Skoatterlânske Kompanjy

Ut Wikipedy

De Skoatterlânske Kompanjy of Feankompanjy waard op 24 july 1551 oprjochte om de feangrûnen fan Skoatterlân ôf te graven.

De maatskippij waard oprjochte troch trije hearen: Piter fan Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. It is de op ien nei âldste Naamloze Vennootschap fan Nederlân. De Skoatterlânske Feankompanjy fêstige him yn 1602 yn it Oranjewâld op Sickingastate. Dy pleats foarme it begjin fan it lettere Oranje besit.

De kompanjy kocht 6.500 hektare heechfean yn Súdeast-Fryslân oan en liet dy ôfgrave. Turf wie yn dy tiid de wichtichste brânstof. It 'Hearren'fean groeide dêrtroch hurd: oan de ferkeap fan it ‘brune goud’ waard in soad jild fertsjinne.

Yn 1556 waard de Hearresleat fan Akkrum nei it Hearrenfean groeven en dat wie it begjin fan de eksploitaasje fan it Skoatterlânske feangebiet. Foar de ûntginning dêrfan en de ôffier fan de turf waarden fearten en heaksk dêrop steande wiken groeven. De Skoatterlânske Kompanjy liet fanút it Hearrenfean de Skoatterlânske Kompanjonsfeart dolle dy't yn 1627 oant Ketlik en yn 1652 oant Nijhoarne trochhrûn. De feart waard yn 1732 trochlutsen nei Hoarnstersweach.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]