Springe nei ynhâld

Sint-Katarinakleaster

Ut Wikipedy
Sint-Katarinakleaster
Lokaasje
lân Egypte
Kleastergegevens
denominaasje Gryksk-Otterdokse Tsjerke
oprjochter Justinianus I
patroanhillige Katarina fan Aleksandrje
Ynformaasje bou
boujier 548-565
boustyl Byzantynske arsjitektuer
monumintale status Wrâlderfgoed Unesco
Webside
www.sinaimonastery.com
Kaart
Sint-Katarinakleaster (Egypte)
Sint-Katarinakleaster

It Sint-Katarinakleaster (Gryksk: Ὴονὴ τῆς Ἁγίας Αἰκατερίνης ) is in Gryksk-otterdoksk kleaster op it skiereilân Sinaï oan 'e noardlike foet fan 'e Djebel Musa (Berch fan Moazes) yn de nei de hillige Katarina ferneamde stêd Sint-Katarina. It op in hichte fan 1528 meter boppe seenivo lizzende kleaster stiet op 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist. Boud tusken 548 en 565 is it ien fan 'e âldste noch funksjonearjende kleasters fan 'e wrâld.

It Katarinakleaster waard boud yn opdracht fan Justinianus I op it plak fan 'e Kapel fan 'e Baarnende Toarnebosk, dy't earder Helena fan Konstantinopel bouwe liet op it plak wêrfan't hja tocht dat it de bibelske berch Hoareb wie, dêr't Moazes de stim fan God hearde yn in baarnende strûk, de berch dêr't God in ferbûn mei de minske sleat en oan Moazes de Tsien Geboaden joech. It plak is dêrom foar kristenen, moslims en joaden in hillich plak.

Tichteby leit de Djebel Katarina (Katarinaberch), mei 2.642 de heechste berch op it skiereilân en it plak dêr't neffens de oerlevering Katarina fan Aleksandrje nei har martlerdea troch ingels te rêste lein waard, oant muontsen har omskot dêr letter ûntdutsen.

De âldste boarne fan it monastike libben op 'e berch Sinaï datearret út 381-384. It is in Latynsk reisferslach fan in frou mei de namme Egeria. Hja besocht in soad plakken yn it Hillige Lân en ek de berch Sinaï.

De Hillige Toarnebosk

It kleaster waard boud yn opdracht fan keizer Justinianus I, dy't fan 527 oant 565 regearre. Dat barde op it plak dêr't de mem fan Konstantyn de Grutte, Helena fan Konstantinopel earder al in kapel boud litten hie, dêr't God yn in baarnend toarnbosk tsjin Moazes spriek en him opdracht joech de Israeliten út de hannen fan de Farao te befrijen. De altiten grien bliuwende strûk dy't by de Kapel fan de Baarnende Toarnbosk stiet, soe in leat wêze fan de oarspronklike strûk.

Yn 'e 7e iuw waarden alle kristlike kleasters fan de Sinaï troch moslims ferneatige, útsein it Katarinakleaster. De swiere muorren út de earste helte fan 'e 6e iuw beskermen it kleaster en omklamje noch jimmeroan it hjoeddeiske kompleks. Oars as mei oare kleasters en tsjerken yn it Hillige Lân bleau it kleaster ek letter troch de iuwen hinne frij fan plondering en geweld. It kleaster joech sels tastimming om yn 'e tiid fan 'e Fatimiden (909-1171) binnen de kleastermuorren njonken de tsjerke in moskee te bouwen. Sa slaggen de abten fan it kleaster der yn om beskerming te krijen fan 'e islamityske hearskers en noch altiten besit it kleaster in soad âlde dokuminten, dêr't dy beskerming yn fêstlein waard. De moskee rekke yn 'e ottomaanske tiid bûten gebrûk en yn ferfal, mar waard oan it begjin fan 'e 20e iuw restaurearre.

Oant de 20e iuw wie de tagong ta it kleaster troch in iepening heech yn 'e bûtenmuorren fan it kompleks.

It kleaster is ûnôfhinklik en de abt fan it kleaster, dy't keazen wurdt troch it Bruorskip fan 'e Sinaïtyske Oarder, hat de status fan aartsbiskop. De aartsbiskop wurdt troch it Gryksk Otterdokske Patriarchaat fan Jeruzalim ynwijd en wennet sûnt de lêste iuwen yn Kaïro. Besittings op Kreta, Syprus en oare Grykske eilannen soargje der foar dat it kleaster finansjeel ûnôfhinklik is.

Op 18 april 2017 foelen striders fan Islamityske Steat in plysjepost tichteby it kleaster oan. By de oanfal waarden ien plysjeman fermoarde en trije ferwûne, mar it slagge de ferdigening om de IS-striders op 'e flecht te jeien.

Beskermingsbrief fan Mohammed.

De kleasterbibleteek bewarret de op ien nei grutste samling fan iere kodices en manuskripten fan 'e wrâld. Allinne de bibleteek fan it Fatikaan hat der noch mear. De kolleksje bestiet út Grykske, Arabyske, Koptyske, Hebriuwske, Armeenske, Arameeske en Kaukasysk-Albaneeske teksten.

Yn maaie 1844 en febrewaris 1859 besocht Constantin von Tischendorf it kleaster om dêr ûndersyk te dwaan en ûntduts doe de Codex Sinaiticus út de 4 iuw, yn dy tiid it âldste hast folslein bewarre manuskript fan 'e Bibel. De kodeks waard yn 1869 oan Ruslân ferkocht en yn 1933 ferkocht Stalin de kodeks oan it British Museum. Tsjintwurdich wurdt de kodeks útstald yn 'e British Library fan Londen. Yn 'e kleasterbibleteek waard yn 2009 noch in fragmint fan 'e Codex Sinaiticus ûntdutsen.

Yn febrewaris 1892 fûn Agnes Smith in palimpsest dat bekend waard as it Syriac Sinaiticus. Tegearre mei har suster Margaret Dunlop Gibson gyng hja mei in team gelearden werom nei it kleaster om it te fotogravearjen en it te ûntsiferjen. It manuskript is noch âlder as de Codex Sinaiticus en mei net mist wurde by it begripen fan 'e skiednis fan it Nije Testamint. It is noch altiten yn it besit fan it kleaster.

It kleaster hat ek in kopy fan 'e beskermingsbrief fan Mohammed, wêryn't de islamityske profeet syn beskerming oan it kleaster skonk.

De meast wichtige manuskripten binne tsjintwurdich op film set of digitalisearre en tagonklik makke foar ûndersyk.

Njonken de manuskripten besit it kleaster in grut tal net te ferfangen keunstwurken. Dêrûnder hat it kleaster in tige weardefolle samling fan iere ikoanen en liturgyske saken lykas tselken en relikwaria. De grutte ikoanekolleksje bestiet út ikoanen, wêrfan de âldsten 5e-iuwsk binne. It kleaster waard net beynfloede troch it byzantynske ikonoklasme en likemin yn 'e islamityske tiid ea plondere. It âldste ikoan fan in tema út it Alde Testamint wurdt dêr ek bewarre. Eartiids wie it kleaster ek in wichtich sintrum foar de ûntwikkeling fan in hybride styl fan krúsfarderskeunst en it hat noch altiten sa'n 120 13e-iuwske ikoanen, dy't dy styl fertsjintwurdigje, fierwei de grutste kolleksje yn syn soarte. Sûnt de jierren 1960 wurdt der wurke om de samling te katalogisearjen.

Katolikon.

De 6e-iuwske Transfiguraasjebasilyk leit op it leechste plak fan it kleaster en in brede trep liedt nei de 12e-iuwske narteks. De dûbele doarren fan 'e basilyk út de tiid fan Justinianus binne fersierd mei foarstellings fan planten en bisten. It brede middenskip wurdt troch twaris seis pylders fan 'e smelle sydbeuken skieden. De basilyk hat in soad fan 'e oarspronklike dekoraasjes bewarre. It 6e iuwske mozaïek yn 'e apsis fan 'e transfiguraasje fan Kristus mei twa profeten en trije apostels wurdt as in masterwurk fan kristlike keunst beskôge. De dakbalken binne ryk bewurke en datearje ek fan Justinianus' basilyk. De fergulde ikonostaze is in Kretenzysk wurk út 1612. Efter de ikonostaze ûnder de apsis stiet de skryn fan Sint-Katarina mei har reliken. Nei skea troch in ierdskodding yn 1995 waard in restauraasje fan de katolikon útein set, dy't yn 2011 foltôge waard.

Njonken de katolikon hat it kleaster noch njoggen kapellen, wêrfan de Kapel fan 'e Baarnende Toarnbosk foar pylgers wol de belangrykste is. Dy kapel grinzget oan 'e apsis en datearret út de 13e iuw. De tsjintwurdige kapel ferfong nei alle gedachten de kapel fan Helena. De binnenmuorren binne dekorearre mei blaugrien ierdewurk út Iznik. Fierders hingje der in soad ikoanen. De strûk tsjin de bûtenmuorre soe in leat wêze fan 'e oarspronklike toarnetrûk. Tsaar Aleksander II skonk yn 1871 de acht klokken foar de barokke klokketoer.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Catherine's Monastery