Hamidyske moardpartijen
De Hamidyske moardpartijen fûnen tusken 1894 en 1896 yn it Osmaanske Ryk plak, doe't benammen Armeenske kristenen dêr op grutte skaal ferfolge en fermoarde waarden. De slachtingen barden ûnder it regear fan sultan Abdülhamit II, dy't yn Jeropa de bynamme de reade sultan hie. Dy bynamme krige de sultan fanwegen it bloed dat oan syn hannen kleefde, om't hy dejinge wie dy't ta it moardzjen opdracht jûn hie. Om de delgong fan syn ryk te kearen stribbe de sultan nei it pan-islamisme as ideology fan syn ryk. De massale moardpartijen troffen benammen de Armeenske befolking, mar ek Assyryske kristenen waarden it slachtoffer fan 'e pogroms. Allinnich al yn 'e stêd Diyarbakır waarden 25.000 kristenen fermoarde. De ferfolging sette yn 1894 útein en naam yn 'e jierren 1895-1896 yn fûlens ta. Ynternasjonale presje soarge yn 1897 foar in stadich ôfnimmen fan it tal moarden.
Hoefolle slachtoffers de Hamidyske moardpartijen telt is net krekt fêst te stellen, mar rûzings lizze tusken teminsten 80.000 oant maksimaal 300.000 slachtoffers.[1]
De moarden wurde fakentiden beskôge as de oanset fan de Armeenske genoside yn 1915.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de delgong fan it Osmaanske Ryk yn 'e 19e iuw naam de fijannigens tsjin kristlike minderheden yn it ryk ta. It mislearjen fan 'e herfoarmings fan Abdülmecid I laten ta opstannen ûnder Griken, Roemenen, Bulgaren en de folken op 'e Balkan tsjin it noch feodaal bestjoerde ryk. Oeral yn it troch de Turken besette Jeropa ûntstiene bewegings dy't autonomy of ûnôfhinklikens easken. Ruslân, it Feriene Keninkryk en Eastenryk-Hongarije diene alle war om út dy omstannichheden polityk foardiel te heljen en besochten harren ynfloedsfearen út te wreidzjen. By de strategy fan 'e grutmachten waard net altiten rekken holden mei de prekêre posysje fan 'e kristlike folken yn it Osmaanske Ryk. It Feriene Keninkryk slute bygelyks temûk in ferdrach mei de Turken. Yn ruil foar Syprus seine de Ingelsen stipe ta oan it Osmaanske Ryk by it Kongres fan Wenen en militêr bystean as Ruslân de eastlike gebieten fan it Osmaanske Ryk anneksearje soe.
Sûnt de jierren 1860 krewearren de as twadderangsboargers behannele Armeenjers foar emansipaasje. De Armeenske jongerein, dy't somtiden studearre oan Jeropeeske universteiten, hie earder al mei nije bewegings mei emansipatoire tinkbylden kennis makke. De Armeenske Mienskipsrie hie yn it begjin fan 'e jierren 1870 in lange list fan klachten opsteld en as in rapport oan it regear oanbean. It ryk seach yn dat stribjen nei lykberjochtiging fan kristenen lykwols in bedriging foar de islaam en de islamityske identiteit fan it ryk. Der waard fan alles tasein oan 'e Armeenjers, mar dêr dat kaam hieltyd nea wat fan telâne.
De Russyske oerwinning yn 'e oarloch fan 1877-1878 wakkere by de Armeenjers de hope op in befrijing fierder oan. Doe't de Jeropeeske machten it Osmaanske Ryk oanfjurren om de ôfspraken mei de Armeenjes nei te kommen, waarden de herfoarmings nochris formulearre. Mar yn stee fan 'e herfoarmings om te setten yn belied, folge der jimmeroan mear ûnderdrukking: yn 1880 waard it brûken fan 'e namme Armeenje ferbean, der kaam in ferbod op Armeensk ûnderwiis, it yn besit hawwen fan Armeenske geskriften waard strafber steld en yn dielen fan it ryk dêr't de Armeenjers de mearderheid fan de befolking foarmen, waarden allinnich noch otterdokse moslims yn amtlike funksjes beneamd. Dernjonken moasten in islamityske migraasjepolityk en bestjoerlike weryndielingen de Armeenjers fan in mearderheid fan in gebiet yn in minderheid meitsje. In grut tal spionnen moasten it neilibjen fan de maatregels kontrolearje en tsientûzenen Armeenjers waarden finzen nommen, tamtearre en/of fermoarde.[2]
Dy maatregel bêden de al besteande ûnrêst ûnder it Armeenske folk fansels net del. Yn Merzifon (1892) en Tokat (1893) protestearren Armeenjers tsjin it plonderjen fan Armeenske besittings en it stellen fan grûn, tsjin de ûnrjochtmjittichheden by it heffen fan belestings en it wegerjen om kristenen as tsjûgen yn prosessen ta te litten. De sultan joech lykwols gjin belies en neffens Osman Nuri, de Tukske histoarikus en biograaf fan Abdülhamid, wie allinnich it neamen fan it wurd "herfoarming" al genôch om de sultan dwers troch alles hinne te krijen. Jeropeeske diplomaten en tsjûgenissen fan reizgers melden dat moslims leard waard dat it in plicht wie kristenen oan te fallen.
