Seine-Maritime
Seine-Maritime | |
---|---|
De lizzing fan Seine-Maritime yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Normandje |
haadplak | Rouen |
grutste plak | Le Havre |
departemintsnûmer | 76 |
hist. namme | Seine-Inférieure |
sifers | |
ynwennertal | 1.255.883 (2018) |
oerflak | 6.278 km² |
befolkingstichtens | 200 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°40′ N 0°50′ E |
webside | www.seinemaritime.fr |
It Frânske departemint Seine-Maritime is ien fan de fiif Normandyske departeminten. It leit yn it noarden fan Normandje en krige syn namme troch de rivier de Seine en de lizzing oan see. Oant 1955 hiet it departemint Seine-Inférieure.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint waard yn 1792 ûnder de namme Seine-Inférieure stifte en bestie doe út sân distrikten: Cany, Caudebec-en-Caux, Dieppe, Gournay, Montivilliers, Neufchâtel, Rouen. Yn 1800 waarden de arrondisseminten Dieppe, Le Havre, Rouen, Neufchâtel en Yvetot oprjochte, de twa lêsten waarden yn 1926 wer opheft. Yn 1955 kirge it departemint syn hjoeddeiske namme Seine-Maritime.
Fan 1960 oant 2015 hearde Seine-Martime by de regio Opper-Normandje, dy't yn 2016 yn de regio Normandje opgyng.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seine-Maritime grinzget oan it suden oan it departemint Eure, dêr't it eartiids Opper-Normandje mei foarme, yn it wêst en it noarden oan It Kanaal en yn it easten oan de departeminten Somme en Oise fan de regio Hauts-de-France.
De wichtichste rivier is de Seine, dy't by Le Havre yn It Kanaal mûnet.
It departemint is te ferdielen yn trije lânskippen: de Seine-delte, it krytplato Pays de Caux en it heuveleftige en kûlissenlânskip fan Pays de Bray.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint Seine-Maritime is te ferdielen yn 3 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 35 kantons en 708 gemeenten.
Arrondissemint | Ynwenners 01.01.2018 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Dieppe | 234.504 | 3.138,45 | 75 | 7 | 345 |
Le Havre | 387.085 | 1.247,39 | 310 | 12 | 149 |
Rouen | 634.294 | 1.941,01 | 327 | 18 | 217 |
Seine-Maritime | 1.255.883 | 6.326,85 | 199 | 35 | 708 |
Stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste plakken binne:
Stêd | Ynwenners 2018 | Arrondissemint |
---|---|---|
Le Havre | 169.733 | Le Havre |
Rouen | 111.360 | Rouen |
Dieppe | 28.561 | Dieppe |
Sotteville-lès-Rouen | 28.958 | Rouen |
Saint-Étienne-du-Rouvray | 28.500 | Rouen |
Le Grand-Quevilly | 25.771 | Rouen |
Le Petit-Quevilly | 22.291 | Rouen |
Mont-Saint-Aignan | 19.262 | Rouen |
Fécamp | 18.251 | Le Havre |
Elbeuf | 16.205 | Rouen |
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2015 | 2018 |
Ynwennertal | 1.035.843 | 1.113.977 | 1.172.743 | 1.193.108 | 1.223.429 | 1.239.138 | 1.248.580 | 1.257.699 | 1.255.883 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Krytrotsen by Étretat -
Fakwurkhûzen yn Rouen -
Notre-Dame fan Rouen
-
Kastiel Dieppe -
Bunker by Fécamp
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|