Springe nei ynhâld

Samara

Ut Wikipedy
Samara
Samara oan de Wolga
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Samara
Sifers
Ynwennertal 1.136.709 (2022)
Oerflak 541.4 km²
Befolkingstichtens 2.099,32 / km²
Stêdekloft 2.700.000
Hichte 100 m
Oar
Stifting 1586
Simmertiid (UTC+4)
Koördinaten 53° 11' N 50° 07' E
Webside Side fan de stêd

Samara (fan 1935 oant 1991 Kûjbysjev) is in stêd yn de ekonomyske regio Wolga yn Ruslân. De stêd is it bestjoerlike sintrum fan it oblast Samara. Yn Samara wenje 1.156.644 minsken (2019) en it is dêrmei de njoggende stêd fan it lân. De stêd leit in lytse tûzen kilometer eastlik fan Moskou op it plak dêr't de Samara-rivier yn de Wolga streamt. De stêdekloft Samara hat in ynwennertal fan mear as 2,7 miljoen minsken.

De namme fan de stêd wurdt foar it earst yn 1361 yn in russyske kronyk neamd. Op in yn 1367 makke kaart fan de Wolga troch de Feneesjaanske keaplu Francesco en Dominico Pizzigano wurdt Samara as in delsetting oantsjut.

Yn 1586 waard útein set mei de bou fan in fêsting oan de Wolga, dy't it "Samara-stedsje" neamd waard. De fêsting moast it lân beskermje foar oanfallen fan nomaden en de wetterrûte fan Kazan nei Astrachan feilich stelle. Oan it begjin beskermen houten peallen mei skerpe punten en wachttuorren mei sjitgatten de lokaasje, dêrnei waard it in kremlyn mei in tsjerke en ek wen- en bedriuwsgebouwen foar de takomstige befolking. Yn 1636 wie de fêsting al 1700 meter lang en 350 meter breed. It "stedsje" waard yn 1689 offisjeel in stêd. Samara wie yn dy snoarje net allinne mear in wichtich militêr bolwurk, mar ek in drokke haven foar de russyske hannel mei it easten.

Yn 1709 wie Samara de njoggende stêd fan it Kazaner Gûvernemint, mar fanôf 1719 foel Samara ûnder it Astrachaner Gûvernemint. De stêd wie yn dy tiden in sintrum fan twa grutte opstannen ûnder de boeren tsjin it tsarendom. It leger fan de opstanneling Stefan Razin oermastere yn 1670 Samara en yn 1773 wie de Samara de earste stêd dy't de kant fan Jemeljan Pûgatsjov keas.

De stêd op in âlde aansichtkaart

Yn 1851 waard Samara de haadstêd fan it gûvernemint Samara. Doedestiids hie de stêd 15.000 ynwenners en wie de stêd it belangrykste sintrum fan it Ryk foar de bou fan weet. Alle wiken wiene der op twa pleinen grutte merken en dêrnjonken wiene der nochris trije jiermerken dy't ol tsien dagen duorren, twa yn de simmer en ien yn de hjerst. De stêd waard yn 1877 oansletten op it spoar. Fanôf de earste helte fan de 19e iuw begûn de ûntwikkeling fan de mûne-yndustry yn de stêd. Oan it begjin fan de 20e iuw wie Samara al Ruslâns grutste ferwurkingssintrum fan nôt. Yn 1917 hie de stêd al 90 yndustriële bedriuwen, in meganyske bakkerij en in nôtopslach mei in folume fan 3,5 miljoen pûd (1 pûd stie lyk oan 16.38 kilo). Troch de geunstige geografyske lokaasje fan de stêd waarden it Donetsbekken en de Oeral ien fan de wichtichste leveransiers fan metalen, wat de bou fan masjinefabrieken en metaalferwurkjende bedriuwen befoardere.

