Springe nei ynhâld

Roazekrânsfeest

Ut Wikipedy
Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns, Museo de Bellas Artes, Sevilla.

It Feest fan 'e Jongfaam Marije fan 'e Roazekrâns (Latyn: Festum Beatae Mariae Virginis a Rosario), koartwei it Roazekrânsfeest, wurdt yn 'e liturgy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op 7 oktober fierd.

Paus Pius V (pontifikaat 1566-1572) stelde it betinkingsfeest yn as it 'Feest fan Us-Leaffrou fan 'e Oerwinning', om dêrmei syn tank út te drukken foar de oerwinning fan 'e kristlike float yn 'e Slach by Lepanto op 'e Osmaanske float yn 1571. De dei wurdt op 'e earste snein yn oktober holden. Al twa jier letter feroare paus Gregoarius XIII de namme yn it Feest fan Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns.

Yn it jier 1716, nei de oerwinning fan 'e keizerlike troepen fan it Hillige Roomske Ryk ûnder it kommando fan prins Eugenius fan Savoye op it Osmaanske Ryk en 'e Slach by Peterwardein yn it doetiidske keninkryk Hongarije, waard it feest yn 'e Calendarium Romanum Generale opnommen. Yn 1913 waard de datum 7 oktober fêststeld.

Fral yn Spanje en yn 'e Spaanske en Portegeeske koloanjes waarden in soad tsjerken boud, dy't oan Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns wijd waarden. Ek hiele stêden keazen har as patroanhillige. Yn Tiroal wurdt de earste snein yn oktober ek as Roazekrânssnein oantsjut. Yn ferskillende plakken wurde dêr prosesjes holden.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns fan Wikimedia Commons.