Springe nei ynhâld

Slach by Lepanto

Ut Wikipedy
Slach by Lepanto
datum: 7 oktober 1571
útkomst: oerwinning fan 'e Hillige Liga
konfliktpartijen
Hillige Liga
Rep. Feneesje
Spaanske Ryk

Rep. Genua
Hrt. Savoaye
Ghrt. Toskane
Oarder fan Malta
    Tsjerklike Steat
Grykske rebellen

Ottomaanske Ryk
Regintskip Algiers
befelhawwers
Guan d'Austria
Álvaro de Bazán
Luis de Requesens
Carlo d'Aragona Tagliavia
Sebastiano Venier
Agostino Barbarigo
Gianandrea Doria
    Marcantonio Colonna
Ali Pasha
Mahomet Sirocco
sterkte
65.000 man
  • 35.000 soldaten
  • 30.000 matroazen en roeiers
  • 206 galleien
67.000 man
  • 30.000 soldaten
  • 37.000 matroazen en roeiers
  • 222 galleien
ferliezen
7.500–10.000 deaden
15.000 ferwûnen
13 galleien sonken of ferneatige
20.000-25.000 deaden
117 galleien oermastere
20 lytsere skippen oermastere
50 galleien en galjotten ferneatige.
15.000 kristlike slaven befrijd

De Slach by Lepanto fûn op 7 oktober 1571 plak tusken de katolike Hillige Liga fan 1571 en it islamityske Ottomaanske Ryk. De yn 'e Hillige Liga gearwurkjende kristlike Middellânske Seemachten fersloegen ferrassend de float fan it Osmaanske Ryk. It wie ien fan 'e grutste seeslaggen út de skiednis en de lêste grutte seeslach mei galeiskippen. De slach barde tichteby Lepanto, de eardere Italjaanske namme fan 'e Grykske havenstêd Návpaktos oan 'e nauwe yngong fan 'e Golf fan Patras. De opperbefelhawwer oan 'e kant fan 'e Hillige Liga wie Don Juan de Austria (Jehannes fan Eastenryk), oan 'e Osmaanske kant wie dat admiraal Ali Pasja, dy't yn 'e striid omkaam. De seeslach duorre mar ien dei.

Yn 1570 foelen troepen fan sultan Selim II Syprus binnen mei it doel om de Fenesianen út it eastlike part fan 'e Middellânske See te ferdriuwen. Op inisjatyf fan paus Pius V waard der op 25 maaie 1571 in alliânsje foarme fan Spanje en Italjaanske steaten. Op 1 augustus 1571 foel nei in Osmaanske belegering fan fjouwer moanne it lêste Fenesiaanske garnizoen fan Famagusta. Nei de fal fan 'e stêd fermoarden de Turken de measte ynwenners en eksekutearren se de kommandant Marcantonio Bragadin op in ferskriklike manier.

Don Juan de Austria.

Fan july oant healwei septimber 1571 fersammele de float fan 'e Hillige Liga ûnder it opperbefel fan Don Juan de Austria him yn 'e haven fan it Sisyljaanske Messina. It grutste kontingint skippen fan 'e 213 galeien stelde de Republyk Feneesje beskikber. Yn 'e moarn fan 16 septimber farde de float út.

De Osmaanske float wie yntusken al de Adriatyske See ynfearn en in sterk eskader wist yn septimber al oant Zara troch te stjitten. De Turken setten fuortendaliks útein mei plondertochten tsjin de Fenesiaanske bolwurken oan 'e Ioanyske See. Nei't hja yn 'e rekken krigen dat der in kristlike float ûnderweis wie, luts de Turkske float him werom nei de Golf fan Patras. Doe't de kristlike float tusken it eilân Oxia en Kaap Skropha trochsylde, waard se dêr opwachte troch de Osmaanske float, dy't yn 'e nacht fan 6 oktober Lepanto ferlitten hie. De slach fûn súd fan it eardere eilân Koutsilaris plak, by de yngong fan 'e Golf fan Patras. Earst formearren de skippen fan 'e Hillige Liga har by it eilân Oxia, om dêrnei yn in strategyske formaasje de fijân oan te fallen.

