Sint-Sofiakatedraal (Veliki Novgorod)

Ut Wikipedy
Sofiakatedraal

Софийский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Veliki Novgorod
koördinaten 58° 31' N 31° 16' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1045—1050
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 561410024230256
offisjele webside
Side fan de katedraal

De Sint-Sofiakatedraal (Russysk: Софийский собор, Sofiski Sobor) waard boud tusken 1045 en 1050 yn it kremlyn fan de Russyske stêd Veliki Novgorod. De 38 meter hege tsjerke is ien fan de earste stiennen bouwurken fan Noard-Ruslân. De bou markearret it begjin fan de Russyske arsjitektuer en is ien fan de pré-Mongoalske tsjerken fan de Rûs'.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

11e-iuwsk fresko

De stiennen, fiifkoepelige katedraal waard boud tusken 1045 en 1050, yn opdracht fan Vladimir fan Novgorod, om de 10e-iuwske ôfbaarnde houten katedraal fan biskop Joachim te ferfangen. It fresko fan Konstantyn en Helena by de súdlike yngong is ien fan de âldste keunstwurken fan de katedraal en waard nei alle gedachten oanbrocht ta oantinken fan de wijing op 14 septimber 1050 (of 1052).

De namme Sofia ferwiisd foar dizze katedraal net nei in froulike hillige, mar nei it Grykske wurd foar wiisheid; de katedraal waard sadwaande yn neifolging fan de Hagia Sofia fan Konstantinopel wijd oan de Hillige Wiisheid fan God.

De heechste koepel tusken de fjouwer lytsere koepels waard yn 1408 fergulde. In sechde koepel, dy't tagelyk de grutste is, stiet op in toer dy't nei de hegere galerijen liedt. De galerijen joegen yn de midsiuwen plak oan de skatkeamer en de bibleteek, dêr't Jaroslav de Wize mei begûn op te bouwen. Doe't de bibleteek yn 1859 nei de Otterdokske Akademy fan Sint-Petersburch ferhuze, bestie dy út mear as 1500 wurken. Guon dêrfan datearje út de 13e iuw.

Klokketoer

De koepels krigen harren helmeftige foarm yn de jierren 1150, nei't de katedraal fanwegen in brân renovearre wurde moast. It ynterieur waard beskildere yn 1108. Inkelde desennia letter waarden de bûtenmuorren stuke. De fresko's dy't yn dy tiid oan portalen oanbrocht waarden binne troch de mannichfâldige brannen net goed bewarre bleaun. Yn de jierren 1860 waarden dielen fan it ynterieur op 'e nij beskildere; de measte fresko's dy de tsjerke hjoed-de-dei dekorearje stamme út de jierren 1890. De klokkemuorre waard yn opdracht fan aartsbiskop Evfimii II (1429-1458) boud. Deselde aartsbiskop liet yn 1433 ek it fasettenpaleis noardwestlik fan de katedraal bouwe.

Tombe by it Martirjevskaja-portaal

In lange tiid hat de Sofiakatedraal ek in nekropolis west; yn de tsjerke waarden 47 promininte minsken begroeven. Dêr foelen prinsen, biskoppen, aartsbiskoppen, metropoliten en oare lieders ûnder. De earste begraffenis yn de katedraal wie dy fan prins Vladimir yn 1052 en de lêste begraffenis wie dy fan metropolyt Gûrii yn 1912. De measte grêven lizze ûnder de flier fan it Martirjevskaja-portaal (oan de súdkant), dat ferneamd waard nei biskop Martirii (1193-1199). De lettere begraffenissen fûnen plak oan de noardlike kant fan de katedraal.

Yn 1570 waard de katedraal plondere troch de Opritsjnina fan Ivan de Skriklike, mar neitiid waard yn opdracht fan aartsbiskop Leonid (1572-1575) in renovaasje útfierd. Hy liet de houten stoel foar de tsaar meitsje, dy't oan de súdlike kant fan de sintrale tsjerke stiet. Fan de ljochters dy't Leonid oanskafte bleau der mar ien oer.

Sûnt it begjin fan de 18e iuw residearren de aartsbiskoppen en metroliten fan Novgorod yn Sint-Petersburch (de titel wie Aartsbiskop (metropolyt) fan Novgorod en Sint-Petersburch). Tolve fan dizze aartsbiskoppen fan Novgorod en Sint-Petersburch (of Leningrad) lizze begroeven yn it Aleksander Nevsky Lavra yn Sint-Petersburch.

It oarspronklike krús fan de haadkoepel

Under de besetting fan Novgorod yn de Twadde Wrâldkriich rekke it kremlyn by gefjochten slim skeind. De Spaanske ynfantery liet it mei in fûgel bekroande krús fan de grutte koepel helje en foar mear as 60 jier bleau it krús yn it Militêre Museum fan Madrid, oant it op 16 novimber 2004 wer oerdroegen waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Troch de kriich rekken de koepels fan de katedraal slim skeind en lei it fresko fan Kristus Pantokrator yn pún.

Gâns de Sovjet-tiid bleau de Sofiakatedraal in museum, mar yn 1991 waard it gebou oerdroegen oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikoan fan it Teken

It âldste ikoan is nei alle gedachten it Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken, in ikoan dat neffens de oerlevering de stêd yn 1169 by de ferdigening tsjin de oanfal fan Sûzdalia (yn dy tiid it gebiet om Vladimir, Sûzdal en Moskou) de oerwinning brocht. It ikoan waard doe troch aartsbiskop Ilja út de Transfiguraasjetsjerke helle om it yn de katedraal en op de muorren fan de stêd sjen te litten. Njonken de Transfiguraasjetsjerke waard letter yn de 17e iuw de Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken boud, om it ikoan dêr te ferearjen. Yn de Sovjet-tiid waard it ikoan bewarre yn it Novgorod Museum (dêr't ek de oerbliuwsels fan biskop Nikita ûnearbiedich yn in pûde leine). It ikoan waard yn de jierren 1990 wer oerdroegen oan de katedraal en stiet tsjintwurdich by de keninklike doarren fan de ikonostase. Ek tige âld is it Ikoan fan de Hillige Wiisheid fan God, dat in part wie fan de ikonostase (op it plak yn de ikonostase dêr't ornaris de patroanhillige fan de tsjerke hinget). Fan ferskate ikoanen wurdt sein dat se skildere binne troch, of yn opdracht fan, aartsbiskop Vasilii Kalika (1330–1352) en aartsbiskop Iona (1458–1470). Aartsbiskop Makarii (1526-1542) soe de ikoanen fan de lytse ikonostase yn de Kapel fan de Berte fan de Mem Gods skildere ha.

Doarren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De doarren út de katedraal fan Płock

Troch de iuwen hinne hat de katedraal trije pear ferneamde doarren hân, dy't ûnder de Korsun-, Vasilii- en Sigtuna- (of Płock- of Maagdeburch-) doarren bekend steane. De Korsun-doarren hingje yn de westlike tagong fan de Kapel fan de Berte fan de Mem Gods yn de súdeastlike hoeke fan de katedraal en kamen troch biskop Joakim Korsunianin yn de katedraal te hingjen (de namme fan de biskop ferwiisd nei bannen mei Korsun op de Krim). De Vasilii-doarren binne yn 1335 skonken troch aartsbiskop Vasilii Kalika, mar mei de plondering yn 1570 waarden de doarren út de katedraal helle en krigen in plak yn de residinsje fan tsaar Ivan IV yn Aleksandrov by Moskou, dêr't se noch jimmeroan te sjen binne. De doarren yn de westlike tagong (ornearre as de haadyngong fan de katedraal, alhoewol't de hjoeddeiske haadyngong de noardlike yngong is) wurde de Sigtuna-, Maagdeburch- of Płock-doarren neamd. Fan de doarren wurdt sein dat se oant de plondering troch troepen fan Novgorod yn 1187 yn de Sweedske stêd Sigtuna hongen. Se waarden lykwols nei alle gedachten yn de jierren 1152-1154 getten troch keunstners yn Maagdenburch foar de aartsbiskop fan it Poalske Płock foar de tagong fan de katedraal, dêr't se likernôch 250 jier hongen. Se kamen nei alle gedachten tsjin de ein fan de 15e iuw yn Novgorod troch aartsbiskop Evfimii II, dy't westerske keunst bewûndere. Hoe't de doarren yn Novgorod telâne kamen is net bekend. In teory is dat de doarren by in plondering troch heidenske Litouwers yn de 13e iuw út de katedraal helle waarden en op de ien of oare wize letter nei Novgorod kamen. De stêd Novgorod joech yn 1982 oan de katedraal fan Płock kopyen fan de doarren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]