Seneca Inggersen

Ut Wikipedy
Seneca Reichsfreiherr von Gelting
Skildere fan P. Jeoffroy
Wapen fan de Frijhearen fan Gelting
Gelting om 1860 hinne
Bûtenpleats Rustenburg by De Haach
Alde Tsjerke yn Voorburg, dêr't Inggersen bedobbe leit

Seneca Inggersen, berne as Süncke Ingwersen, Reichsfreiherr von Geltingen, (Langenhorn (Noardfryslân), 23 maart 1715 - Rustenburg by De Haach, 28 desimber 1786) wie in noardfrysk-nederlânsk keapman en grûnbesitter.

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie it tsiende bern fan hynstekeapman Paul Ingwersen en Cäcilia Lucia Brodersen. Syn pake Diederich Brodersen wie in foarfaar fan de komponist Johannes Brahms. Nei it bankrot en de iere dea fan syn âlden waard er grutbrocht by in omke yn Alten Christian-Alberts-Koog en kaam as feint by in barbier dy't him wat medysk ûnderrjocht joech.

VOC[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1734 ôf tsjinne er fiif jier as Adelboarst op skippen fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC). Sa't doe wenst wie fernederlânske er by it ynskriuwen syn noardfryske namme.

1739 kaam er mei de rang fan „Oberchirurg“ yn tsjinst by de VOC en yn 1741 waard er apteker yn Batavia.

De neifolgjende jierren stige er hieltyd mear yn rang en krige tastimming om te hanneljen yn produkten dêr't de VOC it monopoalje op hie. Yn 1752 waard er fertsjintwurdiger en folmacht fan de Eastyndyske Kompanjy yn Cirebon, in sultanaat Java, dêr't er wo er durch Beteiligungen am kofjehannel fan de Kompanjy, mar ek troch eigen sûker- en rumproduksje, mar ek hout- en opiumhannel in grut kaptaal opboude.

Yn 1758 gie er nei de dea fan syn frou werom nei Europa.

Yn Denemark[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Deenske kening Freark V, dy't fan syn rykens heard hie, liet him nei Kopenhagen komme, beneamde him ta Baron von Geltingen en ferkeape it lângoed Gelting oan him, dat allegear yn de hope dat de súkselfolle keapman him as jildsjitter en riedsman yn Kopenhagen festigje soe. Seneca Inggersen ferpachte de bûtenpleats lykwols fuortendaliks oan syn broer, in eardere kompanjyskaptein, Paul Ingwersen (1717–1792), en sette him nei wenjen yn Nederlân.

It Geltinger hearehûs waard doe't Seneca Inggersens eigner wie yn 1770 útwreide en krige in moaie tún yn Régence-styl rûnom neffens in ûnywerp fan túnarsjitekt Johann Caspar Bechstedt. Yn syn testamint beskikke er de frijlitting fan de liifeigenen. De bûtenpleats sit noch yn de famylje. Neisieten fan syn tredde dochter, de famylje von Hobe-Gelting is eigner.

Yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn bûtenpleats Rustenburg by De Haach, dat 1912 foar de bou fan it Fredespaleis ôfbrutsen waard, liet er de Rokokostyl sette.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1742 boaske er yn Batavia oan Adriana van Loo (1726–1755), de nicht fan de destiidsk gûverneur-generaal fan Ynje Johannes Thedens.

Yn 1763 troude er mei Charlotte Louise Baronesse von Spörcken (* 1733 De Haach - † 1816 Hamburg), in dochter fan de keamerhear en gesant fan kening George III fan Grut-Brittanje Rudolph Freiherr von Spörcken (1696–1766). Syn dochter Gertruyda út syn earste houlik boaske deselde deis mei de broer fan syn breid, Adolph von Spörcken.

Syn frou en jongste dochter Suzanna (1772–1795) waarden byset yn it famyljegrêf Schleswiger Dom. Sels waard er begroeven yn de Oude Kerk yn Voorburg.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bernard Dijkman, Een opperkoopmann van de Verenigde Oost-Indische Compagnie ... het levensverhaal van Seneca Ingersen Baron von Geltingen (1715-1786) (Nederlânsk) Tekst on-line

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It artikel Seneca Inggersen yn de Dútsktalige Wikipedy.