By rêstich waar en goed sicht farden de tsjinstanners op 7 oktober 1571 nei inoar ta. Don Juan de Austria fierde 206 galeien oan en hie 28.000 soldaten ta syn beskikking. De float fan 'e sultan wie noch grutter en bestie út 255 galeien en noch 18 lytsere skippen.

De formaasje fan 'e twa floaten
troch: Fernando Bertelli.

De kristlike striidliny wie meardere kilometers breed en yn trije haaddielen ferdield: in súdlike liny, in sintraal en in noardlik diel. Yn it noarden en it midden waarden seis grutte moderne galjassen brûkt, dy't de Republyk Feneesje beskikber steld hie. Se foarmen in wichtige bydrage yn 'e oerwinning fan 'e liga want se koenen mei harren kanonnen kûgels fan grut kaliber ôfsjitte en fanwegen harren hege kanten wiene se tige dreech om te interjen en te oermasterjen. Se wiene net allinne mei njoggen grutte kanonnen oan 'e boech útrist, mar oars as de galeien ek mei kanonnen oan 'e sydkanten fan it skip. Dat betsjutte dat dy skippen ek tichteby de fijannelike skippen ynset wurde koenen en sjitte koene op skippen dy't op 'e side gyngen om oan board te gean.

De opperbefelhawwer fan 'e Turken hie syn skippen ek yn trije haaddielen en noch in reserve-ienheid ferdield. Syn gefjochtsliny wie noch 1000 meter langer as dy fan 'e Hillige Liga. Ali Pasja fierde sels it befel oer it sintrum, lykas Don Juan de Austria oer it sintrum fan 'e Hillige Liga. De rjochter kant stie ûnder befel fan Ali Şuluk Reis, yn it Westen letter as Mehmed Sirocco bekend, en de lofter fleugel waard troch kommandant Uluç Ali Pasja oanfierd.

It flaggeskip Real.

Om 09.30 uur liet Juan de Austria nei in misse in kanonskûgel ôffjurje fan syn flaggeskip Real. Ali Pasja die dat op 'e selde wize fanôf syn flaggeskip Sultana. Doe koe de slach begjinne. De fjoerkrêft fan 'e sintrale galjassen sloegen al gau djippe gatten yn 'e slachoarder fan 'e Ottomanen. Yn it sintrum en fral ek oan 'e noardlike kant ferlearen Turkske galeien harren koers, mei't de roeiers ferwûne rekken of dea wiene. Om 13:20 wiene alle Turkske galeien yn 'e midden fan 'e gefjochtsliny oermastere of ûndergien.

Op 'e súdlike fleugel wie de sitewaasje lykwols yn it foardiel fan 'e Turken feroare. Uluç Ali Pasja slagge der dêr yn de ienheden fan 'e Hillige Liga út te putten en wist de dêr stridende ridders fan Malta yn it definsyf te triuwen en it Malteeske flaggeskip te oermasterjen. Mei't Don Juan fan 'e benaude sitewaasje hearde, liet er fuort in grutte ienheid nei de súdkant ferhûzje. Doe't Uluç Ali Pasja dat seach, wist er dat de slach ferlern wie en spile er mei 30 skippen fan ruten rjochting Konstantinopel, dêr't er de flagge fan it Malteeske flaggeskip oan sultan Selim II oerlange. Hy krige fan 'e sultan de earenamme Kilic (swurd) en stie sûnt bekend as Kilic Ali Pasja.

De oerwinners fan 'e slach, Don Juan d’Austria (1547–1578), Marc Antonio Colonna (1536–1584) en Sebastiano Venier († 1578)

Nei fiif en in heal oere fjochtsjen wie de slach troch de Hillige Liga wûn. Der waarden 117 fijannelike galeien oermastere en mear as 30.000 fijannelike soldaten deade. De Hillige Liga telde sa'n 8.000 deaden, wêrfan allinne al út Feneesje 4.800, en likernôch 8.000 ferwûnen. De Hillige Liga ferlear mar 13 skippen. De Osmaanske hold 30 fan syn skippen oer en mear as 60 oare skippen sonken. Ut de oermastere Osmaanske galeien wist de Hillige Liga 12.000-15.000 kristlike roeislaven te befrijen.