Sason
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tannimmende ûnderdrukking fuortsterke ek it nasjonalisme ûnder de Armeenjers. Yn 1894 kaam it yn it distrikt Sason yn 'e provinsje Batman ta wapene ferset fan betsjutting. Armeenske lieders lykas Mihran Damadjan en Hampartsoum Bojadjan trunen it ferset oan om wjerstân te bieden tsjin ûnderdrukking en de dûbele heffing fan belestings. Njonken gewoane belesting moasten de Armeenjen nammentlik ek beskermingsbelestings oan 'e Koerden betelje. De Armeenske Revolúsjonêre Federaasje begûn de befolking yn 'e regio te bewapenjen. De ûngelikense striid en it Turkske ûnthjit dat de Armeenske striders amnesty krigen makken lykswols dat de fersetslju de wapens del leinen. Folslein neffens de Osmaanske tradysjes waarden ek dizze kear de tasizzings oan 'e kristenen net neikommen. Yn stee dêrfan waard de Armeenske mienskip fan Sason útmoarde.
Nei it barren yn Sason hyste ek de gûverneur fan Muş de moslims tsjin de Armeenjers op. Neffens de histoarikus lord Kinross setten sokke moardpartijen fakentiden útein mei in gearkomste yn 'e moskee. Dêr waarden de moslims wiismakke dat de Armeenjers fan doel wiene om de islaam oan te fallen. Faak begûn it moardzjen nei in earste teken nei it freedsgebed en in twadde teken joech oan dat der in ein oan it moardzjen komme moast. Nei Sason waaierde it geweld tsjin kristenen al gau út nei hast alle stêden mei grutte Armeenske mienskippen yn it Osmaanske Ryk. Nei de moard op de tûzenen Armeenjers yn it distrikt Muş ferklearren de Turken dat in tal Armeenske banditen en in opstannige binde Koerden brân stifte hiene en islamityske doarpen plonderen. De Osmaanske troepen dienen sabeare neat oars as de oarder bewarje en herstelle en fan slachtoffers waarden dieders makke.[3]
De slachtingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oktober 1895 twongen Ruslân, Frankryk en it Feriene Keninkryk de sultan in tal herfoarmings te ûnderskriuwen. Mar ek fan dy herfoarmings kamen neat telâne. Op 1 oktober 1895 demonstrearre in mannichte fan 2.000 Armeenjers yn 'e strjitten fan Konstantinopel foar mear haast by de útfiering fan herfoarmings. Osmaanske plysjes dreaune de demonstranten mei geweld útinoar. Fuortendaliks barsten dêrnei nije pogroms út, dy't harren útwreiden nei oare provinsjes mei grutte Armeenske mienskippen: Bitlis, Diyarbakir, Erzurum, Elazığ, Sivas, Trabzon en Van. Tûzenen waarden deade troch de islamityske buorlju of troepen fan it regear en mannichien stoar fan lijen en ellinde yn 'e kâlde winter fan 1895-1896. De Frânske fice-konsul fan Diyarbakır, Gustave Meyrier, fertelde oan de diplomaat Paul Cambon oer Armeenske froulju en bern dy't mishannele en fermoarde waarden en beskreau de oanfallers as wreed en laf: hja wegeren oan te fallen as men swier ferset ferwachte en yn stee dêrfan rjochten hja har op distrikten dêr't gjin ferset te ferwachtsjen wie.
Ien fan 'e grouwélichste moardpartijen fûn plak yn de stêd Urfa. Dêr stieken de troepen fan 'e sultan de Armeenske katedraal yn 'e brân mei dêryn 3.000 Armeenske bewenners. Op elkenien dy't besocht te ûntkommen waard sketten. De moarden gyngen troch oant 1897, doe't de sultan de "Armeenske kwesje' foar oplost ferklearre. Alle Armeenske revolúsjonêren wiene doe al dea of nei Ruslân útpykt. It Osmaanske bewâld ûntbûn de Armeenske ferienings en lei beheiningen op oan de'e Armeenske politike bewegings. Njonken Armeenjers wiene ek oare kristlike groepen slachtoffer fan pogroms. Hamidiye-ienheden fermoarden ek Assyryske kristenen yn Dyarbakir, Hasankeyf, Sivas en andere plaatsen in Anatoalje.
