SimmerTime 2018
SimmerTime 2018 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | ferskaat | |
datum | ferskaat | |
evenemint | SimmerTime | |
edysje | 2 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | LF 2018 | |
soarte evenemint | muzykteäter | |
oprjochter | Rients Gratama | |
offisjele webside | ||
www.simmertime2018.nl |
SimmerTime 2018 wie in reizgjend muzykteäter dat yn 'e simmer fan 2018 ferskate plakken yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân oandie, te witten It Hearrenfean yn july, en Frjentsjer en Dokkum yn septimber. It bestie út in twa oeren duorjend programma mei as ûnderwerp de skiednis en takomst fan Fryslân, en waard holden yn in grutte sirkustinte. Yn elts plak waard it programma trije jûnen efterinoar opfierd.
SimmerTime 2018 wie in ferfolch op SimmerTime 2000, dat yn 2000 as ûnderdiel fan 'e grutte Friezereüny Simmer 2000 organisearre waard op ynstigaasje fan 'e Fryske teäterman Rients Gratama. De organisaasje efter it evenemint fûn it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 in treflike oanlieding om it súksesferhaal fan achttjin jier earder nochris te werheljen.
Der waard war dien om SimmerTime 2018 yn deselde sfear en ambiânse fan 2000 plakfine te litten. Ek wiene it grutdiels deselde artysten fan doe dy't yn 2018 ek wer optreden, wêrûnder De Kast, Piter Wilkens, Freark Smink en Maaike Schuurmans. De âlde line-up waard fuortsterke mei jongere talinten ûnder wa Johannes Rypma, en de ynbring fan 'e yn 2017 ferstoarne Gratama waard slim mist. It evenemint waard dêrom mei-iens ek oangrepen om in postúm earbetoan oan Gratama te bringen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|