Springe nei ynhâld

Sjuck fan Burmania Rengers

Ut Wikipedy
Sjuck Gerrolt Juckema baron fan Burmania Rengers
troch Bernard Accama

Sjuck Gerrolt Juckema baron fan Burmania Rengers, hear fan Oosterbroek en Cammingaborg, mei de bynamme Lange Sjuck, (Ljouwert, 6 maart 1713 - Ysbrechtum, 30 maart 1784) wie grytman fan Frjentsjerteradiel (1732), grytman en dykgraaf fan Wymbritseradiel (1747), Kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer en deputearre op de gearkomst fan de Steaten-Generaal yn 1746, 1749, 1751-1755, 1761-1763. Neifolgjend hie er in sit yn de Ried fan Steat.

Sjuck waard berne yn Ljouwert as soan fan Egbert Rengers (1687-1745), hear fan Farmsum, Tuinga, Oldenhuis en Tammingahuizen, bewâldfierder fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy, kommittearde yn de ried fan de Ommelannen en kurator fan de Grinzer Hegeskoalle, en syn earste frou Titia Barbara fan Burmania (1686-1714). Hy wenne op Epema State nei syn houlik yn 1743 mei Odilia Amelia H.R., ryksgrevinne fan Welderen (24 novimber 1723 - 19 oktober 1788). Hy stoar yn 'e âldens fan 61 jier. Hy ferkocht yn 1781 de havezate Oosterbroek oan de Grinzer advokaat en ûndernimmer Tonco Modderman.

Hy wie de heit fan Egbert fan Burmania Rengers, boargemaster fan Ljouwert en lid fan it Steatsbewâld[1][2] en fan Duco Gerrolt Rengers van Farmsum (1750-1810), dy't ûnder oare lid fan it Wetgevend Lichaam wie.

It Rengerspark yn Ljouwert is nei in neikommeling fan Sjuck neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: