Sint-Leonardustsjerke (De Bosk)
Sint-Leonardustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
plak | De Bosk | |
adres | Emmaplein 25 | |
koördinaten | 51° 41 N 5° 17' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-katolike Tsjerke | |
bisdom | De Bosk | |
patroanhillige | Leonardus fan Veghel | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jules Dony | |
boujier | 1905-1973 | |
boustyl | Neogotyk | |
Kaart | ||
De Sint Leonardustsjerke yn De Bosk wie in roomske tsjerke oan it Emmaplein 25.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1905 as de parochytsjerke foar de nije stedsútwreiding 't Zand, west fan 'e âlde stêd. It monumintale gebou wie in ûntwerp fan de doetiidske, oarspronklik yn Belgje berne stedsarsjitekt Jules Dony.
De yn neogoatyske styl boude Leonardustsjerke wie in grutte, trijeskippige krúsbasilyk mei in dwersskip en twa westlike tuorren mei achtkante lantearns. De tsjerke waard wijd oan Leonardus fan Veghel, ien fan de yn 1572 troch de wettergeuzen fermoarde martlers fan Gorkum.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke yn oktober 1944 bot skeind. By de befrijing waard yn dit diel fan 'e Bosk slim fochten. Dochs waard de tsjerke wer restaurearre.
Fanwegen it tebekrinnen fan de tsjerkegong waard de tsjerke mei de Sint-Pitertsjerke en de Sint-Joazeftsjerke fan De Bosk yn 1971 sletten en yn é maaitiid fan 1973 ôfbrutsen.
Op de lokaasje fan 'e tsjerke kaam it kantoar fan it Brabants Dagblad, dat yn 2013 opheft waard. Dêrnei kamen der apparteminten.
By it plak fan 'e eardere tsjerke stiet noch it Hillich Hertmonumint út 1925.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|