fan it Deenske keningshûs west. It wetterkastiel leit oan it Flensburger Fjord en is ien fan de bekendste toeristyske attraksjes fan Sleeswyk-Holstein. Yn it slot is in museum.
Kleaster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1210 hinne stiften muontsen yn it hjoeddeiske Glücksburg in nij sistersjinzersk kleaster. De muontsen fan dat Rüdekleaster bewennen en bewurken it lân yn 'e omkriten, mar waard yn it ramt fan de reformaasje yn 1538 sekularisearre. It kaam doe yn it besit fan 'e Deenske kening Kristiaan III.
Skiednis fan it slot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it slot begjint yn 1582. Doe beliende de Deenske kening Freark II û.o. it lân fan Sundewitt, it kleaster Reinfeld en it âlde Rüdekleaster oan syn jongere broer Jehan (ek Hâns de Jongere). It regear oer it hartochdom lei foar in grut part yn hannen fan syn âldere broer en hy wie dus net sa belangryk, mar hy wist syn fermogen en oansjen op oare manieren te fermearderjen. As typyske hartoch fan syn tiid brocht er syn rykdom ta útdrukking mei ferskillende bouprojekten, lykas de yntusken ôfbrutsen kastielen yn Reinfeld en Ahrensbök. Hy modernisearre it Slot fan Sønderborg en stifte yn 1582 Glücksburg op it plak fan it Rüdekleaster as in wenslot foar himsels en syn famylje.
Stamsit âldere line Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Jehan yn 1622 waard it hartochdom Sleeswyk-Holstein-Sonderburg ûnder de erfgenamen opdield. Jehan's soan Filip krige it slot en it lân fan 'e Glücksburg en wie de earste fan 'e âldere line Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg. It slot bleau mear as 150 jier de sit fan 'e hartoggen fan dy line fan in titulêrhartochdom, dat mar lyts wie en fierder net it measte betsjutte. Alhoewol't de leden fan it Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg harren altiten wer yn oare aadlike famyljes trouden, spilen hja fierder gjin rol yn 'e skiednis fan it lân. Healwei de 17e iuw bestie it hôf fan it kastiel en de bygebouwen út likernôch 80 minsken. Mei it ferstjerren fan Freark Hindrik Willem fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg stoar de âldere line Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg yn 1779 út en gie it slot op de Deenske Kroan oer.
Stamsit jongere line Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1825, nei de dea fan 'e frou fan Freark Hindrik Willem fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg, droech kening Freark VI it slot oan syn sweager Freark Willem fan it hûs Holstein-Beck oer, dy't dêrmei de stifter fan 'e jongere line fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg waard. Freark Willem assistearre de Deenske kening by it Kongres fan Wenen en waard foar syn wurk mei in hartochlike titel beleanne. Freark Willem soe lykwols net sels op it kastiel wenje, mar syn frou Louise Caroline residearre dêr oant de Earste Dútsk-Deenske Kriich. Ien fan harren bern waard de lettere Deenske kening Kristiaan IX, de stamheit fan de hjoeddeiske Glücksburger line op 'e Deenske troan.
De Deenske keninklike famylje brûkte it slot fan harren famyljeleden faak as simmerresidinsje. Kening Freark VII wie sûnt 1854 ek út en troch op Glücksburg, oant er dêr yn 1863 sûnder neiteam ferstoar.
Neffens it Protokol fan Londen fan 1852 waard Kristiaan IX fan 'e Glücksburger line syn opfolger. Under syn bewâld krige it wetterslot de bynamme "widze fan Europa" en de nije kening waard fakentiden as "de skoanheit fan Europa" neamd. Ut it houlik fan Kristiaan mei prinsesse Louise fan Hessen trouden nammentlik trije dochters yn 'e keningshuzen fan Ingelân en Ruslân: Aleksandra troude mei de takomstige kening Edward VII, Dagmar mei de takomstige tsaar Aleksander III en de jongste dochter Thyra mei de hartoch fan Cumberland. De twadde soan waard as George I kening fan Grikelân en de pakesizzer Carl waard kening fan Noarwegen. It Hûs Glücksburg is besibbe oan hast alle grutte Europeeske foarstehûzen fan dy tiid oant no ta.
Prusysk besit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de ôfrin fan 'e Twadde Dútsk-Deenske Kriich (1864) kaam der in ein oan 'e lange uny fan it Deenske Keninkryk en de hartochdommen fan Sleeswyk en Holstein. It slot kaam yn Prusyske hannen en om oer de takomst fan it slot te kedizen brocht kening Wilhelm I by in besite oan Flensburch ek in besite oan it slot. De kening hie lykwols net in soad ynteresse yn it ûnreplik guod en droech it slot yn 1869 oer oan 'e hartogelike famylje.
Karel fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg, in broer fan kening Kristiaan IX bewenne it slot wer, dat sûnt dy tiid yn hannen fan 'e famylje bleau. Ta de bekendste gasten fan it slot hearde de lêste Dútske keizerinne Augusta Viktoria, dy't út it besibbe Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg stamde. Nei de keizerinne waarden in tal keamers op de earste ferdjipping ferneamd. Ek Wilhelm II wie regelmjittich op it slot.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard ûnder Dönitz de sit fan it Dútske regear nei it oanbuorjende Mürwik ferlein. De Glücksburg waard troch Reichsminister Albert Speer brûkt, dêr't er op 23 maaie 1945 troch de alliearde troepen oppakt en ynearsten yn Flensbruch finzen set waard. Yn it kastiel waarden 200 man fan 'e Wehrmacht fêstholden. Britske troepen plonderen it kastiel en stelden in soad saken, dy't letter nei in oprop fan 'e Britske keninginne foar in part werom jûn binne. Fierder waarden yn 'e krypte fan it slot 32 deadskisten iepene. De famylje fan Friedrich Ferdinand von Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg waard by de plonderingen troch Britten ûnder skot holden.
It slot en it museum gyng mei Pinkster 1948 wer iepen foar it publyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Schloss Glücksburg (Glücksburg).
|