Monumint foar Iljûsjin Il

De oktoberrevolúsje ferrûn reedlik fredich yn Samara, mar yn juny 1918 wisten de Witen mei stipe fan in Tsjechoslowaaksk korps de bolsjewiken ôf te setten. De macht gyng fjouwer moannen oer op it Komitee fan de Konstitúsjonele Ried (Konmûtsj), dy't stribbe nei de restauraasje fan de boargerlike demokrasy. It Reade Leger brocht de stêd yn novimber fan itselde jier wer ûnder de kontrôle fan de Sovjet-macht.

Yn it ramt fan de Stalinistyske planekonomy fûn yn Samara de grutte yndustriële weach fral plak yn de jierren 1920-1930. Samara waard yn 1928 nei it opheffen fan it gûvernemint Samara it sintrum fan de oblast Midden-Wolga. De stêd krige yn 1935 in oare namme en waard ferneamd nei de revolúsjonêr en partijfunksjonaris Valerian Kûjbysjev. Dat bleau sa oant nei de fal fan de Sovjet-Uny doe't stêd de âlde namme werom krige.

Koart foar de Slach om Moskou waard it beslút nommen om in diel fan it regear, de militêre lieding en de diplomasy oer te bringen fan Moskou nei Kûjbysjev. Ek in soad keunstners ferhûzen nei de stêd en foar Stalin waard de Stalin-bunker op in djipte fan 37 meter boud. De bunker is tsjintwurdich in museum, mar Stalin hat nea yn de bunker sels sitten. Al oan it begjin fan de Dútske oanfal op de Sovjet-Uny ferhûzen grutte bedriuwen nei de stêd, dêr't ek wapens en munysje produsearre waard. Sa waarden bygelyks mear as 30.000 Iljûsjin Il-2-tastellen oan de loftmacht levere.

Kûjbysjev groeide nei de kriich sterk en waard doe ien fan de grutte yndustriële en kulturele sintra fan de Sovjet-Uny. Dêrnjonken waard de stêd ek in wittenskipplik sintrum mei tsien hegeskoallen en fjouwer universiteiten.

Kulturele libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Drama Teäter

Lev Tolstoj kocht in lângoed by de Wolga, dêr't er mei syn famylje simmerdeis wie. De romanskriuwer Aleksej Tolstoj wenne yn syn bernetiid en jongerein yn Samara. De karriêre fan Maksim Gorki sette yn Samara útein mei in oanstelling by de krante fan Samara. Yn de tiid fan de boargerkriich wurke de tsjechyske skriuwer Jaroslav Hašek yn de stêd.

Yn de stêd wennen in soad skilders, lykas Ilja Repin, Vasili Soerikov en Ivan Ajvazovski. Symfony nr. 7 fan de komponist Dmitri Sjostakovitsj waard foar it earst yn de Twadde Wrâldkriich yn de stêd útfierd. Yn deselde tiid ûntstiene fjouwer profesjonele teäters, wêrfan't twa yn it hiele lân ferneamd binne: it Gorki-teäter en it Opera- en Ballethûs.

De musea fan Samara bewarje kostbere samlings en unike keunstwurken.

Arena fan Samara

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It binne benammen de omkriten, it lânskip fan de Wolga, dy't in besite oan de stêd wurdich meitsje. De stêd leit oan in 50 kilometer lang strân oan de rivier en de lange promenade oan de Wolga en it útsicht op it geberchte oan de oare kant fan de rivier.

Ut de tiid fan Stalin datearret de Stalinbunker. De bunker waard yn it geheim oanlein en om tefoarren te kommen dat immen it wurk opfalle soe waard de útgroeven grûn troch tunnels ôffierd. Pas nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny waard it bestean fan de bunker buorkundich makke. Fierder binne der monuminten út de 19e iuw dy't it besjen wurdich binne.

De Arena fan Samara is it stadion dat foar it Wrâldkampioenskip 2018 boud waard. It stadion leit op it heechste punt fan de stêd en wurdt ek wol Kosmos-Arena neamd, om't it stadion op in stjer of in romteskip liket.

Spoarbrêge'
Stalin-bunker'
Keunstmuseum

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwenners
1897 89.999
1926 172.000
1939 390.488
1959 806.356
1970 1.044.849
1979 1.216.233
1989 1.254.460
2002 1.157.880
2010 1.164.685
2019 1.156.644
Etnisiteit % fan de befolking
Russen 90%
Tataren 3,6%
Mordvinen 1,1%
Oekraïners 1,1%
Tsjûvasjen %

Samara is in multikonfesjonele stêd. De stêd telt otterdokse, katolike en Armeenske tsjerken en tsjerken foar ferskate protestantske denominaasjes. Dêrnjonken hat de stêd in synagoge en in moskee.

De yn 1932 ferneatige Kristus de Ferlosserkatedraal

De grutste groep leauwigen binne otterdokse kristenen. De earste otterdokse tsjerke fan Samara waard boud mei de stifting fan it fort yn de 16e iuw. Yn 1782 hie Samara fiif tsjerken en tsjin it ein fan de 19e iuw al 46. De belangrykste otterdokse tsjerke wie de majustueuze Kristus de Ferlosserkatedraal mei tolve koepels út 1869. De katedraal waard yn 1932 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it Opera en Ballet Teäter.

Sûnt it begjin fan de 19e iuw hat Samara in katolike mienskip, dy't benammen út Poalen bestie. In earste katolike tsjerke waard boud yn de twadde helte fan de 19e iuw. It neogoatyske gebou waard yn de jierren 1920 sletten en krige ferskillende funksjes fan in Poalske skoalle oant in bioskoop. De Hillich-Hert fan Jezustsjerke waard nei 1994 werom jûn oan de katolike mienskip.

Grutte Synagoge

Foar de benammen fan Dútske lutheranen waard yn 1865 in lutherske tsjerke iepene. It ûntwerp fan de lutherske tsjerke is yn goatyske styl en giet werom op de Dútske midsiuwske basiliken. De tsjerke waard yn de jierren 1930 sletten en tsjinne foar in lange tiid as atelier foar keunstners. Op 19 augustus 1991 waard de Evangelysk-Lutherske mienskip offisjeel op 'e nij registrearre yn Samara.

Tusken 1998 en 2003 waard foar de Armeenske mienskip de Hillich Krústsjerke boud. By de tsjerke stiet in monumint foar de slachtoffers fan de Armeenske genoside yn 1915 en foar de slachtoffers fan de ierdskodding yn Armeenje fan 1988.

Oan it begjin de 20e iuw wennen der goed 1.500 joaden yn de stêd. De bou fan de Grutte Synagoge yn Moarske styl sette yn 1903 útein en duorre fiif jier. It is ien fan de grutste synagoges fan it Wolga-gebiet. De synagoge waard sletten yn 1929 en omdoopt ta in kultuerhûs. Troch emigraasje fan in soad joaden nei de Feriene Steaten, Kanada en Israel yn de jierren 1970-1980 sakke it tal joaden fan Samara fan goed 17.000 yn 1959 oant likernôch 11.400 yn 1989. De Grutte Synagoge waard yn 2002 werom jûn oan de joaden fan Samara. In joadske organisaasjes finansierre de rekonstruksje fan it monumintale gebou. Njonken de Grutte Synagoge binne der noch twa synagoges.

Tsjin it ein fan de 16e iuw setten de earste moslims harren yn Samara nei wenjen. De earste moskee datearre út 1856. Yn 1907 folge de bou fan in twadde grutte moskee. De twa moskeeën waarden yn de jierren 1930 sletten en healwei de jierren 1960 waard de grutte moskee sloopt om plak te meitsjen foar in sirkusgebou. Op 28 novimber 1999 waard foar de islamityske mienskip in nije moskee iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Самара
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Samara