Sandy Wenderhold
Sandy Wenderhold | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sandy Wenderhold | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 febrewaris 1968 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouster, pornoprodusinte | |
jierren aktyf | 1998 – no |
Sandy Wenderhold (Amsterdam, 29 febrewaris 1968) is in Nederlânsk útjouster en filmprodusinte fan pornografy.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wenderhold waard yn 1968 yn Amsterdam berne as de dochter fan pornoprodusint Jan Wenderhold, dy't al sûnt 1965 aktyf wie yn 'e Nederlânske pornoyndustry. Yn 1968 rjochte er mei syn doetiidske kompanjon Joop Wilhelmus it pornografyske tydskrift Chick op. Nei't de beide mannen spul krigen hiene, ferskynden der jierrenlang twa ferskillende edysjes fan Chick: dy fan Wilhelmus yn Doardt, en dy fan Wenderhold yn Wormerfear. Uteinlik kocht Wenderhold de 'Doardter' ferzje op en brocht de titel Chick ûnder yn it troch him oprjochte bedriuw Sansyl B.V., dat er ferneamde nei syn dochters Sandy en Sylvana.
Sandy Wenderhold folge yn 1998 har heit op as haadredaktrise fan Chick en algemien direktrise fan Sansyl B.V., dat doe fêstige wie yn Utgeast. Wenderhold, dy't sels mem fan fjouwer soannen is, fertelde yn 2006 yn in fraachpetear dat se sels eins frijwat keken (preuts) is. Yn har jonkheid hearde se as tennisster ta de top fan Nederlân, mar se joech har sportkarriêre oer om't se in grouwéligen hekel hie oan it geduerige reizgjen nei toernoaien. It blêd Chick, dat oan 'e ein ta it 'flaggeskip' fan Sansyl B.V. bleau, waard yn 2008 opdoekt. Sansyl omfiemet fierders ek twa ynternetbedriuwen, in postoarderbedriuw, in fotostudio en twa útjouwerijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|