De Seereis fan de Hillige Abt Brendan
De Seereis fan de Hillige Abt Brendan | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Navigatio Sancti Brendani Abbatis | |
auteur | anonimus | |
taal | Latyn | |
foarm | ferhaal | |
sjenre | reisferhaal | |
skreaun | 9e of 10e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Seereis fan de Hillige Abt Brendan | |
publikaasje | 2012, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Eibert van der Veen | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 44 254 |
De Seereis fan de Hillige Abt Brendan, yn it oarspronklike Latyn: Navigatio Sancti Brendani Abbatis, is in proazaferhaal fan in anonime skriuwer út 'e njoggende of tsiende iuw oer de legindaryske seereis fan 'e Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert (±484-±577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris op Skylge neamd is. De Fryske oersetting fan Eibert van de Veen waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In neef fan Brandaan, Sint Barintus, fertelt him oer syn besyk oan in eilân dat er "it Lân fan Belofte fan de Hilligen" neamd. Brendan wurdt sa oansprutsen troch Barintus syn ferhaal, dat er it mei eigen eagen sjen wol en mei fjirtjin mûntsen yn in boat dy kant út set. Lang swalkje se op see om en besykje dêrby frijwat eilannen, mei dêrûnder ien dy't it paradys fan 'e fûgels is, in eilân dêr't inkeld druven groeie, in eilân dêr't inkeld smidden wenje en in oar eilân dat net in eilân, mar in ûnbidige walfisk blykt te wêzen. Nei withoefolle omdoarmings en aventoeren, wêrby't God ferskate kearen yngrypt om harren te rêden, fine se einlings en te'n lêsten it Lân fan Belofte fan de Hilligen. Dan keare se werom nei hûs en kin Brandaan tefreden stjerre.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan 'e Navigatio Sancti Brendani Abbatis ferskynde yn 2012 ûnder de titel De Seereis fan de Hillige Abt Brendan as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld (yn 'e mande mei It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan, It Gebed fan Sint Brendan en De Reis fan Sint Brandaan) by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Eibert van der Veen, dy't dêr de ferzje foar brûkte dy't yn 1989 troch Carl Selmer gearstald waard út ûnderskate út 'e Midsiuwen oerlevere hanskriften.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|