Sankt Maximin (Lütz)

Ut Wikipedy
Sint-Maksiminustsjerke

Sankt Maximin

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
landkreis Landkreis Cochem-Zell
plak Lütz
koördinaten 50° 09' N 7° 21' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Trier
patroanhillige Maksiminus fan Trier
Arsjitektuer
boujier 12e-iuw
Webside
Side Parochymienskip Treis-Karden
Kaart
Sankt Maximin (Rynlân-Palts)
Sankt Maximin

De Sint-Maksiminustsjerke (Kirche Sankt Maximin) is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn it Dútske plakje Lütz yn Rynlân-Palts (Verbandsgemeinde Cochem).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oan Maksiminus fan Trier wijde tsjerke is yn de 12e iuw boud en waard yn 1569 ferneatige troch in brân. De weropbou fûn noch yn itselde jier plak. In oare grutte brân yn 1749 ferwoastge njonken it skip fan de tsjerke ek grutte dielen fan Lütz sels.

Yn 1753 folge op 'e nij in weropbou, wêrby't de noch besteande romaanske toer beholden bleau.

Ynterieur

De barokke sealtsjerke waard yn 1979 restaurearre. By dy restauraasje binne letter oanbrochte farvelagen ferwidere, sadat de tsjerke tsjintwurdich wer yn de steat is sa't dy mear as twahûndert jier lyn wie.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan it ynterieur datearret fan de tiid fan fuort nei de grutte brân fan 1749. It heechalter is wijd oan de hillige Maksiminus, de fyfte biskop fan Trier. Syn byld stiet tusken de dûbele korintyske pylders fan it haadalter. De twa smelle sydalters binne wijd oan de Jongfaam Marije (lofts) en Antonius (rjochts). De houten preekstoel hat in klankboerd dêr't in byld fan Sint-Michael yn gefjocht mei de duvel op stiet.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel is oarspronklik ôfkomstich út de tsjerke fan it eardere Sistersjinzerske kleaster Rosentahl yn it Pommerbachthal tusken Binningen en Wirfus. It kleaster waard mei de sekularisaasje yn 1802 sletten en gyng op in diel fan de kelder fan de kleastermûne nei folslein ferlern.

De ynventaris fan de kleastertsjerke waard ferkocht en it oargel kaam yn 1805 telâne yn Pommern oan de Moezel, dêr't it fjirtich jier stean bleau. Doe kocht de tsjerke fan Lütz it oargel oan, dêr't it hjoeddedei noch jimmeroan stiet.[2]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: