Springe nei ynhâld

Brandaan fan Clonfert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Brandarius)
Brandaan fan Clonfert
"Sint Brendan en de walfisk" út in 15e-iuwsk manuskript
"Sint Brendan en de walfisk" út in 15e-iuwsk manuskript
persoanlike bysûnderheden
echte namme Brennain mac Findloga
oare namme Brennain moccu Alti
nasjonaliteit Munstersk
berne ±484
berteplak Ciarraighe Luachra (Munster)
stoarn ±577
stjerplak Annaghdown (Konnacht)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
berop/amt roomsk abt
aktyf as tsjerkfaar
jierren aktyf ±500 – ±577
reden
  bekendheid
● stifting fan ferskate kleasters
● legindaryske 9-jierrige swalk-
   tocht oer see
● syn hillichferklearring
It stânbyld fan Sint Brandaan yn Bantry, yn it greefskip Cork.

Brandaan fan Clonfert484, Ciarraighe Luachra – ±577, Annaghdown), wie in iere Ierske tsjerkfaar en ien fan 'e Tolve Apostels fan Ierlân, dy't nei syn dea hillich ferklearre is. Roomsen, anglikanen en eastersk-otterdoksen kenne him as Sint Brandaan, en fiere syn hjeldei op 16 maaie. Hy is ek wol bekend as Brandaan de Seefarder en hiet eins Brennain mac Findloga (Brennain soan fan Findlag) of Brennain moccu Alti (Brennain oerpakesizzer fan Alti). Letter waard er bekend ûnder fertalings of oanpassings fan syn namme: Iersk: Breandán; Yslânsk: Brandanus; Ingelsk: Brendan; Latyn: Brendanus of Brandanus. Yn it Frysk en Nederlânsk waard syn namme ek wol ferbastere ta "Brandaris"; nei him is de Brandaris, op Skylge neamd.

Brandaan wie in roomsk abt, en stifte yn Ierlân ferskate kleasters, wêrûnder (om 568 hinne) dat yn Clúain Forta (Clonfert), yn Konnacht, dêr't syn namme mei ferbûn bleaun is. Oer syn libben is al net in bjuster soad bekend en wat der is, is neitiid alhiel yn it skaad kommen te stean fan 'e hilligeferhalen dy't har oer him ûntjûn hawwe. Hy is fral bekend fan syn legindaryske njoggenjierrige swalktocht oer de seeën, dy't oerlevere is yn in grut tal farianten, lykas de Latynske proazaferzje Navigatio Sancti Brendani Abbatis (De Seereis fan de Hillige Abt Brendan) út 'e njoggende of tsiende iuw, en it Midnederlânske gedicht Van Sente Brandane (De Reis fan Sint Brandaan). Yn 2012 ferskynden dy beide, tegearre mei noch twa teksten oer Brandaan, it tsiende-iuwske Vita Sancti Brendani Clonfertensis (It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan) en it Oratio Sancti Brendani (It Gebed fan Sint Brendan), yn in Fryske oersetting ûnder de titel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.