Sint-Karapetkleaster
Jehannes de Doperkleaster Սուրբ Յովհաննէս Կարապետ Վանք | ||
It kleaster yn 1915-1923 foar de ferneatiging. | ||
Lokaasje | ||
lân | Turkije | |
plak | Likernôch 35 km noardwest fan Muş | |
koördinaten | 38°57'N 41°11'E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 4e oant de 19e iuw | |
sloopjier | 20e iuw | |
Kaart | ||
It Sint-Karapetkleaster (Armeensk: Սուրբ Յովհաննէս Կարապետ Վանք; Soerb Hovhannes Karapet Vank) of it Kleaster fan Jehannes de Doper; ek bekend as Glakavank ("Kleaster fan Glak") wie in Armeensk kleaster yn 'e histoaryske provinsje Taron fan Grut-Armeenje, likernôch 35 kilometer noardwest fan it hjoeddeiske Muş yn Turkije.
Neffens de oerlevering waard it kleaster stifte troch de hillige Gregoarius de Ferljochter. Fanwegen it grêf fan Jehannes de Doper wie it nei Edzjmiatsin en Jeruzalim it wichtichste beafeartsplak foar Armeenjers. Ek wie it eartiids in bolwurk fan 'e Mamikonjan-dynasty, dy't trochgyngen as hillige striders fan harren beskermhillige Jehannes de Doper.
Ea wie it kleaster ien fan 'e rykste en âldste ynstituten fan it Ottomaanske Armeenje. Nei de folkemoard op 'e Armeenjers troch de Turken waard it oant op 'e fûneminten ferneatige. Op it plak fan it kleaster leit tsjintwurdich it Koerdyske doarp Çengeli. It kleaster waard ek troch de Zaza's fereare en it stie bekend foar it genêzen fan psychyske syktes.
Nei de Hamidyske moardpartijen tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw rekke it kleaster yn it neigean. Doe't yn 1915 de grutte genoside op Armeenjers plakhie waard it kleaster yn 'e brân stutsen en plondere. Yn 'e jierren 1960 namen Koerden de lokaasje yn, dy't de stiennen fan 'e ruïnes brûkten om hûzen te bouwen.
Lokaasje en namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster lei oan 'e noardlike grins fan it plato fan Muş, op in hichte fan likernôch 1950 meter boppe seenivo of 670 meter boppe de Muş-flakte.
Soerb (Armeensk: Սուրբ) betsjut "hillich" en Karapet (Կարապետ) "foarboade", dêr't yn 'e West-Armeenske taal Jehannes de Doper mei ornearre wurdt.
Kulturele betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster wie histoarysk it religieuze sintrum fan Taron. Fan 'e 12e iuw oant de ferneatiging wie it de sit fan it bisdom Taron, dat yn 1911 noch in Armeenske befolking fan likernôch 90.000 minsken telde. It kleaster waard as it grutste en meast foaroansteande hillichdom fan Turksk Armeenje beskôge. Oant de Earste Wrâldkriich bleau it ien fan 'e wichtichste pylgerplakken foar Armeenjers, dy't út alle hoeken fan Armeenje kamen om in besite te bringen oan it kleaster. Boppedat hie it kleaster de kennis yn hûs om minsken mei in geastlike of psychyske syktes te genêzen.
Ea wie it kleaster it plak dêr't de leden fan 'e Mamikonide-dynasty byset waarden. Harren tomben leine by de súdlike muorre fan it kleaster.
Alle jierren wie it kleaster it sintrum fan grutte festiviteiten, lykas wedstriden mei hynders, koardedûnsjen en poadiumkeunsten. Sokke eveneminten foelen faak gear mei religieuze hjeldagen, lykas Vardavar of Marije-Himelfeart.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de leginde waard it kleaster stifte troch Gregoarius de Ferljochter, dy't koart nei't er kening Trdat III bekeard hie nei Taron kaam om dêr it evangeelje te bringen. Doedestiids soene der neffens Zenon Klag, ien dy't yn deselde tiid libbe as Gregoarius, op it plak twa timpels stien ha fan in hindoe-koloanje, dy't de beskerming hie fan 'e Armeenske kenings. De hindoes ferearen dêr twa grutte bylden, dy't ûnder de nammen Demeter en Kisané bekend wiene. De hindoes en harren Armeenske bûnsmaten waarden troch it leger fan Gregoarius ferslein en op it plak fan harren hillichdommen stifte Gregoarius in tsjerke. Ut Caesarea wei (it hjoeddeiske Kayseri) waard it lichem fan Jehannes de Doper nei de nije tsjerke oerbrocht en dêr byset.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e midsiuwen wie it kleaster in agrarysk sintrum foar de regio. It kleasterkompleks wie foars útwreide en foarme in sintrum fan kennis foar West-Armeenje.
Nije tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1827 waard it kleaster troch Koerdyske bindes ynnommen en plondere. It meubilêr en in soad manuskripten gyngen ferlern, mar it kleaster kaam der wer boppe op en yn 1862 waard Mkrtitsj Chrimjan abt. Hy stifte in sekuliere skoalle yn it kleaster en stelde in ried yn, dy't it jild út donaasjes ornearre oan projekten fan 'e mienskip ynstee dat it ûnder muontsen ferdield waard. Fan 1 april 1863 oant 1 juny 1865 joech er de krante "De Earn fan Taron" út. It wie skreaun yn modern Armeensk en dus tagonklik foar gewoane minsken. Yn in tiid dat de diskriminaasje fan Armeenjers yn it Ottomaanske Ryk jimmeroan gruttere foarmen oannaam besocht de krante de Armeenjers nasjonaal bewustwêzen by te bringen. Hy ferliet it kleaster yn 1868 doe't er de Armeenske patriarch fan Konstantinopel waard.
Neffens twa Frânske reizgers yn 1890 besiet it kleaster grutte lapen grûn en it koste in protte tiid om fan it iene nei it oare ein te kommen. It lân bestie út bosk en fruchtber lân en der wiene trije pleatsen mei wol tûzen geiten en skiep, sa'n hûndert stiks fee, sechtich hynders, tweintich ezels en fjouwer mûldieren, dy't fersoarge waarden troch 156 tsjinstfeinten.
Op 29 novimber 1893 besocht de Ingelske sakeman en it lettere parlemintslid Henry Finnis Blosse Lynch it kleaster. Hy skreau dêrfan letter in yllustrearre ferslach yn syn boek "Armenia: Travels and Studies", dat yn 1901 publisearre waard. Hy stelde fêst dat it ea sa rike kleaster yntusken in soad fan 'e âlde gloarje kwyt wie troch de oanhâldende oanwêzigens fan Koerdyske driging en it mistrouwen fan 'e Turkske oerheid en dat de muontsen net in soad better ôf wiene dan finzenen fan 'e steat.
It kleaster waard yn 1895 op 'e nij plondere doe't de Hamidyske moardpartijen plakhienen. De gebouwen rekken fan dat stuit ôf yn ferfal en dat duorre oant it begjin fan de Earste Wrâldkriich. Yn 1896 iepene it kleaster noch in hûs foar wezen njonken it kleaster. Fierder hie it in skoalle foar bern en in bibleteek.
Yn de histoaryske roman "The Call of plowmen" beskriuwt de skriuwer Chatsjik Dasjtents (1910-1974) in wintersêne yn it Soerb Karapetkleaster.
Ferneatiging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1915 flechte in grut tal Armeenjers nei it kleaster om oan 'e deportaasjes en nije slachtings te ûntkommen. De Turken belegeren mei help fan Koerden it kleaster, mar twa moannen lang wisten de Armeenjers ferset te bieden. Neffens ferslaggen soene likernôch fiiftûzen Armeenjers fermoarde wêze by de muorren fan it kleaster, wylst it kleaster sels plondere waard. De Amerikaanske misjonarissen Clarence Ussher en Grace Knapp stelden fêst dat de Turken trijetûzen manlju, froulju en bern ôfslachten yn 'e hôf fan it kleaster.
Yn 1916 feroveren Russyske troepen mei Armeenske frijwilligers de omjouwing. Likernôch 1.750 manuskripten en in 18e-iuwsk sulveren hânrelikwy fan Jehannes de Doper waarden oerbrocht nei Edzjmiatsin. De Turken krigen it gebiet yn 1918 werom en dêrmei kaam der net allinne in ein oan in religieus sintrum mar ek oan in arsjitekturaal monumint. De lokaasje bleau ferlitten oant yn 'e jierren 1960 Koerdyske famyljes harren yn 'e ruïnes nei wenjen setten.
De nije bewenners brûkten by de bou fan harren hûzen stiennen, reliëfs en chatsjkar's fan it kleaster. Wat der noch stie waard systematysk ôfbrutsen troch de Koerden om sa oan boumateriaal te kommen.
Yn maaie 2015 die Aziz Dağcı, presidint fan de NGO "Uny fan Sosjale Solidariteit en Kultuer foar Armeenjers fan Bitlis, Batman, Van, Muş en Sason", in berop op it Turkske Ministearje fan Kultuer om it kleaster te rekonstruearjen en de 48 hûzen en seis skuorren ôf te brekken. Dağcı ornearre dat neffens it Ferdrach fan Lausanne út 1923 it Turkske regear ferplicht wie de religieuze ynstituten en gebouwen fan minderheden te beskermjen, ynklusyf dy fan 'e Armeenske mienskip. Hy ferwiisde nei in eardere brief yn 2012 oan oerheidsynstellings, dy't him ûnthieten om de lokaasje yn seis moanne tiid te romjen.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard fan in swiere muorre omklamme en hie wat fan in fersterke boarch.
Op 'e eastlike kant fan 'e katedraal stiene twa kapellen mei mearsidige tuorren en koanyske koepels. Oan 'e westlike kant stie de haadtsjerke, dy't oarspronklik mooglik in gavit west hat. Oan 'e eastlike kant sletten fjouwer kapellen oan: de Soerb Astvatsatsin (Hillige Mem Gods), Soerb Stepanos (Sint-Stefanus), Soerb Karapet (Hillige Foarrinner) en Soerb Gevorg (Sint-Joaris). Mooglik wiene dy kapellen âlder as de katedraal. De twa middelste kapellen, de Stefanus- en de Karapettsjerke, hiene koanyske koepels op hege tamboers. Oan 'e westkant fan de'e Karapettsjerke wie it martyrium fan Jehannes de Doper.
De trije ferdjippings tellende klokketoer datearre út de 18e iuw. Der wiene ek sellen foar muontsen, in refektoarium, ferbliuwen om de pylgers ûnder te bringen, in gebou foar de abt en in kleasterskoalle.
It hiele kompleks, in skitterjend foarbyld fan Armeenske arsjitektuer, waard yn de 20e iuw mei de grûn lyk makke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|