De Slach by Lepanto makke in ein oan it aura dat de Ottomaanske Middellânske Seefloat net te oerwinnen wie. Alhoewol't de oerwinning psychologysk tige wichtich wie, helle de Hillige Liga net it foardiel út de oerwinning fanwegen it ûntbrekken fan in lânmacht.

Op 'e earste jierdei fan 'e islamityske delslach waard yn 1572 it Feest fan 'e Roazekrâns ynsteld om de foarspraak fan 'e Jongfaam Marije by de striid te betinken. Oant op 'e dei fan hjoed bliuwt de dei de katolike betinkingsdei fan Us-Leaffrou fan 'e Oerwinning, letter omdoopt ta Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns.

De flagge fan it Osmaanske flaggeskip fan Ali Pasja yn 'e Santo Stefano dei Cavalieritsjerke fan Pisa.

De Fenesianen woene Konstantinopel ynearsten fuort oanfalle om gebrûk te meitsjen fan it ferswakke Osmaanske Ryk. Mar Filips II sette it yn 'e kant en woe neat fan in beslissende slach tsjin de Turken witte. Yn maaie 1572 ferstoar Pius V, de grutte foarfjochter fan it bûn. Dêrmei kaam der definityf in ein oan 'e Hillige Liga. De Republyk Feneesje stie wer allinne foar it Osmaanske Ryk oer. Om 't de Fenesianen benaud wiene foar in Turkske wraakaksje en Feneesje en it Osmaanske Ryk ek ôfhinklik wiene fan hannel, liket it Feneesje better in ferdrach te sluten mei de sultan.

Al yn in jier tiid hiene de Osmanen harren ferliezen fan 'e float wer goedmakke troch goed 150 nije kriichsgaleien te bouwen en hie sa wer in float fan 250 galeien. Ek bestelde de opperbefelhawwer fan 'e Osmaanske float 20.000 nije heakbusen. Grutfizier Sokollu Mehmed Pasja wie net bot ûnder de yndruk fan 'e delslach en lei de Fenesiaanske ambassadeur yn Konstiantinopel it ferskil tusken jim delslach en ús delslach út mei de wurden:

Mei't wy jimme it Keninkryk Syprus ûntnadere ha, ha wy fan jimme in earm amputearre. Mei jimme oerwinning op ús float ha jimme ús burd ôfskeard. In amputearre earm groeit nea wer oan, mar it burd groeit wer oan en noch tichter as foarhinne.

Al yn 1573 oermasteren de Osmanen Tunis. It duorre lykwols noch lang ear't de Turken harren ferlies fan in soad betûfte kommandanten, kapteinen en seelju kompensearre hiene. Feneesje slette al yn maart 1573 iensidich frede mei de sultan. Om de âlde privileezjes fan 'e hannel yn 'e Levant feilich te stellen wie de priis foar Feneesje heech en moasten se de Turken in hiel ein yn 'e mjitte komme. De Republyk liet alle Turkske kriichsfinzenen sûnder losjild frij en betelle de sultan sels in foarse skeafergoeding foar de Turkske ferliezen. Dêrnjonken krige Feneesje Syprus net werom, dat Turksk bleau.

De Slach by Lepanto bepaalde tenei wol de ferdieling fan 'e ynfloedssfearen yn 'e Middellânske See. De Ottomanen beheinden harren no ta it feilichstellen fan harren hearskippij yn it eastlike diel, wylst de Spaanske, Malteeske en Italjaanske floaten de westlike Middellânske See ûnder inoar ferdielden. It kristlike Europa bleau lykwols oant yn 'e 19e iuw in soad lêst hâlden fan 'e Noard-Afrikaanske Ottomaanske fazalsteaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: