Astrachan

Ut Wikipedy
Astrachan
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
oblast Astrachan
Sifers
Ynwennertal 518.695 (2022)
Oerflak 208,70 km²
Befolkingstichtens 2485,48 ynw./km²
Hichte 150 m
Oar
Stifting 1558
Tiidsône UTC+4
Koördinaten 46° 20' N 48° 02' E
Webside www.astrgorod.ru

Astrachan (Russysk: Астрахань) is in stêd oan de Wolga yn Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokaasje wie al sûnt de 6e iuw bekend as in plak tusken Europa en lannen oan de Kaspyske See, dêr't guod oerslein waard. Dêrfan tsjûget ek de oantsjutting 'astrachan' foar it slaggerige hier fan de Karakul-skiep, dy't dêr in soad ferhannele waarden. Foar in skoft wie it de haadstêd fan it Tataarske kanaat Astrachan, mar sûnt de 13e iuw kolonisearren Wolga-Tataren it gebiet en doe stie it bekend as Aschtarchan.

Sûnt 1554 is it gebiet Russysk en yn 1556 liet tsaar Ivan de Grousume de âlde stêd platbaarne. De stêd waard 1558 in 12 kilometer súdliker wer opboud as in fort om in strategysk plak op in heuvel, omseame troch de Wolga. In Tataarsk-Osmaanske oanfal op de stêd yn 1569 mislearre en yn 1582 waard it houten fort troch in stiennen kremlyn mei acht tuorrren en in karavaanseray ferfongen.

De stêd yn de 17e iuw (Pieter van der Aa)

Om it kremlyn hinne ûnstiene delsettings (sloboda's) fan Russen, Tataren en Armeenjers. It kremlyn oan de râne fan it Russyske tsareryk moast beskermje tsjin oanfallen fan Kozakken, dy't oan de Don, Terek en Wolga wennen, Tataren en oanbuorjende kanaten, lykas it Krim-Kanaat. By de opstân fan 1605-1606 slagge it de Don-Kozakken ûnder Stenka Razin en oermasterje de stêd, mar troepen fan it regear herstelden letter de oarde en troch ferried koe Stenka Razin finzen nommen wurde. Op 16 juny 1671 waard er yn Moskou ombrocht.

Yn de rin fan de 17e iuw ûntwikkele Astrachan him fral as oerslachpunt foar de ynternasjonale sidehannel, wylst foar it Russyske Ryk fral sâlt en fisk de belangrykste produkten wiene. Sûnt 1717 waard de stêd de haadstêd fan it gûvernemint Astrachan. In nije ekonomyske stimulâns krige de stêd sûnt 1722, doe't Peter de Grutte in admiraliteit, in werf, in nije haven en in float bouwe liet. Ek fiskerij op steur brocht in soad wolfeart.

Astrachan rekke yn de 19e iuw ekonomysk yn it neigean. Yn 'e hjerst fan 1823 wie der goalera-epidemy, de earste kear dat goalera yn Europa fêststeld waard. Yn 1829 wie der in folgjende útbraak fan goalera en wat letter wiene der gefallen yn Moskou. Tsjin it ein fan de 19e iuw brocht de winning fan ierdoalje yn Bakû wer opgong.

Yn de Russyske Boargerkriich fan 1918 oant 1920 wie der tusken de Witen en de Readen striid om de stêd. De stêd waard nei de revolúsje troch de bolsjewistyske autoriteiten weryndield by it noardliker lizzende oblast Wolgograd, mar yn 1943 wer haadstêd fan de hjoeddeiske oblast.

As it súdlike útein fan de saneamde AA-liny, de troch de nazy's fêstelde eastlike grins fan it Tredde Ryk, wie Astrachan in doel fan de Dútske oanfal op de Sovjet-Uny. Yn 'e simmer fan 1942 bombardearre de Luftwaffe de stêd en de oaljeraffinaderijen. In ienheid fan de Wehrmacht nadere Astrachan op 16 septimber 1942 oant op 35 kilometer súdwestlike fan Narimanov, dat nei alle gedachten it meast eastlike punt wie dat de Dútske Wehrmacht yn de kriich wist te berikken. Yn de stêd wie it kamp 204 foar Dútske kriichfinzenen.

De stêd fierde yn oktober 2008 it 450-jierrich jubileum.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1811 1863 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2022
Befolking 37.800 42.800 112.880 253.595 295.768 410.473 461.003 509.210 504.501 520.339 518.695

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Astrachan hat in kontinintaal steppeklimaat mei hite simmers en kâlde winters. De ekstreemste temperatueren fariëarje fan 41,0 °C simmerdeis oan −33,6 °C winterdeis.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Astrachan is ryk oan arsjitektuer en it neamen wurdich binne it kremlyn en ferskillende katedralen en tsjerken, it beursgebou en de gebouwen fan it stedsbestjoer. Fierder hat de stêd seis moskeeën.

De stêd hat meardere musea dy't in besite wurdich binne, lykas in keunstmuseum, in hiemkundich museum, it Museum fan de Twadde Wrâldkriich en it Chlebnikov-Museum.

It nasjonale Opera- en Balletteäter fan Astrachan waard op 27 oktober 2011 iepene, it is ien fan de grutste teäters fan Europa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Astrachan