Santa Maria della Vittoria

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Us-Leaffrouwe fan de Fiktoarje

Santa Maria della Vittoria

Santa Maria della Vittoria in Rome.jpg
lokaasje
lân Flag of Italy.svg Itaalje
plak Flag of Rome.svg Rome
adres Via Venti Settembre, 17
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1605-1620
arsjitekt Carlo Maderno, Giovanni Battista Soria
boustyl Barok

De Basilica di Santa Maria della Vittoria (Us-Leaffrouwe fan de Oerwinning) is in tsjerkegebou yn de Italjaanske haadstêd Rome. De tsjerke stiet oan de Via del XX Septembre yn de wyk Della Vittoria.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Oarspronklik waard de yn de jierren 1605-1620 boude tsjerke oan de apostel Paulus wijd, mar nei de katolike oerwinning yn de Slach op de Wite Berch tsjin it protestantske Boheemske leger waard de tsjerke wijd oan de Hillige Jongfaam.

Neffens de oerlevering naam de karmelyt Dominicus a Jesu Maria in ôfbyld fan de Hillige Famylje út de Slotkapel fan Strakonice mei nei de striid. De protestanten stieken lykwols de ôfbylde persoanen (útsein it bern Jezus) de eagen út, en dat makke de katoliken sa poer dat se ûnder it razen fan "Santa Maria" de heuvel fan it Boheemske leger bestoarmen en folslein ûnder de foet rûnen. Op 8 maaie 1622 waard it ôfbyld, dat bydroech oan de oerwinning op de Wite Berch, yn de nije tsjerke droegen en nei it alter brocht.

Yn de tsjerke hingje Turkske oarlochsflaggen, dy't yn 1683 by it belis fan Wenen ynnommen waarden en fierder bydroegen oan it idee dat Marije oan de kant fan de katoliken stiet en har de oerwinning jout.

De tsjerke is it iennige bouwurk dat de ier-barokke arsjitekt Carlo Maderno ûntwurp en foltôge. De gevel waard lykwols troch Giovanni Battista Soria foarm jûn.

By in brân yn 1833 gyng in diel fan it ynterieur fan de apsis ferlern. Dêrûnder ek it oarspronklike genedebyld fan de tsjerke.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bernini's Ekstaze fan de hillige Teresa

It ienskippige gebou hat in leech ferwulft mei acht sydkapellen. De fersierings binne typysk foar de barokke styl: in soad stúkwurk en kleurd moarmer. It plafondfresko yn de apsis toant de yntocht fan it mirakuleuze ôfbyld yn Praach en is makke troch Luiga Serra. It fresko fan it plafond yn de tsjerke byldet de triomf fan Us-Leaffrouwe oer de ketterij út en is makke troch de bruorren Giuseppe en Andrea Orzi. Yn de kapellen binne in grut tal keunstwurken ûnderbrocht, lykas trije skilderijen fan Domenichino, de lêste keunstwurken dy't er yn Rome makke.

De meast ferneamde keunstwurken binne lykwols yn de twa lêste kapellen foar it koer te finen. Yn de Sint-Joazefkapel (Cappella San Giuseppe) stiet in byld fan Domenico Guidi dat de dream fan Joazef foarstelt. Under it alter lizze de reliken fan de Romeinske martleres Fiktoaria. De tsjerke is lykwols it meast ferneamd fanwegen de "Ekstaze fan de hillige Teresa" yn de Cornaro-kapel, dat yn 1646 makke waard troch Gian Lorenzo Bernini en as ien fan syn moaiste wurken beskôge wurdt. De kapel waard troch de Feneesjaanske kardinaal Federico Cornaro skonken. Opmerklik yn de kapel binne de teätereftige lôges oan wjerskanten fan it alter, dêr't bylden fan famyljeleden fan de kardinaal it spektakel observearje.

De ramen fan de tsjerke datearje út de jierren 1955-1956.

Yn de sakristy binne ferskillende skilderijen te sjen. Dêrûnder in skilderije fan de Slach op de Wite Berch en oare wurken dy't de kriich fan de kristlike legers tsjin de Osmanen (Lepanto, 1571; Petrovaradin, 1716) betinke.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: