Springe nei ynhâld

Oerlis:Slot Glücksburg

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Stavering

[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Goeie. Soe hartogelik(e) net hartochlik(e) wêze moatte? Frysker jout gjin útslútsel. Drewes (oerlis) 2 nov 2023, 17.15 (CET)[beäntwurdzje]

Ik koe it likemin yn it wurdboek fine. Miskien wit @Ieneach fan 'e Esk:, @Kneppelfreed: of @Wutsje: dat.--RomkeHoekstra (oerlis) 2 nov 2023, 18.11 (CET)[beäntwurdzje]
Op yntuysje soe ik hartochlik skriuwe. Dijkstra (1996): Foar in soad minsken is it in poepetoer de g en de ch op it krekte plak te brûken. Hy skriuwt (foar safier hjir fan belang) dat:
  1. oan 'e ein fan in wurd of wurdlid altyd ch stavere wurdt (fraach, beweechlik);
  2. útsein foar -d, -m, -n of foar -b, -j, -l, mar dat lêste dan wer
  3. útsein as it om in gearstalling giet; màr
  4. foar -b en -l wurdt somtiden ek mei -g stavere. De útspraak jout dan oan hoe't stavere wurde moat. Trilje de stimbannen, dan moat stavere wurde mei -g, trilje de stimbannen net, dan moat stavere wurde mei -ch.
Fan dat lêste jout er dan dizze foarbylden: moog-lik, deeg-lik, daag-liks, ûntsach-lik, behaach-lik, beweech-lik.
En no't ik dit sa opskreaun haw, reitsje ik ynienen sels ek yn 'e betizing... Wutsje 2 nov 2023, 19.14 (CET)[beäntwurdzje]
Oanfolling: yn Delpher binne beide staveringswizen nearne te finen en oan it WFT hawwe jin ek al neat. Wutsje 2 nov 2023, 19.28 (CET)[beäntwurdzje]
@Wutsje, @RomkeHoekstra ik soe it oars net witte. Soe it oars hartochsk wêze, of faaks fan 'e hartoch? Bestiet dat wurd yn it Frysk wol as it letterlik oerset wurdt? Kneppelfreed (oerlis) 2 nov 2023, 22.51 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra, Wutsje, en Drewes: Goeie. Neffens my moat it yndie "hartochlik" wêze, sa't Drewes al seit. Dat basearje ik op it feit dat yn oare wurden dy't yn it Nederlânsk de útgong -gelijk hawwe, lykas bewegelijk, yn it Frysk de -e- der tuskenút falt: "beweechlik". Dan liket it my net mear as reedlik om te ûnderstellen dat dyselde regel ek by hertogelijk fan tapassing is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2023, 01.47 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes, Wutsje, en Drewes:: Tank allegearre, ik ha it nyskrektsa oanpast yn hartochlik.--RomkeHoekstra (oerlis) 3 nov 2023, 07.21 (CET)[beäntwurdzje]