Slachtoffers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekte sifers oer it tal slachtoffers binne net te jaan. Skiedkundigen rûzje it tal deadlike slachtoffers tusken de 80.000 en 300.000.
Nei alle gedachten binne sifers fan 'e neutrale partijen it meast betrouber. De Dútske preester Johannes Lepsius sammele detaillearre gegevens oer de ferneatiging. Neffens syn berekkeningen waarden 88.243 Armeenjers fermoade, likernôch 546.000 kristenen waarden troch rôf en plondering ta earmoede feroardield, 2.493 Armeenske doarpen waarden fan 'e kaart fage en yn 456 moasten de bewenners har ûnder twang ta de islaam bekeare. De preester telde 649 tsjerken en kleasters dy't ûnthillige wiene, dêrfan joech de oerheid 328 de funksje fan moskee. As gefolch fan 'e honger en sykte nei de pogroms stoaren der nochris 100.000 oant 200.000 Armeenjers.
De ambassadeur fan it Feriene Keninkryk miende yn desimber 1895 dat der ûnder de Armeenjers al 100.000 deaden te betreurjen wiene, wylst de moardpartijen doe ek noch yn it jier dêrnei trochgyngen.
It Dútske Ministearje fan Bûtenlânske Saken en de sjoernalist Ernst Jäckh ferklearren dat der 200.000 Armeenjers wiene fermoarde, 50.000 Armeenjers ferballe en fan nochris 1.000.000 Armeenjers de eigendommen ôfnommen wiene. De Frânske histoarikus Pierre Renouvin neamde deselde oantallen en basearre him dêrby op autentike dokuminten út syn tsjinstjierren.
It tal fermoarde Assyryske kristenen wurdt rûzd op 25.000.
Ynternasjonale réaksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pogroms tsjin de kristenen yn Turkije feroarsaken yn Jeropa en de Feriene Steaten in protte lilkens. Tank oan moderne kommunikaasjemiddelen waarden de pogroms al rillegau bekend en breed yn 'e parse útmetten .
De Frânske ambassadeur beskreau Turkije as in lân dat yn fjoer en flam stie mei oeral moardnerij dêr't kristenen sûnder ûnderskie waarden ôfslachte. De Frânske fise-konsul ferklearre dat it Osmaanske Ryk dwaande wie mei in stadige eliminaasje fan it kristlike folksdiel troch de Koerdyske lieders in carte blanche te jaan om te dwaan wat hja woene en om harren sels ta skea fan de kristenen te feriken
De New York Times die op 10 septimber 1895 fan it nijs tynge ûnder de kop Armenian holocaust, wylst it katolike tiidskrift Catholic World skreau: Net alle Arabyske parfum kinne de hannen fan Turkije skjin genôch waskje om it noch langer te fernearjen te kinnen dat it lân de leien fan 'e macht hâlde kin oer ek mar ien sintimeter kristelike grûn.
Op it hichtepunt fan 'e moardnerij yn 1896 besocht sultan Abdülhamid de ynfloed fan 'e ynternasjonale protesten en de ynformaasje út Turkije safolle mooglik te beheinen. It Amerikaanske wykblêd Harper waard bygelyks troch de Osmaanse sensuer ferbean om't it skreau oer de pogroms. Ek besocht de sultan troch de oankeap fan oandielen yn Jeropeeske tiidskriften te berjochtjouwing te beynfloedzjen.
De bekende Skotske skiedkundige William Mitchell Ramsay skreau al yn 1897 wiidweidich oer de moardpartijen. Mei in foarútsjend each skreau er: "De Armeenjers sille nei alle gedachten útroege wurde, as it harren net slagget om te flechtsjen nei oare lannen".
Nettsjinsteande al it Jeropeeske en Amerikaanske meilibjen en de grutte sympaty foar de Armeenske saak folge der fan 'e kant fan beide wrâlddielen gjin aksje om yn te gripen.
Frustrearre troch it útbliuwen fan aksje en de ûnferskilligens fan 'e wrâld, besetten op 26 augustus 1896 leden fan de Armeenske Revolúsjonêre Federaasje de Ottomaanske Bank yn Konstantinopel om sa de moardpartijen op 'e nij ûnder it omtinken fan de minsken te bringen. Alhoewol't de easken fan 'e Armeenjers ôfwiisd waarden en in nije pogrom yn Konstantinopel útbriek, skreau de Jeropeeske en Amerikaanske parse fol lof oer de died. De grutmachten ûnhjitten aksje te ûndernimmen en nije herfoarmings ôf te twingen, lykwols tsjinstridige politike en ekonomyske belangen droegen der oan by dat ek dêr fierder neat fan telâne kaam.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|