Floris Foeyts

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Floris Foeyts (? - 1566) wie ien fan de kompanjons dy't yn de 16e iuw de Skoatterlânske Kompanjy oprjochte yn Skoatterlân.

Hy wie in begoedige Utertske patrysjer, mei wa't Pieter van Dekema kontakt opnaam. Hy hearde ta de jildsjitters by de oprjochting fan de kompanjy, wêrfan't de akte op 24 july 1551 yn Utert tekene waard. Dêrfoar hie hy al te krijen hân mei Van Cuyck by ferfeantingen yn Utert dy't troch gebrek oan jild beëinige waarden. It begjinkaptaal fan de Kompanjy wie 22.000 karolusgûnen. Yn 1552 waard it útwreide ta 32.400 karolusgûnen. Hjiryn hienen Van Dekema en Foeyts elk 1/4 oandiel en Van Cuyck 1/2. Van Dekema die de oankeapen fan feangrûn (mei Melchior de Grutte fan Aldskoat) en hie de deistige lieding. Hy barde 22 stuorren deis. By de oankeapen waard trochstrings 3 karolusgûne de "roede" betelle. Nei Peaske 1553 waarden net folle oankeapen mear dien, omdat it kapitaal op wie.

Foeyts ferstoar yn 1566. Syn widdo Emmeke Lammen hat syn oandiel oant har ferstjerren yn 1599 ta foar har rekkening hân. Yn 1568 wienen haad fan de Foeyts Kompanjy de sweager fan Foeyts, Isbrant Lamm en dy syn skoanheit JanBogaert de Oude, wylst in oar famyljelid, Jacob Dedel, ek wol sa neamd wurdt. Tusken 1621 en 1625 binne de besittingen fan Foeyts ferkocht. Om 1641 hinne waard noch praat fan it Lams Kontingint ûnder Langsweagen en de Lams Feanen ûnder Aldhoarne, grif neamd nei de widdo fan Foeyts.